Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

AARTSMA01 - Fostedina ef Ho it dragen fen earîsers în de moade kommen is. Historisk romantisk forhael

Een sage (artikel), 1875

_78e90642-c209-428e-bc04-0bae8c5ef14a.jpeg
Aartsma.jpg
Oorijzer P.-J. Gauthier-Stirum Voyage pittoresque dans La Frise, une des sept Provinces-Unis, 1836.jpg

Hoofdtekst

1.
Fostedina ef Ho it dragen fen earîsers în de moade kommen is. Historisk romantisk forhael

I.
Jimme witte allegearre fen sels wol, hwet in earîser is, binammen in wolsted boer ef borger, dy mei in stik thrye, fiower greate dochters opskîpe is, wit mâlle skoan, dat dy gouden kapen in mâlle porsie jild kostje en diûr fen ûnderhâld binne. Mar jim scille it fêst allegearre net witte, dat it earîser sa nou forknôtte is oan de infiering fen it kristendom în ûs skierâld Frîslând. Foar 't ik jimme dit forhelje, wol ik earst it ien en oar meidiele ût de âlde skiednis fen ûs heitelând.
De âlde Friesen hieden hjar komôf to thankjen oan dy folkrike Germaniske ef Tsiutske folksstamme, dy în it bigjin fen ûs kristelike jiertelling him hast oer hiel Noard- en Midden-Jurope forspraet hie. Se wieren fen Skandinavisk bloed, bIuten dat in sterk, rou, stîfhollich en oarlochsuchtich folk, dat hast net oerwûn wirde koe ef în stokken to hâlden wier. Hia libben do den ek în folle greater kriten as nou, dêr se hiar wenten forspraet hieden oer de provincies, dy me hioeddeis Noard-Hollând, Grinslând, Drinth en Oerisel neamt. Nei de 4e ieu wier hiar sels yet gâns greater. Hiar godstsienst wier heidensk, hia knibbelen foar hout en stien en oanbeaën
2.
de goaden Wodan, Thor en Fositus, oan hwa se faek hiar eigen bern ta ‘n offer brochten. De înfiering fen it kristendom wier hjir den ek thige nedich en winskelik. Dit begriepen mear biskave Ingelsken en Ieren ek en stiûrden dêrom hiar sindelingen mei disse igge fen de Noard-sé. Mar disse prekers fen it kristendomhieden hjir swier ploeyen en mei folle moeite to kampjen ear ‘t de Friesen hwet niûter waerden en it ear liene woeden oan de leare fen it kristendom. Lang wier it bûter oan ‘e galge smard, mar einlings wier ‘t krekt as se segen op hiar wirk siean scoeden. Adgillus I, Frîslands kening, sêfter en freedsommer fen înborst as sîn foargongers, hâlde de sindelingen de hând boppe de holle, biginstige it preekjen fen it evangelie en stie it bowen fen tsjerken net în ‘e wei. Mar nei de dea fen Adgillus kaem der mei sîn soan en opfolger Radboud wer in tsiustere nacht fen ûngelove en bygelove oer dit earme lând. Underwilens radboud sîn rîk forgreatte fen Denemarken ta oan de iggen fen de Rîn, throchweakke hy it oerwûne lând mei it bloed fen sîn ûnderdienen en bisocht it op âllerhânde wîsen om de yet jonge kristengemienten oeral ût to roegjen en to forbaljen. Hy hie den ek rêst noch dûr foar dat de lêste Ingelske preker Wigbert it lîand ûtjage wier en mannich trou bilider fen it kristendom sîn gelove mei de dea bisîgele hie. Dytîds stie Pepîn fen Herstal oan it haed fen it greate Frankiske rîk. Hy wier net allinne in kindich krîchsman, dy er thige wêse dorst, mar naem de kristelike godstienst ek în sîn hoede. Hy hier der dêrom hertsear fen, dat it hiele greate Frîslând yet it heidendom oanhong en oan in skândelike ôfgoadery oerjown wier en dêron stelde hy alle mûgelike prîkken în it wirk om kening Radboud
3.
