Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ110005

Een sage (mondeling), woensdag 10 april 1974

Hoofdtekst

Guon minsken seagen lykstaesjes fan tofoaren. Letter stoar der dan ien, dêr't hja de bigraffenis al fan sjoen hienen.
Ien fan 'e bikendsten hjir wie Bontsje Knjillis. Dy wie mei de helm geboaren. Hy wenne by 't spoar.
Hy woarde nachts opjage. Dan moest hy der út. Dan moest er in lykstaesje sjen. Dan roan er soms om 't leven. Dan sieten se him achter. Dan gongen alle hekken foar him iepen, sa'n haest wie der by.
Dan kaem er moarns wer thús. Dan koe men sjen dat er troch hagen en sleatten en alles hinnegong wie. Dan siet it einekroas him soms noch yn 't hier en syn klean wienen soms skuord.
De geest dreau him fuort, út it bêd wei.
Hy moest faek hiele lange einen rinne, hwer't mar in lykstaesje to sjen wie.

Onderwerp

TM 2901 - Helmdragers    TM 2901 - Helmdragers   

Beschrijving

Man die met de helm is geboren, moet 's nachts opstaan om lijkstaties te zien. Hij ziet van te voren de begrafenis van iemand. De hekken gaan voor hem open, hij loopt door hagen en sloten.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1100, verhaal 5 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

10 april 1974
Helmdragers

Naam Overig in Tekst

Bontsje Knjillis    Bontsje Knjillis   

Bontje Cornelis    Bontje Cornelis   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21