Hoofdtekst
Bindert Feikes Wouda wenne oan 'e Keale Wei tusken Surhústerfean en Doezum yn. Dy hie in soan, dy wie ûnbidige sterk.
Op in kear, wylst Bindert mei in wein mei strie ûnderweis wie, hienen twa plysjes him oppakt en meinaem. Se soenen him nei Bûtenpost ta bringe, nei de marechausseekaserne omt er yn oertreding west hie.
Dat woarden Bindert syn soannen gewaer. Trije soannen en in neef setten der mei in wein achteroan en doe hellen se Bindert en de beide plysjes yn Surhuzum fan achteren yn.
Ien fan dy twa plysjes hie yn 'e Oast west en koe omraek skermje. Doe't er de jonges oankommen seach, luts er syn sabel, hwant hy tocht: nou komt it der aenst op oan. Hy wie der op klear dat der fochten wurde soe.
Mar dy iene soan fan Bindert sprong ûnder 't riden wei, sa linich as in swipe en sterk as in dyk, fan 'e wein en wie yn in tel by de plysje, dy't de sabel lutsen hie. Hy grypt de plysje, sûnder dat dy tiid hat de sabel to brûken en smyt dy plysje wol fiif meter oer de wei.
De plysjes koenen neat bigjinne en sy moesten Bindert gean litte.
Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Bindert Feikes Wouda   
Bindert   
Oast   
Naam Locatie in Tekst
Wouda   
Surhústerfean   
Surhuisterveen   
Keale Wei   
Kaleweg   
Buitenpost   
Surhuzum   
Surhuizum   
Oost   