ta ‘n oar însiean to bringen. Disse spîtgnîske ris en sloech sîn goede rie în de wîn, ja gîng sels sa fier om in great leger byien to bringen en tsjin Galliën (nou Frankrîk) oan to fieren. De fyândige legers rekken op de grinsen fûleindich oan ‘t fiuchtjen, mar sa, dat Radboud în it jier 697 alhiel forslein waerd. Hy forlear de provincies dy er in jiermannisch to foaren innomd hie en waerd sadwaende thige skruten foar sîn machtige bûrman. Nou hieden de kristenprekers fry om wer în Frîslând to kommen. Ien fen dy sendelingen, dy Wolfram hiette, krige sels safolle fry, dat er oan it hôf fen kening Radboud preekje mocht, ja, sîn praten fûnd fen kening einlings safolle îngong, dat dy foar him naem, it heidensk gelove ôf to swarren en him ta kristen dope to litten. Mar do dât wêse scoe en radboud al mei de iene foet în it doopfet stie, frege er oan Wolfram hwêr sîn foarâlden wieren. Wolfram andere, dat dêr sîn foarâlden as heidens stoarn wieren, dy nou fen sels în ‘e hel hûshâlden. “Nou,” sei Radboud, towile er de foet tobek loek, “den bin ik lieaver mei mîn foarfaers în ‘e hel, as allinne în de himel.” Sadwaende bleau hy oan sîn dead ta in heiden. Underwilens wier Willebrord, in friûnd fen Pepîn en in thige îverer for it kristendom, în Frîslând kommen to preekjen. Hy teach al fierder en fierder en kaem einlings ek în Denemarken, hwer hy dy eale died forriuchte, hwer fen de gefolgen wieren, dat it earîser in ‘e moade kommen is, en dat ik jimme nou forhelje wol
Op in iere simmermoarn în it jier 698 lânde der in skip oan ien fen de eilânden in de Noard-sé net fier fen Denemarken. In dat skip wieren in great fiertich feinten, dy throch de folle en heftige oarloggen, dy dat lând teis-
4.
teren, as losprîs throch hiar folk oan de fyânden ûtlevere wieren. Unminskelik hird en wreed scoe hiar lot wêst ha, as de Himelhear, howol hia fen God noch sîn gebod wisten, hiar net in sîn feilige hoede nomd hie. Pas hieden se in pear dagen op it eilând as slaven in freeslik lyen ût to stean, ef op in moarn kaem Willebrord, de apostel fen de Friesen, hiar opsîkjen. Sîn earwirdich foarkommen en friûndlike wirden naem it rowe krîchsfolk foar him în, sadat se him hast in heger wêsen biskoagen. Hy forhelle hiar, dat er kaem ût namme fen de ienige en libbene God, om hiar ta Sîn tsienst ût to noadjen. Hy lei hiar ût, ho skândelik en barbaersk hiar heidenske godstsienst wier en fortelde hiar fen de lieafde, macht en wîsheid fen ‘e Skepper, dy de wrâld, sinne, moanne en stjerren ût neat foartbrocht hie. Mar dêr wounen de botte en rowe soannen fen it noarden neat fen witte. Likwol de jonge Deenske slaven harken mei wille en oandacht nei sîn wirden en biwarren se în hiar herte. Dêrthroch kaem Willebrord op ‘e înfal om se fry to keapjen. Hy en sîn kameraten koeden krekt safolle by elkoar skeuke as ta losprîs easke waerd, en de fromme sindeling forblîde him al în it foarûtsicht om de frykofte jonge feinten in sîn skip mei to nimmen. It eiland hwer se oan wâl wieren, hiette dytîds Fositelând, nei de ôfgod Fositus, oan hwa it tawyd wier. De Friesen biskoagen it as it hillichste herntsje den de wrâld. Alle dingen op it eilând wieren oan dy ôfgod tawyd, sa as de unwîtende hege îken, de harten dy în it skaed fen dy beammen rûndsprongen ef weiden, en de kleare saed, dêr it suvere wetter ût opbûrle. De biwenners fen dit hillich plakje grûnd wieren allegearre preesters, in twa rîgen skaet, offerers en krîchsliu.
5.
