Hoofdtekst
Yn “de trije botten” in âlde herberch yn Parregea, kaem in saneamde “Saltimbank” in gûchelder en atleet, mei beltsjes oan de klean. Hy daegde de oanwêzigen út, om tsjin him to heech-springen. Mar der wie gjinien dy woe. Tafallich kaem Douwe Tsjallings binnen. En doe wie 't fan 't omsittend laech: “Nou is 't klear; nou moat jo tsjin Douwe Tsjallings springe. “Tsjin dy âld boer?” frege de kunstemakker, hwant Douwe wie doe al tsjin de sechstich. Mar it gong dochs oan. Earst sprongen se oer in stoel; doe oer de tafel yn 'e breedte; doe oer de tafel yn 't lang. Mar doe kamen de klompen út by de âld boer. Der kaem in stoel plat lizzende op 'e tafel en dêr sprongen se oer dwars oer; doe mei de stoel lizzende yn 't lang. It kaem sa fier hinne, dat hy, dy saltimbank, koe der wol oer, mar krige in knik yn 'e rêch by it delkommen, wylst Douwe der noch mei gemak oer sprong. Doe sei ‘âlde’ Douwe: “Wy moatte mar ophâlde leauwk, oars forspringe jo je.” Doe sei de saltimbank: “Ik ha it noch noait forlern en nou forlies ik it tsjin in âld boer.”
Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
De trije botten   
Douwe Tsjallings   
Douwe Tjallings   
Douwe   
Saltimbank   
Douwe Tjallings Reitsma   
D. Tsj. Reitsma   
Naam Locatie in Tekst
Parregea   
Parrega   
Plaats van Handelen
Parrega   
Kloekenummer in tekst
B106p   
