Hoofdtekst
Fryske opera yn fjouwer bidriuwen.
Tekst: Ieps Boersma
Muzyk: Piet Kingma
Persoanen:
1 . Fostedina - Dochter fan Theudebald
2. Theudebald - Hear fan in stins
3. Tette - Faem
4. Aldgillis - Soan fan Redbad
5. Redbad - Kening fan de Friezen
6. Bernlef - Preester
7. Ubbo - Sjonger
8. Germ - Wachter
9. Ocke - Wachter
10. Rixt - Wurkster
Riedslju
Koar fan Denen
Koar fan doarpers
Bernekoar
Koarte Ynhâld
Yn it heidenske Gaesterlân binne nachts ta it Kristendom bikearde minsken oan lân kommen. Hja binne fan
doel de nije leare to bringen.
Hja ha tûken fan in hillige beam skuord, wijd oan Fosete, de godheit fan 'e rjochtfeardichheit.
De fortsjintwurdiger fan it heidenske leauwen, de preester Bernlef, biynfloedet de rie sa dat dizze bislút de Kristenen foar de wolven te smiten.
As it doek iepengiet heare de minsken dy't yn 'e keamer fan de stins binne, it sjongen fan de finzenen. Fostedina, dochter fan Theudebald, wurdt it moed sa fol, dat hja freget de heidenske preester dizze minsken frij to litten en de goden in oar offer to bringen. De preester wol dit net.
Wylst hja sjonge komt sjonger Ubbo deryn. It liet fan dizze bikearde sjonger oertsjûget Fostedina jit mear dat hja de finzenen helpe moat en as Tette, de faem, har har help taseit, nimt Fostedina in bislút.
It twadde bidriuw spilet foar de doar fan de finzenis. Tette, de faem wit de wachter by de doar wei to lokjen en dan kin Fostedina de finzenen forlosse.
It is in hiel trelit as preester en folk merkbite dat hja fuort binne. De preester fortinkt sjonger Ubbo en it folk wol him to liif mar Fostedina seit dat hja it dien hat.
As straffe sil hja nou foar de wolven smiten wurde, mar op oanstean fan Aldgillis wurdt dizze straffe foroare.
Hja sil in hiele dei de toarnekroan drage moatte, en hja sil dan út Fryslân forballe wurde.
Dit ûndergiet hja yn it tredde bidriuw.
It fjirde bidriuw spilet fjouwer jier letter.
Kening Redbad is stoarn en Aldgillis, dy't mei Fostedina fuorttein is, komt werom, folget syn heit op yn it kerstene Fryslân en baosket mei Fostedina.
Theudebald sjocht dat Fostedina skeind wurdt fan de groeden fan de toarnekroan, mar it folk biedt Fostedina in gouden kape oan. Under dizze kape binne de groeden bidutsen en op dizze wize makket it folk goed, hwat it ienris misdreau.
It ynlaske ballet jowt in symboalyske yndruk fan de striid tusken Kristendom en Heidendom, hwerby op 't lêst it Heidendom troch it Kristendom absaorbearre wurdt.
5
Fostedina
1e Bidriuw.
I A en II. Ynlieding.
Koar fan de finzenen:
Hear, jow ús krêft troch Jou ljochtsjende dieden,
Jow ús Jou seine, o Heer jow ús moed.
Dat wy folbringe yn swiere tiden,
Hwat Jo ús learden mei frede yn 't gemoed.
Hear, o Hear! Wêz ûs sûnders g'nedich.
As wy soms dwale, wol 't paed ús dan wize,
Mochten wy stroffelje, nim 't ûs net kwea.
Longerjend, langjend stean wy yn 'a dize,
Oan ' t Hear Jou Sinne waermt ús lea.
Hear, o Hear! Wêz ûs sûnders g'nedich.
III.
Fostedina, Preester, Theudebald.
Duet-Trio.
Och preester, ik bid Jo, forhear myn bea,
Rêd dizze minsken fan in wisse dea.
't Is myn djipste winsk, myn leave Heit,
In winsk, dy my sa nei oan 't herte leit.