De lêsten moasten weitsje tsjin de oanfallen der fyânden; de earsten wieren wirksom in de tsienst fen de ôfgod en fortolken hjar orakels oan de bisîkers fen it hillichdom. Willebrord, mei al dy dingen, sels mei de namme fen fen it lând ûnbikend, swalke it mei sîn friûnden oan alle iggen en hernen throch, en nearne it spoar fen minsken fornimmende, thochte er, dat it eilând ûnbiwenne wier. Do hy de kleare saed seach, hwerût it wetter opbûrle, foel er fen oandwaning op ‘e knibbels, en nei dat er în krêftige tael de segen fen de himel ôfbidden hie, noadge er sîn friûnden ût om iepentlik bilidenis to dwaen fen hiar gelove. De jongen Denen wieren dalik ré om aon dat forsîk to foldwaen, knibbelen by de igge fen de saed en waerden do throch Willebrord doopt. Dêrop waerden in pear harten deid en bret en hâlden hia mei elkoar in ienfâldige, mar fleurige mieltîd. De lofsangen der kristenen, dy lûd klonken throch it wâld oan de ôfgod Fositus tawyd, wieren bliken fen hiar blîdskip. Sa tel lîkwol wier net de lêste toan weistoarn în it beamtegrien, ef Willebrord en sîn friûnden seagen hiar însletten throch in keppel krîchsfolk, dy mei dead en ûndergong drîgen. Dea bidaerd en mei in froede troanje trape Willebrord op dat balstiûrige folkje ta en frege, hwet hiar ta brocht hie om hiar sa în hiar fromme forgearringe to oerfallen.
“Wrake oer dy, freamdling!” andere ien fen hiar, in man fen fiertich, fiftich jier, dy it haed fen de keppel like to wêsen, “omdatstou in saed, oan ûs greate god Fositus tawyd, ûnthilige doarste. Witste den net, dat elk en ien, dy mei ûnreine handen oan dat wetter komt en bisten op disse hillige grûnd deit, dalik stearre moat?”
6.
“Dêr wist ik nin bit fen,” andere Willebrord, “like min dat disse saed en disse bisten hillich wieren.”
“Deadje him! Deadje him!” gûlde it rowe krîchsfolk en hia hellen in tweintich glinsterjende swirden foar ‘t liocht.
“Think er om hwet jimme dogge!” sei Willebrord, “Pepîn fen Herstal scil grif ienkear wrake nimme oer mîn dead.”
“Pepîn!” sa gûlden se allegearre tagelik, “ de greate haedman fen de Franken?”
“Ja, ik bin sîn friûnd. Doch bring my nei jimme kening Radboud, dy kin my thîge goed.”
Nou folge der in ameryke stiltme; hia lûsteren elkoarren hwet in ‘t ear, mûskoppen mei de haedman, en do sei dy einlings:”Freamdling, oan dîn forsik scil foldien wirde; mar ien fen jimmen moat throch ûs handen stearre, omdat jimme de lilkens fen ûs god geande makke ha, omdat wer hwet goed to meitsjen.”
“Earme man,” andere Willebrord, “ho ûnminskelik wreed is den jimme god! Ferget hy it bloed fen earme, ûnskildige skepsels? Hwet quea habbe wy oan it wetter dien? Lit jimme god sels ien fen ûs deye, as hy dat forlanget; doch dat kin er niet ienris dwaen, dat wit ik; dêr het er nin ienris macht ta. Wy kenne in better God, dy libbet, en himel en ierde, mei al hwet er in is, ek jou en my, skepen het. Dy God het nin wille in ûs dead, mar in ûs libben. Dy God allinne kin sillich meitsje; mar jimme goaden kinne ommers neat ûtsette; hia binne fen hout en stien throch minskehanden makke en kinne nin lid forroere. Né, oanbid de greate Skepper fen himel en ierde en jimme scille sillich wirde.”
7.
Pas hie Willebrord dy lêste wirden spritsen, ef in lang, ûnhurich man, heal neaken, allinne mei in bistefel om ‘e lea, mei in growe iken kneppel îa ‘t rûnd gûnsjende, stie drîgend foar Willebrord, sidzende:”Ik gean net fen dit sté, foar dat ien fen jimmen deid is. Ik sprek hjir ût namme fen Fositus. Dy het jin my spritsen. Hy is throch alles hinne lilk; sin bloed sieth him, nou sîn suvere saed bidoarn is en gjin drip wetter mear het foar de thoarst. Ik gean hjir dêrom net wei, foar dat it bloed fen disse misdediger forgetten is!”
Sa ringen as disse rowe preester fen Fositus swîge, waerden de swirden foar ‘t ljocht helle, op de skilden slein en mei in wrake-amjend lûd roppen:”Lotje! Lit ûs lotje! It lot moat oanwîse!”
“Wy hoeve net to lotjen,” sei nou de fromme Willebrord, “hjir bin ik; nim my; ik ha it dien. Nim my en lit de oaren gean!”
In djippe stiltme folge op disse wirden, mar ringen fleagen de jonge Denen, dy Willebrord doopt hie, op him ta en sleaten him în as in bolwirk, towile hia kleyend ûtrôppen:”Heit! bêste heit! né, jou scille net stearre, mar wy!”
