Hoofdtekst
Mar Oene Krop wie ek in greate tsjoender. De minsken doarsten him net yn 'e hûs to litten en net by it fé. Hy makke se samar siik.
Myn broer wenne yn Ljouwert. Hy hie in jonkje, dat wie altyd siik en gammel. It wie noait fleurich lyk as oare bern. It siet echt yn 'e pogge. It woe net boartsje en it wie mear dea as levend.
Doe kom dêr ris in swager fan myn broer, dy sei: Jow my dat kessen ris, dan wol ik ris sjen hwat dêr yn sit. Doe foun er dêr in fearrene krâns yn, dy wie noch net earlik klear. Doe barnden se dy krâns op.
Mar hwa kaem der doe yn? Oene Krop. Dat wie de tsjoender.
"Hwat is hjir gebeurd?" sei er.
De âld man hat der noait in foet wer set. En it bern knapte op en woarde hielendal wer better.

Beschrijving
Tovenaar kan mensen en dieren ziek maken. In het kussen van een ziekelijk kind wordt een veren krans gevonden die nog niet af is. Als de krans wordt verbrand komt de man binnen die het kind heeft betoverd. De man is nooit meer geweest, het kind werd helemaal beter.
Bron
Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Oene Krop   
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Leeuwarden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21