Hoofdtekst
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Dat koe âlde Minne Ael ek. Dat wie in tsjoenster. En Minne Brecht wie èk in tsjoenster.
Ael hie in soan, dat wie Hindrik. Se wennen yn 'e Kule. Dêr wennen Wytse en Gjertsje ek.
Op in joun rekken der by Wytse en Gjertsje twa fremde katten yn 'e kelder. Dy ramaeiden dêr yn it guod om. Wytse sette mei in ynstrumint achter dy katten oan. De lytste fan 'e beide katten, dy koe ûntkomme, mar de greate kat dy krige in mep.
De oare deis gong Wytse nei Minne en Brecht ta, de moarns. Hy helle Minne altyd oan om nei 't wurk ta. Mar dy moarns sei Minne tsjin Wytse: "Ik kin fan 'e moarn net fan hûs, hwant Brecht is siik."
"Ja, duvel," sei Wytse, "ik ha se justerjoun noch mar ien pik jown. Mar as se wer by my komt, dan bliuwt se lizzen." (Brecht hie har yn in kat foroare.)
Brecht hie in doek om 'e holle hawn.
Onderwerp
TM 3104 / SINSAG 064   
Beschrijving
Aantal vrouwen worden als heks gezien, die zich in katten kunnen veranderen. Man weet een kat die in zijn kelder zit, een klap te geven. De volgende ochtend is één van de vrouwen ziek, ze heeft een doek om haar hoofd.
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Minne Ael   
Minne Brecht   
Hindrik   
Hendrik   
Wytse   
Gjertsje   
Brecht   
Naam Locatie in Tekst
Ael   
Aal   
Kule   
Kuil   
Minne   
