Hoofdtekst
Achter it tsjerkhôf yn Heech, dat rounom de Herv. tsjerke leit, wennen trije frouljue. De mem wie thús; de heit wie skipper op ien fan de ielaken. De Hegemer ielaken hienen “previlegie” op Londen. Der wie altyd in lizplak foar de aken oan de kade biskikber, mar der moast ek altyd in aek lizze. Yn de oarloch is dit foarrjocht forlern rekke. De heit rekke dea en hwat der mei de mem wie is net bikend, mar de bern mochten net bûtendoar. Der wie ek in soan, mar dy is ta in rút útsprongen, fuortgien (nei Amsterdam, leau 'k) en troud.
De mem stoar en sa bleauwen de trije susters oer. En sûnd dy tiid spûke it dêr achter it tsjerkhôf. Nachts wienen de wite wiven op 'e lappen.
Bern, mar ek greaten, doarsten jouns by dûnker net om it tsjerkhôf rinne. Dat is jierren sa bleaun.
De susters binne nou dea. De lêste is yn 't earmhûs stoarn. Mar noch rinne sommigen by joun net graech om it tsjerkhôf.

Onderwerp
SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   
Beschrijving
Spokerij op een kerkhof begint na de dood van moeder van drie zusters die achter het kerkhof wonen.
Bron
Collectie Wouda, verslag 15, verhaal 4 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Hegemer   
Naam Locatie in Tekst
Heeg   
Londen   
Amsterdam   
Heech   
Plaats van Handelen
Heeg   
Kloekenummer in tekst
F002f   
E109p   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21