Hoofdtekst
Doe omke en muoike hwat âlder waerden, rekken se nei Drylts op in koumelkersspul. Doaijemoai seach der wakker tsjen oan, mar omke Hessel sette troch. Skriemende roun se troch de buorren. Har nichten, dy meiholpen to forfarren, seine: “Haldt dochs op fan gûlen; hwat moatte de minsken wol tinke.” En letter mocht se nearne leaver wenje!
Yn dat spultsje hiene se in tsjernmole yn 'e tsjernherne en in greate houn, dy de mole yn beweging brocht troch by in skeprêd op to rinnen. Sa waerd doe bûter makke.
Net sa hiel lang dêrnei waerd se widdou en kaem op Uilenburg to wenjen.
Op in jountiid wie se allinnich thús. Se siet to mimerjen oer foartsjirmerij en sok soarte fan dingen. Mogelik spriek har gewisse en tocht se oan har earste man, dy se net al to bêst bihannele hie.
Der gong de skille. Se toffele nei de doar en die him hoeden iepen. It wie tsjuster. Der stie in greate forskining mei in kalotsje op. (Dat wie in rjochtopgeand holledeksel sûnder kleppe.) Se tocht: Der stiet de duvel! Se joech in gjalp fan skrik en ... der kaem it lûd fan de âlde dominé. Fan klearebare oerstjûrens fleach se de man om 'e hals ... .

Beschrijving
Weduwe schrikt 's avonds van een grote verschijning als ze na aanbellen de deur opent en denkt dat het de duivel is. Het is de dominee die ze van schrik om de hals vliegt.
Bron
Collectie Wouda, verslag 4, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Doijemoai   
Hessel   
Dooitje   
Uilenburg   
Naam Locatie in Tekst
IJlst   
Drylts   
Plaats van Handelen
IJlst   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21