Ik fiel it, ik moat hjir helpe.
Gjin triennen kin de wounen hielje
Dy 't wredens slacht.
0, preester forhear myn bea,
Rêd dizze minsken fan de dea.
Preester:
Swij, swij, swij!
Nea lit ik dizze smjunten frij!
Theudebald;
Né fanke leaf, o swij dochs, swij,
Dizze minsken komme grif net frij!
Tette, soargje dat wy hwat to drinken krije.
6
Tette:
Hear, hjir is in frjemde, dy't jo winsket to sprekken.
Theudebald:
Lit him yn Tette, lit him yn.
Sjonger:
Goe-joun, jim allegearre.
IV.
Sjonger:
Ik kom, in soan fan Fryske lânnen.
En ha myn lok yn it útlân socht.
Ik sjong fan Ien, dy't greater as d' oaren,
Foar earm en ryk forspriedet syn ljocht.
Hy brocht de leafde oan de minsken
Hy stried foar wierheit en foar rjocht.
Syn leauwen makke lammen linich,
Yn bline eagen kaam wer ljocht.
Forsake die 'r syn mem en sibben
En frege net nei jild of lean.
Hy sei: Hwa it swurd nimt,
Sil faek ek troch it swurd forgean.
Hy moast it swiere krúshout drage
Nei Golgotha, syn lêste gong,
En frege: 0 Heit, forjow it harren,
Doe 't Er stjerrend oan 't krúshout hong.
Hy kaem fan Nazareth, dizz' minske
En hiet fan Jezus.
Hy stoar ut leafde ta de minsken
En makke ús fan sûnden frij.
V.
Fostedina, Sjonger, Tette, Theudebald.
Kwartet.
Fostedina:
't Is my sa frjemd, ik wit net hoe,
7
Ik fiel my dreaun nei frjemde oarden.
Myn libbensskip is sûnder roer
Driuwt dan nei it Suden, dan nei it Noarden.
Jo frjemde sjonger, hjir myn hân,
Bring ús de nije leare,
Bring ús de wierheit yn it lân.
Dat wy ek jou God foreare.
Sjonger:
Ja eale faem, ik ken jou striid,
'k Bring hjir de nije leare.
'k Bring jo de wierheit yn 't lân.
Dat jo myn God foreare.
Tette;
O, Sjonger, jow it fanke rêst,
Bring har de nije leare.
Har lok leit yn jou minske-hân,
Lit har ien God foreare.
Theudebald:
NéI Sjonger, né. Gean ut myn lân,
Bring hjir gjin nije leare.
De wierheit is al yn ûs lân,
Lit ús ús eigen God foreare.
VI.
Tette, Fostedina.
Duet.
Tette:
Fostedina, lit my helpe,
Ik ken jou moed en soarch as wie 'k jou mem.
Jou wollen is foar my in moatten,
Jou striid myn striid,
Jou sizzen is foar my in twang.
De nachten binne lang en tsjuster,
En hwat gjin minske sjocht,
Bliuwt foar in elts bidutsen,
Ik gaan ... mar wachtsje net to lang.
8.
Fostedina:
Tette, faem myn hiele libben,
Wiestou myn stipe en taflecht foar myn smart.
Nou moat ik sels bisluten nimme,
De tiid is dêr.
Ik sels moat hjir myn kar nou dwaen.
Noch is 't gjin nacht; al is 't ek tsjuster,
Mar tink gjin died hoe lyts,
Bliuwt foar de wrâld bidutsen,
Gean Tette, gean. Dan kin ik my ûntjaen.
2e Bidriuw.
I A. Ynlieding
Tette, Germ.
Tette:
Né Germ, wier net, leau my dochs.
Ik ha it sels sjoen.
Toe Germ, gean nou mei,
Ik doar net to sliepen.
Germ:
Né hear! Ik tink der net oan.
Né, né Tette, jo krije my net mei!
II.
Fostedina:
Hwat haer ik dêr?
Och né, 't is neat.
