Hoofdtekst
Myn skoanmem hat bitsjoend west. Baeije hiet se. Hja wie siik. Men makke it kessen iepen en dêr sieten krânsen yn. Doe binne se nei de duvelbander ta gong. Dat wie Piter Poes. Dy wenne yn Sumarreheide. Hy kaem mei de hounekarre by Baeije op 'e Wâl. Hy hie in koedek oer. Krekt as sjoch ik him nòch wol yn 'e karre sitten.
Doe't er de saek dêr bihandele hie moast Baeije op 'e poat. En doe pisse se in pod yn 'e poat. Dat seit hiel Feanwâldsterwâl nòch altyd: Baeije pisse in pod yn 'e poat.
Doe't Piter Poes werom ried rekke er mei beide hounen yn 'e feart. Ik haw noch mei holpen om him der wer út to krijen.

Onderwerp
TM 3109 - Heksenkrans in kussen   
Beschrijving
Schoonmoeder is betoverd geweest, in haar kussen zaten kransen. Nadat de duivelbanner haar heeft behandeld plast ze een pad uit.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1086, verhaal 8 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
19 maart 1974
Heksenkrans in kussen
Naam Overig in Tekst
Piter Poes   
Baeije   
Naam Locatie in Tekst
Sumarreheide   
Suameerderheide   
Wâl   
wal   
Feanwâldsterwâl   
Veenwoudsterwal   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21