Hoofdtekst
In forhael dat ik fan myn heit heard ha.
In man kaem let thús fan de tiisdeis-merke to Snits. Allicht hie er hwat to lang yn 'e herberch plakt. Hy naem it binnepaed nei hûs. Der lei snie en it wie tige mistich. Sa kaem it, dat er it paed nei hûs net fine koe.
Hy rekke fordwaeld yn in stik lân. Hoe, dat wist er sels net. Mar hoe der socht, hy koe noait de hikke fine. Hy tocht him binaud. Hy foel op 'e knibbels yn 'e snie en bea: “Heare lit my hjir wei.” Hy joech de bilofte oan it Opperwezen: “As ik hjir goed en wol wei kom, dan jow ik in kou yn ’t tsjerkeponkje.”
En wrachtich, hy hie it noch mar krekt sein, of ’t bigoun to ljochtsjen, de mist luts op, de moanne kaem der troch en hy foun de hikke!
Dat wie in dúdlike útredding! Hy kaem sûnder fjirdere ûngelokken thús.
Mar nou de binaudens oer wie, lei syn bilofte him swier op 'e mage. In hele kou! Dy koste fêst wol hûnderd goune!
En nou bigoun er to prakkesearjen hoe hy der foar wei wine koe en dochs yn namme syn wurd hâlde. En ja, hy foun der hwat op. De oare tiisdeis gong er wer nei de merk. Oan it tou in bêste kou en yn in sek op 'e rêch in flinke knyn! Sa kaem er op 'e merk. De kou oan 'e peal en de sek mei de knyn nêst him. Al gau kamen der keapljue freegjen: “Hwat moat dat bistke kostje? En ûs freon andere stéfêst: “Ik forkeapje de kou en dizze knyn tagelyk. De kou kostet in ryksdaelder en de knyn hûnderd goune.”
Der waerd lake; mar de kou wie net to djûr en sa forwikselen kou en knyn fan eigenaer.
De sneins kaem de ryksdaelder yn ’t tsjerkeponkje en de hunderd goune lei ús maet yn ’t kammenet.

Beschrijving
Man die 's nachts verdwaalt bidt om hulp, en belooft een hele koe in de collectezak te doen als hij veilig thuiskomt. Meteen veranderen de omstandigheden waardoor hij de weg weet te vinden. Thuis betreurt hij de belofte. Hij komt onder de gelofte uit, maar houdt ook woord door in één koop een koe voor een rijksdaalder en een konijn voor honderd gulden te verkopen. De rijksdaalder komt in de collectezak.
Bron
Collectie Wouda, verslag 6, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Heare   
Opperwezen   
God   
Naam Locatie in Tekst
Snits   
Sneek   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21