't Is 't bounzjen fan myn hert,
Dat warskôget as 'n wacht
Dy 't foar de poarte ûnrie heart.
Wêz stil myn hert
Wêz stil, sa stil.
Forsteur de stilte net.
9.
Komoan gjin striid; de tiid is dêr,
Net wachtsje, oars is it to let.
III.
Germ:
Ien, twa, trije, ha,
Moarn gaan ik nei 't famke ta.
Ien, twa, trije, om,
0 myn leave goudtsjeblom.
Ik hjir Gerben, hja hjit Gerland,
Is dit net in kostlik pear?
Earst 'n hantsje, dan in aeike
En dan tútsje kear op kear.
Ien, twa, trije, ha,
Moarn gaan ik nei 't famke ta!
Ien, twa, trije, ha,
Moarn gean ik nei 't famke ta.
Ien, twa, trije, om,
0 myn leave goudtsjeblom.
As de hjerst komt sill' wy tróuwe,
Germ en Gerland wurde in pear.
Fjouwer sitten en in tafel
Foar ús húsrie ha 'k al klear.
Ien, twa, trije, ha,
Moarn gaan ik nei 't famke ta!
Ien, twa, trije, ha,
Moarn gaan ik nai 't famke ta.
Ien, twa, trije, om,
0 myn leave goudtsjeblom.
Blauwe eagen hat myn famke,
Lipkes read, in kûltsje yn 't kin.
Famke astou dochs ris wiste,
Hoe ik nei dy soms langje kin.
Ien, twa, trije, ha,
Moarn gaan ik nei 't famke ta!
IV.
Rec. Germ-Ocke.
Germ:
Hwat krije se hjoed?
10.
Ocke:
Sop - Sop!
Germ:
Nou dat hiene se wol litte kinnen. Hwat jowt dat nou toch.
Dat is iten fuortsmiten.
Hja wurde der nou dochs net fetter mear op.
Ha-ha-ha-ha.
Ocke:
Toe ju, doch de doar efkes iepen,
Dan sil ik it sop binnendoarren sette.
Germ:
Jow my dan de kaei.
Ocke:
De kaei, hastou dy dan net?
Hy hong net maar op 't fêste plak.
Ik tochte, Germ hat him weinommen.
Germ:
Né, dat doch ik doch nea!
V.
Koar:
Hwat is der bard? Hwat is dit?
Hwat is hjir to dwaen?
VI.
Rec. Ocke:
Minsken, doe't ik fan 'e moarn it iten bringe soe,
Wie de kaai fuort en de finzenis leech.
Germ hat der nea by bei west.
Ik siz jim, der binne hegere machten oan it wurk,
En dat siz ik jim.
11.
VII.
Koar:
De finzenis leech. De doar fan it slot.
En alle Denen binne fuort.
De wachter roun de hiele nacht;
En hâldde trou dêrby de wacht.
Mar doe't de sinne spraett' syn ljocht
Wie 't kaei ke fuort, wie it kaeike fuort.
En hoe't men klage, it feit lei dêr,
De kaei wie fuort en kaam net war.
Hear jim de wolven, Hear hoe se gûle, De hong'rige wolven,
Byn har de mûle. Hwant de Denen binne frij.
Wy wolle ús wreke, wy sykje de dieder.
Wy freegje om wrake, hwer is de forrieder?
VIII.
Koar:
Dêr is de smjunt, swier is syn lot.
Untkomme kin net mear.
Aenst bring ik him nei de wolven ta,
Dat komt fan de nije leare!
Sa komt de oermoed ta syn fal,
En wurdt ta swijen brocht.
Lit nou jou God fan wûnders los,
Dat Hy Syn wurk goed docht.
IX.
Preester, Koar:
Preester:
Folk, kinne wy dit offer oannimme?
Koar:
Né, né, nei de wolven mei dy man!
Preester:
Dou hearst it fanke,
Dyn sabel hert joech dy de moed om dit to dwaen.
Mar leau my frij,
Dou kinst him dochs de frijheit net wer jaen!
12.
X.
