Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ066206

Een sage (mondeling), woensdag 11 juni 1969

Hoofdtekst

Myn mem hie in suster, dat wie doe noch in famke. Sy sukkele.
Sy tochten: Miskien is 't bern wol bitsjoend, dat doe sette pake op in kear nei de duvelbander ta.
De duvelbander sei: "Jimme matte ris yn 't kessen sjen, dêr't it bern op leit. Dêr sille jim krânskes yn fine. Dy matte jimme forbrânne en dan matte jo mei 't gewear bûtendoar stean gean. Dan komt de tsjoenster wol op 'e lappen. Sy komt ta de skoarstien ùt, dêr't de krânsen forbrând wurde."
't Moest by donker gebeure.
Myn heit en myn omke stienen klear mei 't gewear. Dêr soenen se de tsjoenster mei deasjitte. Sy loerden hyltyd mar nei de skoarstien.
Sy seagen neat, mar doe bigong der lûd in ekster to skatterjen. Dat moest de tsjoenster wêze. Mar sy koenen him net sjen.
Sy skeaten al, mar sy rekken neat.
Mar it famke rekke genezen.

Onderwerp

SINSAG 0627 - Hexe durch Verbrennung eines magischen Mittels gequält    SINSAG 0627 - Hexe durch Verbrennung eines magischen Mittels gequält   

Beschrijving

Een meisje is ziek door betovering. Er wordt een heksenkrans in haar kussen gevonden en verbrand. Met een geweer wacht men de heks op. Bij de schoorsteen klinkt een ekster, waarop geschoten wordt. De vogel wordt niet geraakt, maar het meisje geneest.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 662, verhaal 6 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

11 juni 1969
Hexe durch Verbrennung eines magischen Mittels gequält

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21