Hoofdtekst
Dêr wie ris in doomny dy stie noch net sa lang yn syn nije gemeente. Hy kaem op in kear yn in dûbeld hûs. Dêr wennen twa gesinnen yn. De iene gong altyd nei tsjerke ta, de oare net.
De iene hie troud west, mar syn wiif wie koartlyn siik woarn en dat wie almar minder woarn en nou wie se stoarn. Dêr soe dy doomny hinne.
Mar hy kaem yn 'e forkearde helte fan 't hûs. Dêr wenne dy man yn dy't noait yn 'e tsjerke kaem en dy man syn fyts hienen se stellen.
Doomny, dy't miende dat er yn 'e goeije helte wie, sette in hiel treurich gesicht: "Och, och," sei er, "myn earme man, hwat ha jo in swier forlies ûndergean matten."
"Nou doomny," sei de man, "sa slim is dat nou wer net. Ik koe der my sa'n bytsje mei rêdde. Ik ried der alle dagen op fansels, mar 't wie in âld, sutrich ding. Der is net folle mei wei en och, der binne wol mear to krijen."

Onderwerp
VDK 1843A* - De gestolen fiets   
Beschrijving
Nieuwe dominee wil op huisbezoek gaan bij iemand wiens vrouw is overleden, maar hij komt terecht bij een man waarvan de fiets is gestolen. Dominee uit zijn meeleven, maar de man zegt dat het niet zo erg was. Hij reed er wel elke dag op, maar het was een oud geval. Het verlies is niet zo groot, en er zijn er meer te krijgen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1097, verhaal 4 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
6 april 1974
De gestolen fiets
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21