Hoofdtekst
Krekt as lei 't him sa by, dat dy mannen net folle goeds yn 't sin hienen. Hy hie in hountsje by him. Der lei flak by yn 'e wâl in skou oer de kop. Hy tocht: "dêr krûp ik ûnder." It hountsje gong der mei him ûnder en it dier hâldde him stil.
Doe gongen dy twa man, dy't der oankamen op dy omkearde skou sitten, dêr't hy ûnder lei. Hy tocht: "Ik mat stil lizzen bliuwe."
De iene man dy't op 'e skou siet, sei: "Wy matte him heal dea slaen."
"Né," sei de oare, "hy mat dea."
De man dy't ûnder 'e boat lei, koe de stimmen. Hy wist hwa't it wienen.
Doe sei de iene: "Wy matte mar in eintsje de Boppewei út, dan sjogge wy him wol oankommen."
Doe't se de boat forlitten hien, klaude hy hurd ûnder 'e boat wei en hy stevene nei it earste it bêste arbeidershúske nei de kant fan Feanwâlden út, dat er seach. Mar de beide oaren krigen him yn 't fezier. Dy der achteroan. Hy wie krekt binnendoar, doe wienen de mannen ek oan 't húske ta. Hy koe krekt fan tofoaren binnen komme.
De oare moarns kamen syn beide arbeiders by him op it wurk.
Doe sei er: "Nou kinne jimme wol wer fuort gean."
Se krigen dien. It wienen de twa, dy't him formoardzje wold hienen.
Dy man wie de heit fan Piter Ykes Hoekstra.
Onderwerp
VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Piter Ykes Hoekstra   
Pieter   
Naam Locatie in Tekst
Feanwâldsterwâl   
Veenwoudsterwal   
Rinsumageest   
Godloas Singel   
Goddeloze Singel   
Boppewei   
Boevenweg   
Feanwâlden   
Veenwouden   
