Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ109402

Een sage (mondeling), donderdag 04 april 1974

Hoofdtekst

Us heit wie stuolwynder, dy swalke alles ôf om stuollen to reaparearen. Hy die alles to foet.
Sa kaem er ek ris in kear yn Kollumersweach by ien, dy hie in soan dy't syn forstân net hie.
Dy man makke in praetsje mei ús heit. Hy hiet fan Kees Veenstra, mar de minsken neamden him Bontsje Keke.
Hy sei tsjin heit: "Ik ha hwat meimakke fannacht.
Der waerd ûnder tsjin 't bêd oanstompt, mar ik bleau lizzen. Doe woarde der foar de twadde kear kloppe. Ik bleau nòch lizzen. Doe hearde ik it de trêdde kear. Doe bin ik der út gien. Oars waerd ik der út set.
Ik ha my oanklaeid en de doar waerd foar my iependien. Ik bin der achteroan gien en de hikke waerd foar my iependien, en doe't ik by it hûs kaem, dêr't ik hinne dreaun waerd, wie dêr ien overleden.
Doe bin 'k allinne wer nei hûs ta gien. Hy die de hekke wol wer foar my iepen, ek werom, mar ik ha noait in minske sjoen op 'e weromreis."
Wylst er dat fortelde, wie heit oan 't stuolwinen.

Onderwerp

SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.    SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   

Beschrijving

Man vertelt dat op een nacht tegen de onderkant van zijn bed werd geslagen. Na de derde keer staat hij op, want anders zou hij er worden uitgezet. De deur en het hek worden geopend, en hij wordt naar een huis gedreven waar iemand is overleden. Op de terugweg wordt het hek weer voor hem geopend, maar hij heeft niemand gezien.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1094, verhaal 2 (Archief meertens Instituut)

Commentaar

4 april 1974
Andere Todesvorzeichen

Naam Overig in Tekst

Bontsje Keke    Bontsje Keke   

Kees Veenstra    Kees Veenstra   

Naam Locatie in Tekst

Kollumersweach    Kollumersweach   

Kollumerzwaag    Kollumerzwaag   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21