Hoofdtekst
DJ: Der ha ik lêsten west by in âld man. Dy man dy wennet op in eilântsje. Wit jo wol wêre? Dêr is in eilantsje.
FK: Yn de mar tink. (DJ: Ja, hiel wiid is it dêr) en ja, dat is de mar. En dêr leit it grut eilân yn en it lyts eilân.
DJ: Mar dit wie in eilantsje en dy man koe allegear keunstjes mei katten. Dy hie fiif katten en dy katten dy liet er sa sitte. (FK: prachtich is it dêr) op de achterpoatsjes mei de foarste poatsjes omheech, krekt as in poedel.
DJ: En dan sei er tsjin dy kat: één, twee, drie en dan naam dy kat in sprong. Dan dûkte er der op en dan kôm dy kat op syn rêch telâne. (FK: Och) Trije katten koene dat. It wie in Grinslander wie dy man. De iene hiet Annegien, de oare, wacht es even, nee Lammegie, Lammegien en Annie en Marijke, sa hieten dy katten. Alle trije, trije kleuren. It wie in aardichheid.
JV: Dat was toch niet die man uit Veenwoudsterwal?
DJ: Nee nee, deze man is een heel oude man. Of een oude man, 84, 85 jaar was ie. Hij woont op een ark op een eiland, daar dicht bij de wal. (FK: Ja) Daar ben ik laatst eens heen geweest met mensen uit Eernewoude over het water. Je kunt er alleen maar over water komen., hè, maar die had er allemaal eenden had ie en ganzen en kippen.
FK: Dan sil it toch wol de Ie west ha, want sa grut is it grut eilân net.
DJ: Dat is in broer fan dy man dy’t allegear fan dat koperark makket. Fan dat lytse koperark.
DK: O hjirre, tusken Earnewâld en Aldegea. O, wennet dy. O hea, is it dêr in broer fan.
DJ: Hoe hjit dy man ek mar wer.
DK: Sy binne beide overleden, dy man en frou.
DJ: Biesma, of Bierma, Sipma.
DK: Sipma, ja, der wennet ek in broer fan hjirre. Dêr by Albert Tiekstra, it gemaal. Dêr wenje no dy dames, yn dat hûske. Dy ‘e
DJ: Hat dêr ek in broer fan wenne. No dy man, dy koe dy keunstjes mei dy katten allegear. En dan rôp er: Marijke, rôp er dan, en dan kômen dy katten wit hoe fier it lân út wei. Wit hoe fier seagen je it gers bewegen (FK: och hea) It wie in aardichheid hear, maar hij kende geen verhaaltjes. Tenminste, nee, ik heb wel enkele dingen genoteerd, maar het was de moeite niet waard.
(43.00 min.)
JV: De Elfstedentocht was er in uw jeugd natuurlijk nog niet.
FK: Nee, nee
JV: Die was nieuw.
DJ: Werd wel individueel gedaan.
JV: O ja.
DJ: Jazeker
FK: Wol yn myn tiid noch. Dat wol. Mar sjoch, net sa. Wy ha wolris te riden west, dan sei myn man wat treft de Elfstedentocht it moai. Doe diene se dat net goed dat koe net, hin. Wie ek in Wartenster , hè, doe rieden se der tegearre oer. Dat koe net. Sipke Castelein noch. Sjoch dy.
DJ: Een oom van mijn moeder heeft het gedaan in 1880, maar toen was er nog geen sprake van een Elfstedentocht. Gewoon, zo door enkelen wel gedaan, niet georganiseerd.
JV: Dus eigenlijk de voortzetting van een gewoonte, die toch wel bestond.
FK: Ja ja.
DJ: Wat ze wel veel deden, was naar de Leek, hè, om de Lekeblom op te halen.
JV: O, dat deden ze van hieruit ook.
DJ: Jazeker, uit heel Friesland.
DK: Nei de Like ta ride.
FK: Nee, der ha ik noait hinne west.
DJ: Daar is een lied van, dat weet u wel.
JV: Is dat een Lyksterblom of een Lykstertakje.
FK: In Lyksterblom, Lykstertakje wurdt der sein, mar it is in blom. Likeblom, makke blomke. In pear âlde frouen wiene der dan en dy knipten en makken dy en dan waarden oan wetterskant ferkocht.
DJ: Mei in Likeblom by it jak yn, aaklich pronksel fan de dea.
VK: Van hieraf is dat niet zo ver waarschijnlijk.
DJ: Nee
DK: Nee, de Like is net sa fier hjir ôf.
DJ: Nee, it is noch al frij ticht by Grins fansels.
FK : Nee, ja mar, ik ha wolris op ‘e Like west. Ha wy wolris hinne west mei in reiske, op ´e Like.
DJ: Ja, ik tocht dat it in kilometer of 40 hjir wei wie.
DK: Kin sa wol. Ik tink dat al hast.
FK: O ja.
DJ: Die schaatsenrijders was daar nog iets van?
JV: Nee, dat was het wel.
(45.00 min.)
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Grinslander   
Annegien   
Lammegien   
Annie   
Marijke   
Biesma   
Bierma   
Sipma   
Albert Tiekstra   
Wartenster   
Sipke Castelein   
Elfstedentocht   
Lekeblom   
Likeblom   
Lyksterblom   
Lykstertakje   
Naam Locatie in Tekst
Veenwoudsterwal   
Eernewoude   
Aldegea   
Oudega   
Leek   
De Like   
Grins   
Friesland   