Koar:
Né, fanke mei dyn gouden hert, Dyn offer is to great.
Dy man is skuldich, wy hearre it klear,
Hy ûntrint syn straf net mear.
XI.
Rec. Fostedina - Koar en solisten.
Fostedina:
Leau my dochs. Ik haw it wier dien.
By neare nacht bin ik gien en helle de kaei.
De wachter lokke ik by de finzenis wei,
En doe haw ik de Denen bifrijd,
Sjoch hjir is de kaei!
Koar:
O, fanke, dyn straffe foar in frommis to hurd.
Hoe min wie dyn died, hoe swier weacht syn wurd.
Hwerom dochs tochtstou hjir net better oer nei,
Hoe silst him drage de kommende dei?
Sjonger:
O, fanke, dyn straffe foar in frommis to hurd.
Hoe eabel dyn died, hoe swier weacht syn wurd.
Tochtstou Fostedina wol goed hjir oer nei,
Swier, eswier sil hy wêze, de kommende dei.
Fostedina:
Myn straffe sil 'k drage, al is dy ek hurd.
Myn died wie fêst goed, 'k nim oan hjir jou wurd.
In nacht lang fan striid tocht ik hjir oer nei,
'k Sil moedich him drage de kommende dei.
XII.
Aldgillis, Fostedina.
Duet.
Aldgillis:
Myn leaf, leaf famke!
13.
Fostedina:
0, Aldgillis it sil sa swier wêze.
Aldgillis:
Sa ôfgriselike swier! Sjoch my oan Fostedina:
Ik bin Aldgill s, soan fan Redbad,
De kening fan it Fryske lân.
En boarte as jonkje mei dit famke,
Dit bloune famke, hân yn hân.
De tiid gyng fierder, wy waarden âlder,
Hja waard jongfaem en ik jongfeint.
Fostedina en Aldgillis:
Dan foun ik dy en dou founst my.
Aldgillis:
Dyn eagen wiene ljochte stjirren,
Dyn hier wie goud yn 't moanneljocht.
Fostedina:
Dou wiest sa krêftich, yn dyn earmen
Wie 'k feilich as in fûgeljong.
Yn 't nestke waerm troch mem bidutsen,
Wylst heit syn moaiste sankje song.
XIII.
Rec. Aldgillis:
Ienris silstou myn breid wêze en dêrom sil ik
aenst foar dy fjochtsje. Net mei it swurd,
mar mei sêfte krêften.
XIV.
Redbad - Theudebald - Aldgillis.
Rec. Arioso.
Redbad:
En hear Theudebald, hokker straffe moat jou dochter hawwe:
Theudebald:
Myn kening! Fostedina is myn iennichst bern. Har mem
stoar doe 't hja berne waerd. En al dy jierren wie hja
14.
de kroan fan myn libben.
Dit is to folle foar my, as men har foar de wolven
smyt, sil ik har folgje. Myn Fostedina, myn alles ....
Aldgillis:
Ik bin de jongste fan jim allegearre.
Mar ik ha it rjocht to sprekken, en dêrom sil ik sprekke.
It oardiel fan de riedslju wie, dat
Fostedina deade wurde moat.
De lêste jierren hawwe wy us Goaden,
Gjin minske-libbens offere en mei rjocht.
Hwa fan jimme soe bloed nimme fan in bern?
Siz, hwa soe dat wolle?
XV.
Arioso - Aldgillis
Dit swurd haw ik út de hannen fan myn Heit krige,
En ik haw dêrby in djûre eed sward,
Om it swurd to brûken om swakken to sterkjen en warleazen
to helpen. En dy eed sil ik hâlde,
Dat de Goaden my dêrby helpe meije.
XVI.
Koar:
Moarn stiet de Toarnekeningin, Ta spot fan eltsenien.
Har straffe mat se ûndergean, Sjoch, dat ûntkent gjin ien.
Mar hwa is bliid, as hy har sjocht, De eale Fryske faem?
Hwa sil dan laitsje om har smert, Har mear fortriet oandwaen?
