Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ109512

Een sage (mondeling), donderdag 04 april 1974

Hoofdtekst

Piters Willemke wie in tsjoenster. Hja gong der nachts op út to tsjoenen en dan lei der in koupânse by har op bêd. Hja sweefde altyd.
Har dochter koe ek tsjoene. Dy foroare har faek yn in kat.
Der wie ek in tsjoenster, dat wie Minne Ael. En dan wie der noch ien, dat wie Minne Brecht. Dy koenen har ek beide yn katten foroarje.
By Gjetsje' Wytse wienen alle nachten twa katten yn 'e hûs, in greaten en in lytsen. Se koenen yn 'e kelder komme ûnder 't bêd en dan gong it dêr elke nacht op in razen. Se koenen der troch in rútsje yn komme.
Wytse sei: "Dêr sil in ein oan komme." Hy dêrhinne mei in eintsje peal. De lytse kat fleach gau troch 't rútsje hinne, mar de greate kat koe sa gau net fuort komme. Dy krige fan Wytse in opdonder mei it eintsje peal.
Wytse en Minne, de man fan Brechtsje, werkten meielkoar. Wytse gong de oare moarns by Minne oan.
Wytse sei: "Bist klear?"
"Nou jonge," sei Minne, "ik gean hjoed mar net nei 't wurk ta, hwant myn wiif hat sa'n reis makke. Dat ik bliuw hjoed mar thús. Hja hat in opdonder hawn."
Doe sei Wytse: "Dy opdonder haw ik har jown. En dû mast mar sizze: As se wèr komt, dan slach ik har dea!"

Onderwerp

SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.    SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.   

Beschrijving

Van vier vrouwen in de omgeving die heksen zijn, kunnen drie zich in een kat veranderen. Een bewoner slaat op een nacht een kat. De volgende ochtend vertelt de man van één van de heksen dat zijn vrouw geslagen is.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1095, verhaal 12 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

4 april 1974
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen

Naam Overig in Tekst

Piters Willemke    Piters Willemke   

Minne Ael    Minne Ael   

Minne Brecht    Minne Brecht   

Gjetsje' Wytse    Gjetsje' Wytse   

Wytse    Wytse   

Brechtsje    Brechtsje   

Naam Locatie in Tekst

Minne    Minne   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21