Hoofdtekst
Myn swager hie in jong hynder. Dêr wie er greatsk op en ek tige mâl mei, hwant it hynder wie och sa gehoarsum. Hy sei: "It hynder hat noch noait hwat wegere. Dy lit neat stean."
Doe't er dat sei, wie Jehannes krekt oan 't baeldertellen. Doe't de wein fol wie mei baelders soe myn sweager der mei fuort.
"Fuort", sei er tsjin 't hynder. Mar 't hynder bleau stean. Doe sei Jehannes: "It hynder kin 't net dwaen, hy bliuwt stean." "Hoe soed er it net dwaen kinne," sei myn sweager, "hy hat wol folle swierder frachten lutsen."
"Hy kin dìt net dwaen", sei Jehannes. "Ik sjoch it wol", en hy kom fan 't skip mei baelders. Doe rearde hy hwat foar 't tsjil wei, dat neat to bitsjutten hie, en sei: "Nou kin er 't wol dwaen." En dêr roan it hynder hinne. Doe krige myn sweager it yn 'e gaten dat it Jehannes syn kunsten wienen.

Onderwerp
SINSAG 0666 - Zauberer bannt an den Ort.   
Beschrijving
Man zet paard vast, en laat het paard gaan.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1087, verhaal 9 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
21 maart 1974
Zauberer bannt an den Ort
Naam Overig in Tekst
Jehannes   
Johannes   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21