Hoofdtekst
Mar it koe ik oars. Doe wie der fan fleiskeuring gjin sprake. En dan waerd der troch de boeren, yn ’t foarjier foaral, wol ris hwat útdeeld. Fan in stoane kou of in keal.
Yn dy tiid sei Willem tsjin Wibe Rimmerts: “By Sandstra kinst dou fleis helje. Mar dan moatst in amer meinimme” It wie in healûre bûten de plaets. Wibe makke in forgese reis. Der wie gjin sprake fan fleis. Doe ’t se elkoar wer troffen en Willem frege hoe it ôfroun wie, sei Wibe: “Ik bin der net hinne west. Wy binne mar mei syn twaën en hiene noch fleis genôch.” Dat duorre in tiidzje, doe kaem Wibe de plaets yn en Willem, dy skipper wie, stie by de brêge. Wibe sei: “Willem, ik wie by Nijdam oan 'e poel. Dy frege of ik ien wist foar in partijtsje mest. Hy woe it sté skjin hebbe. Direkt mar in pream meinimme.” Willem er dalik op los. Mar it sté wie skjin en de pream bleau leech! Doe er werom kaem, stie Wibe wer by de brêge. “Dat lychst allegearre smoarge kyp. Der wie gjin skepfol dong!” “Kom, bist der hinne west? Ik woe ris witte wa it fierst lige koe, dou of ik. Ik ha it glânsryk woun. Ik mei in amer en dou mei in sawntouns pream” wie it andert.

Beschrijving
Man die iemand beetneemt wordt zelf beetgenomen.
Bron
Collectie Wouda, verslag 2, verhaal 4 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Willem   
Wibe Rimmerts   
Sandstra   
Zandstra   
Nijdam   
Wiebe Rimmerts   
Plaats van Handelen
IJlst   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21