Hoofdtekst
Myn suster hat as lyts famke bitsjoend west. Doe gongen se mei har nei Wopke ta, dy't yn Kûkherne wenne. Wopke stie by de hekke.
Hy sei tsjin mem: "O, ik wit wol, hwer't jo foar komme."
"Né," sei myn mem, "dat wite jo nèt."
"Ja," sei Wopke, "dat wyt ik wòl." Doe sei er: "Jow my dat bern mar oer. Gean jo mar nei myn frou ta."
Doe gong Wopke mei 't bern nei 't hok. Doe't se dêr yn wienen raesde 't bern moard en brân.
Doe kommen se dêr wer wei, doe sei er tsjin mem: "Hjir is in drankje. Tink der om dat gjin ien it ûnder egen kriget, hwant dan is it neat mear wurdich."
It drankje hat myn suster holpen, sy is genezen.
De tsjoenster hie har in apel jown, dêr wie se troch bitsjoend rekke. Sa'n apel foroaret dan yn in pod.

Beschrijving
Behekst meisje geneest door een drankje van duivelbanner, die al weet waar de moeder voor komt. Niemand mag het drankje zien. Heks heeft het kind een appel gegeven die in een pad verandert.
Bron
Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Wopke   
Naam Locatie in Tekst
Kûkherne   
Kuikhorne   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21