Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ109405

Een sage (mondeling), donderdag 04 april 1974

Hoofdtekst

Heit fortelde, op it Skier yn 'e Westerein, dêr wenne Gerrit Veenstra. Dy syn heit, dat wie Fokke Veenstra. Dy wie fuorman en ôfgryslike sterk.
Se wienen ris yn 'e Westerein mei it spoar oan 'e gong. Der waerden nije rails tusken lein. Dat wienen hiele lange einen. De spoarwurkers, dy't dêr mei dwaende wienen, hienen heard dat Fokke tige sterk wie. Se wienen mei in man of acht. Doe seinen se: "Wy sille him ris topakken ha."
Hja wisten dat hy der oan kaem mei syn wein, hy moest dêr lâns. As hja de izeren rail dwars oer 't paed leinen koe 't kedtsje der net oer komme, en dan koe Fokke net fierder. Mei har achten leinen se de rail dêr del.
Fokke hie 't wol sjoen. Doe't er noch fiif meter fan 'e rail ôf wie, sei er tsjin 't kedtsje: "Ho!" Hy makke de kedde los. Doe gong er nei de staef izer ta, dy tilde er yn 'e midden op en lei him moai yn 'e lingte oan 'e kant fan 'e spoarsleat.
De acht man hienen dat allegear sjoen.
Doe sei Fokke: "Jimme soenen Fokke topakken ha, mar hy rêdt der wol mei."
Doe wie Fokke al in âld man.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Arbeiders aan het spoor proberen een sterke man beet te nemen door een rail dwars over de weg te leggen zodat hij er niet met paard en wagen langs kan. Waar de arbeiders met z'n achten de rails moeten oppakken, pakt de sterke man de rails alleen op.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1094, verhaal 5 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

4 april 1974
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Skier    Skier   

Gerrit Veenstra    Gerrit Veenstra   

Fokke Veenstra    Fokke Veenstra   

Fokke    Fokke   

Naam Locatie in Tekst

Westerein    Westerein   

Zwaagwesteinde    Zwaagwesteinde   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21