Hoofdtekst
Us mem fortelde, hja hie ris mei ien fan myn susters by in minske west to praten. Myn suster hie doe sa'n oardel jier âld west. Mem droech har op 'e earm.
Hja hie in apel fan dat minske krigen, mar dat wie in tsjoenster. It famke hie der in stik ôfbiten en dat opiten. Doe wie se bigoun to razen, en dat hâldde mar oan. It bern wie bitsjoend.
Doe gongen se mei har nei de duvelbanner ta. Dat wie Ulke, dy wenne oan 't Wyldpaed. Doe't mem oan syn hûs ta wie hied er mei de earmen oer 't hekje hong en hy hie sein: "Kom, binne jim der al. Is der hwat mei 't famke?"
"Ja", sei mem, en doe fortelde se hwat der gebeurd wie.
"Ik wist fan jou kommen," sei Ulke, "ik hie jo al earder forwachte."
Doe hat er 't famke holpen en doe is mem wer nei hûs ta gien mei in drankje.

Onderwerp
SINSAG 0580 - Andere Hexenkünste   
Beschrijving
Kind eet stukje van een appel die ze van een vrouw heeft gekregen. Ze begint te huilen, want ze is betoverd. Moeder gaat met haar naar duivelbanner die haar al verwachtte. Ze krijgt een drankje voor het kind.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1094, verhaal 9 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
4 april 1974
Andere Hexenkünste
Naam Overig in Tekst
Ulke   
Wildpad   
Naam Locatie in Tekst
Wyldpaed   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21