Hoofdtekst
Húswarje.
Beppe Minke soe komme te húswarjen.
Heit en mem moasten fuort.
It wie yn jannewaris en wat suterich en kwakkelich winterwaar.
Dan wer wat frieze en dan wer teiwaar, sadat it iis net al te betrouber wie.
Foardat heit en mem fuortgongen seinen se: “Wol beppe goed oppasse
dat Hans en syn freon Folkert net op redens de feart útgeane?”
No dêr soe beppe har wol mei rêde.
Om healwei fjouweren kaam Hans thús mei syn maat.
“Heu beppe. We geane noch efkes te riden hear. We bliuwe op ’e opfeart, dat hâldt
noch bêst.”
“Och bern,” sei beppe, “soenen jimme mar net thúsbliuwe? Dan krije jimme ek wat
lekkers.”
“O nee beppe, dat helje we straks wol op.”
En fuort wiene se. Hans tocht samar syn redens te pakken - mar ho mar, wêr wiene
dy no bedarre?
“Wit beppe ek wêr’t myn redens binne?”
“No nee”, beppe wist it fansels ek net. “Moatst mar goed sykje”, sei se.
Hans sykje, Folkert sykje, sels de lytse suskes meisykje. It hiele hûs waard suver op ’e kop setten, mar de redens kamen net foar ’t ljocht.
“No, dan dogge we mar in spultsje, wat lekkers derby.”
Beppe siet noflik te breidzjen en te fertellen.
It waard och sa gesellich.
En ûnder it kjessen op ’e stoel, dêr’t beppe op siet, leinen de redens!!!
Wier bard.

Beschrijving
Oma komt oppassen. Omdat het ijs niet betrouwbaar is, drukken ze oma op het hart dat de jongens niet mogen gaan schaatsen. Als de jongens thuiskomen, willen ze natuurlijk wel schaatsen, maar die schaatsen zijn nergens te vinden, Dan blijven ze maar binnen een spelletje doen. Oma had de schaatsen uit voorzorg onder een kussen verstopt.
Bron
Via internet aangeleverd bij het Meertens Instituut
Naam Overig in Tekst
Minke   
Folkert   
Hans   