Hoofdtekst
Der wie ris in doomny, dy hie fijannen. Doede Lapke wie ien fan dy fijannen. Dy kaem noait by him yn tsjerke. Hy hie sa de pik yn op 'e doomny, dat hy naem it bislút him to formoardzjen.
Op in joun liet er in boadskip oan 'e doomny bringe, dat der lei ien op stjerren en de famylje forsocht him dêr to kommen. De doomny gong op stap. Hy moest oer in planke.
Mar dêr hie Doede Lapke him fordekt opsteld om ta to houwen as de doomny oan him ta wie.
Mar doe't de doomny oer de planke roun, doe wienen der twa achter him op 'e planke. Doe doarst Doede Lapke de doomny net oan to fallen.
Doe't Doede Lapke, folle letter, op it stjerren lei, moest doomny by him komme. Doe fortelde hy him, dat er him yndertiid formoardzje wold hie. Mar doomny hie twa achter him hawn, doe hied er net doarst.
De doomny sei: "Dat hastû sa sjoen, mar yn werklikheit wie der net ien by my. Ik wie allinne."
Dat fortelde heit ús. De doomny koe dy twa net sjen, mar Doede Lapke wòl.

Onderwerp
VDK 0777A* - Het mannetje (vrouwtje) in de maan (zon).   
ATU 0751E* - Man in the Moon.   
sinVDK 0777A* - Der Mann im Monde   
Beschrijving
Man heeft zo'n grote hekel aan de dominee dat hij hem wil vermoorden. Op het moment dat hij kan toeslaan ziet hij twee personen achter de dominee lopen, en durft dan niet meer. Op zijn sterfbed vertelt hij de dominee van zijn plan en het afbreken daarvan. Dominee zegt dat hij alleen was, maar hij kon ze niet zien, dat kon alleen de ander.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1098, verhaal 44 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
9 april 1974
De engelenwacht
Naam Overig in Tekst
Doede Lapke   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21