It rowe krîchsfolk like oandien to wêsen throch dit toaniel, mar de wrede preester bleau by sîn beslût en rôp op ny:” Lotje! Lit ûs lotje!” – Dalik waerden nou thrye en fiertich skulpen op in hertefel del smiten: krekt sa folle as er kristenen în tal wieren. Under die skulpen wier ien swarte, en hwa dy ûtloek moast deid wirde. Nou waerden de kristenen blinddoeke en moasten se elk in skulp krye, en de swarte krige ien fen dy jonge Denen în sîn part.
8.
“Deadje him! Deadje him!” sa gûlde de preester mei ‘n aeklik lûd. De earme feint waerd nou mei geweld oanpakt en foartsleept nei in îkenbeam, dy as de wenpleats fen de god biskoage waerd. Willebrord woe him folgje, mar waerd throch in keppel swirden en lânsen keard. “Min soan!” sa rôp hy him yet ta, “wês net eangstich, forhûgje dy, de earekroane wachtet dy hjir boppe!” “Amen!” andere de feint, en pas wier dit wird de mûle ûntgliden ef it skerpe swird fon ien der krîchsliu hie de holle fen it lichem skaet.
De oare deis seach min in foech tweintich lîtse fartugen op it strând fen Helgolând fen wâl farren om nei Medemblik, in stêd op de westlike igge fen it tsjinwirdige N. Hollând, to silen. Dêr wenne de kening fen de friesen, Radboud, nei hwa Willebrord en sîn friûnden brocht wirden scoeden, den moast de kening witte, hwet er mei hiar dwaen woe. Willebrord naem disse langwilige reis to bate om fen Gods lieafde en greatheid to sprekken tsjin sîn friûnden, mar foaral tsjin sîn heidenske reisgeneaten. Alle jûnden sieten se mei elkoar om in great fiûr, towile de kristensindeling hiar fen it evangelie forhelle. De heidens hieden der wol mei op en harken mei oandacht, mar nimmen fen hiar dorst it weagje, de nye godstsienst oan to nimmen. De preesters en haedliu hieden den ek drîge, elk, dy it gelove fen sîn foarfaers ôfswarre dorst, dalik fen kant to meitsjen.
Likwol wie der ien, dy jimmeroan mei greate bilanstelling in oandacht harke nei it petear fen de froede apostel.
It wier Fostedina, de dochter fen in heidensk haedman, in oanfallich jongfaem fen niugentsien jier. De martel-
9.
dead fen de jonge Deen hie hiar thige oandien, en allinne de frese foar hiar heit en dy ûnminskelike preester hâlden hiar tobek om iepenlik ta it kristelik gelove oer to gean; hiu hâlde hiar dêrom mar thige înbândich. – Theudebold, hir heit, hie hir lieaf as it wît fen sîn eagen, hiu wist, ho danich it him moeye scoe, as er hearde, dat sîn dochter in godstsienst tadien wier, dy hy forflokte, en as de preesters der lonte fen rûkten, den waerden wis alle kristenen fen kant makke foar ‘t se to Medemblik kamen.
Einlings kamen se în disse stêd oan, en Radboud wier bûtenwenstige friûndlik jin sˆn gasten. Dalik waerd in mieltîd oanriuchte, en al de foarname liu fen it hôf sieten mei oan. Willebrord en sîn sibben waerden fry litten, dêr Radboud wiste, dat se bîfriûnde wieren mei de machtige Pepîn, mar de niugen en tweintich Denen waerden în de kapelle, oan Wodan tawyd, finsen set. By de mieltid hie Radbou Theudebold oan sîn riuchter en de preester oan sîn lofterside pleatse. De edelliu en oare gasten sieten oan in swiere îkenhouten tafel, hwerop in mannichte stikken sean en bret oxe- en harteflêsk en skinken fen wîlde bargen stieden to walmjen. Greate stiennene krûken mei bier stieden oer de flier. Fostedina wier ek to gast noadge en hie as Theudebolds dochter it eareplak nêst de preester înnomd. Hiu hie ‘t dêr lîkwol neat nei ‘t sin en mei hir sêfte inborst wier se by dy rowe en balstiûrige feestmielen alhiel net thûs. De gasten wieren thîge ûtlittich en fleurich en de kening net it minst. De nye Rin-wîn smakke hiar kostelik en hia waerden al fry hwet roerich.
“Is hjir nin sionger!” rôp Radboud, “om in liet for ûs to siongen? Hwer is Odo? Hy moat ûs yet ienkear dat moaye liet fen de slaef en de leau heare litte!”
