Hoofdtekst
Jehannes syn broer hiet Ruerd Meerstra. Dy syn jonge hiet Bap. Dat wie in ûngelokkige jonge. Dy kaem altyd fan bêd ôf as der jounpraters wienen. Dan moest er pisje of drinken ha ofsa. Dat wie mar lestich foar Ruerd en dy en dy hienen dêr in hekel oan, en Ruerd sei: "Ik woe wol dat er dat mar net mear die."
Op in kear wienen Jehannes en syn wiif dêr to jounpraten. Doe kom dy jonge der wer ôf. Hy gong nei de tsjettel ta en sette de tute oan 'e mûle.
Doe sei dy tsjettel ynienen: "Smoarge jonge, jow dy op bêd, hwat dochst der ôf."
Bap woarde ôfgryslike kjel en kaem der letter net wer ôf as der praters wienen.

Beschrijving
Jongen die bij bezoek uit bed komt wordt bang als hij de ketel waaruit hij wil drinken, hoort zeggen dat hij naar bed moet gaan. Het wordt gezegd door een man die kan buikspreken.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1098, verhaal 12 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
9 april 1974
Naam Overig in Tekst
Jehannes   
Johannes   
Ruerd Meerstra   
Ruurd   
Naam Locatie in Tekst
Bap   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21