Né, Fryslans hert dat kloppet waerm,
Foar elts dy‘t striidt foar rjocht.
En ienkear silst ek dou út ‘t skaed,
Wer staan yn ’t strieljend ljocht.
Dê’rom wêz moedich. Ienkear wint
De wierheit eltse striid,
Dan sil dyn God fan leafde ús,
Regearje yn Ivichheit.
15.
3e Bidriuw.
I. Ynlieding en koar.
Koar:
De oardielsdei kaem as in tsjustre, Mei wylde loften en
hingjend swurk,
Gjin sinnestriel, gjin blauwe himel,
Gjin sjongende klyster, gjin blide ljurk.
Troch stoarm en troch ûnwaer gean wy fierder,
Hoe driigje de loften; it fjûr slacht der troch.
Hwer is ús wrake foar Theudebalds dochter?
It oardiel komt neijer; sjoch nou minsken, sjoch!
II.
Preester en Koar
Preester:
Bûch dyn holle. Noch djipper, noch djipper.
Hjir is dyn straffe, to licht nei myn sin.
De wraek fan Fosete sil ivich dy folgje,
Koar:
Sjoch har dêr stean, swier is har lot
Untkomme kin net mear,
Aenst giet se nei it útlân ta.
Dat komt fan de nije leare.
Sa komt de oermoed ta syn fal.
En wurdt ta swijen brocht.
Lit nou jou God fan wûnd’ren los
Dat Hy Syn wurk goed docht!
Preester:
Gjin straf wie to great foar in died sa min.
III.
Fostedina en Koar:
Fostedina:
Leafde mei dyn wite wjukken, Mei dyn stille sêfte bân.
Kom by my en nim dyn tinzen, Mei dy nei dyn fiere lân.
Lit nou alle wraek fordwine, Ut myn lytse minske-hert.
Koar:
Né fanke, mei dyn gouden hert,
Dyn offer is to great.
(Fostedina:
(Lit de leafde foar myn neiste
(Dan oerwinne alle smert
16.
(Koar):
Jo bin dochs skuldich,
Wy heare it klear.
4e Bidriuw.
I . Ynlieding en duet Tette - Germ.
Tette:
Ha, ha, ha, hwat sjoch ik dêr, Dat liket goed, al wer in pear.
Germ:
Ja, ja, ja, ik leau it ek, Ooh earme Tet, dou giest alwer.
Foarby dit kear.
Tette en Germ
Ja, sa is it yn it libben. D'ien kriget alles, d’oare neat.
D'ien hat wiif en bern en sibben, D'oare siket mar fynt neat.
D'iene sjocht de jouns in frijer, D’oare deis is hja de breid,
D’oare bliuwt in âlde frijster, Al is hja jimmer op ‘t moaiste kleid.
Ja, sa is it yn it libben, D'ien kriget alles, d’oare neat.
II.
Rec. Theudebald, Germ.
Theudebald:
Moarn fammen, Ocke, Germ.
Jimm' binne al aerdich fleurich, hear ik wol
Op dizze feestdei.
Germ:
Mar jo dochs ek, hear Theudebald.
Arioso Theudebald:
Ja, ik bin bliid, dat ik dit noch bilibje mei.
Fjouwer lange jierren hat myn Fostedina yn it fiere frjemde lân west en mei har Aldgillis, de soan fan de kening Redbad
17.
Hy is har trou bleaun, al dy jierren
en nou sil hja oan syn side keninginne wurde,
Keninginne oer har âlde Fryslân,
dat syn dochter mei feest ynhelje sil.
Fryslân, nou alhiel ta it Kristendom bikeard,
Yn fjouwer jier. Hwat kin der al in protte barre.
As ik noch tink hoe ‘t it bigoun .....
Tsjuster, tsjuster wie de wrâld .....
III.
Germ, Theudebald, Tette, Rixt.
Trio.
Germ:
Jo moatte hjoed fleurich wêze,
Foar hwa is it libben sa fruchtber en skoan?
In keninginne wurdt jou dochter,
In kening krije jo ta soan.
