Hoofdtekst
Bontsje Keke wie it fremdste mantsje fan 'e Westerein.
Ik en myn broer hienen moalhandel. Wy brochten wol mais en koarnmoal en sa by him en dan die hy ús de forhalen.
Hy fortelde altyd oer syn bilevenissen by nacht.
Hy wenne by 't spoar. Elkenien koe him.
Keke moest nachts wit hoe faek út bêd wei. Dan moest er in bigraffenis sjen. Meastal wie dat op it tsjerkhôf en dat wie wit hoe fier rinnen. Ik ha wolris tsjin him sein: jo moesten hwat tichter by it tsjerkhôf wenje, man, dan hienen jo 't folle makliker. Soms moest hy der trije nachten yn ien wike hinne. Dan wist er altyd to sizzen hwa't der stjerre soe. Hy telde de manlju en de froulju dy't achter 't lyk oan roannen en 't kom altiten krekt út.
Hy hat wol prebearre lizzen to bliuwen, as it wer sa fier wie. Mar 't joech him neat, hy moest der út. Hy waerd jage en dreaun. Se sieten altyd achter him oan.
Soms tocht er: ik bliuw dochs lizzen. It joech neat. En dan moest er hiel hurd. Dan gong er soms skean de lânnen troch om mar op tiid to kommen. De hekken gongen fansels foar him iepen, seinen se. Wol in biwiis, dat er it sjen moèst.
Keke mat froeger hiel hwat op syn kerfstok hawn ha. Syn eigen suster fortelde dat der gjin greater stjonkert wie as Keke. It wie in echte minnen-ien. Hy hat hiel hwat bileefd.
Oer 't algemien seinen se dat dit de straf wie foar alle kwea dat er útheefd hie. Dêrom moest er alles sjen.
Twa dochters fan him binne forsûpt. Dat hat Keke ek fan tofoaren sjoen.
Hy roan soms sa hurd er mar koe, nei 't tsjerkhôf ta. Dan hie er de klompen út. Hy mocht net omsjen. As er omseach dan wienen der hounen, dy't him bieten.
De hounen sieten him altyd op 'e hielen as er nei 't tsjerkhôf gong. Dy hounen wienen hantlangers fan 'e duvel.

Onderwerp
SINSAG 0481   
Beschrijving
Man moet 's nachts opstaan om begrafenissen te zien, meestal op een kerkhof. Hij weet ook wie er sterven gaat, ook ziet hij van te voren dat zijn twee dochters zullen verdrinken. Het verhaal gaat dat de hekken vanzelf voor hem open gaan. Alles wat hij meemaakt is een straf voor al het kwade dat hij heeft gedaan. Als hij er op uit gaat mag hij niet omkijken, anders wordt hij gebeten door de honden, handlangers van de duivel, die hem opjagen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1092, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
2 april 1974
Leichenzug gesehen
Naam Overig in Tekst
Bontsje Keke   
Naam Locatie in Tekst
Westerein   
Zwaagwesteinde   
Keke   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21