Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

WOUDA000501

Een sage (mondeling), dinsdag 17 april 1962

Hoofdtekst

Yn myn jongesjierren wie it bijleauwe great. Ik sil der in pear staeltsjes fan fortelle.
Tichte by Koudum stie in âlde plaets. Dêr wenne in omke fan myn mem: Jabik Schaper. It wie in man, dy in soart [veel E.W.] drank brûkte. Yn dy plaets spûke it. Faek kaem er yn 'e nacht dronken thús en dan kaem alles yn biweging.
De hûsgenoaten hearden klear it klossen fan hystepoaten op it tsjernpaed, it polskjen fan 'e pols yn 'e tsjerne. Se wiene allegearre dea-binaud en dûkten mei de holle ûnder de tekkens. As se moarns wekker waerden, wie der neat to redden en lei omke Jabik syn roes út to sliepen. Mar de minsken bleauwen by joun en ûntiid fier fan de plaets ôf, hwant der doogde it net!

Onderwerp

SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.    SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   

Beschrijving

Als een man 's nachts dronken thuiskomt komt alles in beweging, 's morgens is alles rustig.

Bron

Collectie Wouda, verslag 5, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Jabik Schaper    Jabik Schaper   

Jabik    Jabik   

Naam Locatie in Tekst

Koudum    Koudum   

Plaats van Handelen

Koudum    Koudum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21