Theudebald:
Ja, fleurich en flink wol ik wêze,
Hwant aenst kriget myn dochter foar har offer it lean.
De nije lear bracht us de leafde
En joech in sin oan ús bistean.
Nou is it myn tiid to gean.
Trio: Germ, Tette en Rixt:
De nije lear’ bracht ûs de leafde,
En joech in sin oan ûs bistean.
IV.
Koar:
Fjouwer lange tsjust’re jierren,
Yn it fiere frjemde lân.
Brieken net mar bounen fêster,
Jo en ús mei leafdebân.
Hwat fortriet en hwat al lijen,
Ha wy oer jou holle brocht.
Forjow it ús, it paed wie tsjuster;
Wy rounen sûnder striel fan ljocht.
18.
O, keningspear, sa fier, sa eabel,
Wy tankje God foar jou bihâld.
Jou foarbyld sil ús stypje yn it stribjen,
Yn it striden foar in blide wrâld.
V.
Ballet.
VI.
Duet Aldgillis, Fostedina:
Aldgillis:
Sjoch folk, hjir is myn breid,
Forstjitten iens, forjage,
Mar strieljender as ea,
Sil se mei ús it lok,
Mar ek de soargen drage.
Fostedina:
Hjir stean ik, breid fan him,
De kening fan de Friezen.
In breid op Fryske groun,
Sa lokkich en sa bliid, as hwa,
Nei jierren fan forlies,
Syn greatste skat wer foun.
Aldgillis:
Dyn eagen wiene ljochte stjerren, dyn hier wie goud yn ‘t moanneljocht.
Fostedina:
Dou wiest sa krêftich. Yn dyn earmen wie ik feilich as in fûgeljong.
Aldgillis en Fostedina:
Dan foun ik dy en dou founst my.
19.
VII.
Bernekoar:
Wy biede jo, o keningin,
In gouden kape oan.
Dy’t blinkt as wie’t de sinne sels,
Boppe sé yn ‘e iere moarn.
Dy kape sprekt fan tsjust’re jierren,
Yn it fiere, frjemde lân.
Dy net brieken, mar bounen fêster,
Jo en ús mei leafdebân.
Draech de kape, keninginne,
Wy tankje God foar jou bihâld.
Jou foarbyld sil ús stypje yn it stribjen,
Yn it striden foar in blide wrâld.
VIII.
Koar en solisten:
Foarst en folk togearre,
Sille stride hân yn hân.
Dat frede, rjocht en leafde,
Regearje yn it Fryske lân.
En wurdt it lân bidrige,
En liket alles nacht.
Gjin fijân kin it winne,
Fan leafdes sterke macht.
Redbads soan, sa myld, rjochtfeardich,
Sil regearje lange tiid.
Oan syn side Fostedina,
Dy't him stipet yn syn striid.
Wy roppe ut it djipste fan ‘t hert,
Lang libj’ ús eabel keningspear.
Dat lok har folget yn har libben,
Dat is ús djipste winsk, o Heer!
E I N.
Onderwerp
TM 2608 - Herkomst van het Friese oorijzer   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Grotendeels gebaseerd op Fostedina en de Gouden Kap in J.P. Wiersma, Friesche Sagen (Zutphen, 1934).
Het boekje is alleen het zogenaamde "libretto": alleen het boekje met de liedstukken.. Scenario, regieaanwijzingen, gesproken dialogen, vertelstem en tableaux ontbreken.
De componist van de opera is Piet Kingma.
Naam Overig in Tekst
Fostedina   
Theudebald   
Tette   
Aldgillis   
Redbad   
Bernlef   
Ubbo   
Germ   
Ocke   
Rixt   
Fosete   
Heer   
Jezus   
God   
Gerben   
Gerland   
Heit   
Vader   
Hij   
Denen   
Gaasterland   
Heidendom   
Golgotha   
Friese   
Christendom   
Christenen   
Naam Locatie in Tekst
Denen   
Gaasterland   
Friesland   
Fryslân   
Friese   
Golgotha   
Nazareth   
Zuiden   
Noorden