Hoofdtekst
Ik haw ris nei Wopke Minke fan Kûkherne ta west om medsinen. Ik krige in drankje fan har mei. Hja sei, ik moest fral tige op dat drankje passe ûnderweis, hwant der koe wolris in houn by my opspringe dy't it drankje stikken ha woe.
Mar der is my neat oerkaem mei dat drankje.
It wie sa, myn wiif wie siik. Hja koe net gean fan 'e pine. Doe seinen de buorlju tsjin my, hja koe wolris bitsjoend wêze. "Sitte der ek krânsen yn 'e kessens?" fregen se.
Doe ha wy de kessens neisjoen, mar der sieten gjin krânsen yn. Mar wy hienen wol yn 'e rekken hwa't myn wiif bitsjoend hie.
Doe sei in buorwyfke tsjin ús: "Jimme matte duveldrek ûnder 'e drompel lizze." En dat haw ik dien. Dat moest fan bûten út wei gebeure, net út it hûs wei. En ik mocht dan sels earst net oer de drompel gean. Ik moest dus troch in oare doar wer yn 'e hûs komme. As ik sels oer de drompel stapte hie de duveldrek gjin kracht. It wachtsjen wie dus op 'e tsjoenster. Hja moest de earste wêze dy't oer de drompel stapte.
Mar hja is der oerhinne stapt. Mar doe't se fuortgong en der wèr oer stappe soe woe 't net to bêst. Doe skermesearde se der in skoftsje foar om.
Ik bin dòe nei Wopke Minke gien om in drankje foar 't wiif.

Onderwerp
TM 3104 - Duivelsdrek als afweer   
Beschrijving
Man krijgt drankje voor betoverde zieke vrouw mee, met de waarschuwing onderweg goed op te letten, er zou een hond bij hem op kunnnen springen zodat het drankje kapot zou gaan. Voorafgaand vragen buren of er kransen in de kussens zitten, raden aan van buitenaf duiveldrek onder de drempel te leggen. Man mag niet als eerste over de drempel stappen, want dan verliest de duiveldrek kracht. Heks stapt als eerste over de drempel, naar buiten stappen kost veel moeite.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1096, verhaal 29 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
onbekend
Duiveldrek als afweer
Naam Overig in Tekst
Wopke Minke   
Naam Locatie in Tekst
Kûkherne   
Kuikhorne   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21