10.
“Hy is foartgien, andere de hôfmaster, “om de brilloft fen de Frankiske keningsdochter by to wenjen!”
“Hwerom habbe jimme net sein, dat er hjir bliuwe moast,” andere Radboud wer.
“Dêrta woe ‘k him op allerhânde wîse biprate, mar omdôch,” sei de hôfmaster; “mar der scil faek wol in oare sionger to finden wêse. Do ik krekt sa de keamer fen de biskop foarby gong, hearde ik by in harp in lieaflike stimme siongen. Dat klonk sa swietlûdich in mîn ear: dy man moat it fêst thîge kinne.”
“Helje him hjir!” gebea Radboud, en dat stie it oarefolkje wol oan. Ringen kaem de hôfmaster mei de sionger in de seale. It wier in jonge mûnts fen Spaenske komôf. Fostedina koe him goed; hiu hie mannich ameryke nei sîn siongen harke.
“Kinne jy it liet sionge fen de slaef en de leau?! frege Radboud.
“Jou bidoele, think ik, de skiednis fen Androclus, dy throch de ûnminskelike keiser Nero foroardield waerd om tsjin de leawen to fiuchtjen? Ik ken die skiednis wol, mar ik hab der nin nocht oan om dêr fen to siongen, omdat dy slaef in heiden wier en sîn greate Skepper net koe. Mar ik wit in oare skiednis, fen immen dy de Himelhear kennen en oanbidden leard hie. Sîn namme wier Ignatius, biskop fen Antiochiën. Under keiser Trajanus waerd hy ta de dead foroardield en to Rome libben throch de leawen forskûrd. Hy stoar mei blîdskip en mei de namme fen sîn Skepper op ‘e lippen.”
“Siong dat liet! “Siong dat liet!” sei Radboud, en dêrmei wieren de gasten allegearre thîge in ‘t skik.
Nei dat er sîn harp stimd hie, bigûn de mûnts ût to
11.
heljen. De înhâld fen sîn liet kaem hjir op del. Earst bisong er de frommens en hillichheid fen de marteler, tsjinoer de ûnmenskelikens en grimmitigens fen de heidenske preesters; ho de froede kristen mei freugde op it antlit de îslike dead tomiette gien wier, en einlings skildere er de ûnskatbre foarriuchten fen it kristendom en it forkearde en gikke fen de heidenske godstsienst. Elk lûstere mei stille oandacht nei dat liet. Fostedina koe it skriemen net litte. Adgillus, de soan fen Radboud wier ek thîge oandien. De preester lîkwol biet him fen nidigens op ‘e lippen en seach as in ûle, en hie de kening der net by wêst, den hie hy faek de sionger mei sîn swird dwars throch stitsen. Mar sîn grimmitigens waerd yet greater, do hy Fostedina, dy oan sîn side siet, sunich sidzen hearde:”Och, ik woe wol, dat sa ’n earekroane ek op mˆn holle set waerd!” Hiu tocht er op dat amery net om, nêst hwa se siet. De preester sei wol neat, mar hy hie hir forstien en sîn eagen skeaten fiûr. Nou folge der in ameryke stiltme. Radboud, în mimering forsonken, lîke ‘t în ‘t sin to kommen, dat hy ek forskate kristenen fen kant meitsje litten hie. Sîn gewisse klage him oan en lûstere:”Dou bist dy wrede Trajanus;” mar den sei wer in oare stimme:”moffelje dy mûnts ût ‘e wei! dou hest ommers neat as oerlêst fen him.” – Unforhoeds springt de preester oerein en boldert mei ‘n rou lûd:”Forflokt is dat liet! forflokt dy sionger! Hy het ûs goaden Wodan en Fositus to nei wêst.
“Forflokt binne de kristenen! Us foarfaers wieren nea mei hiar iens en woeden neat fen hiar witte. En dy foarfaers libje nou sillich în Walhalla by Wodan. Lang libje Trajanus, dy eale keiser! Hy makke se fen kant, dy Wodan en Fositus ôffalich waerden! Nim jimme
12.
krûken, jimme, mannen, stoere helten! jimme, frye edellin fen Frîslând! Nim jimme
krûken en drink! Drink op it heil der goaden fen ûs foarfaers!”
‘t Wier krekt as in ûnsichtbre macht de hiele forgearringe bitsioend hie, do de preester hiar de krûken in ‘t sin brocht. Dalik waerden de krûken rimpen oanpakt en elk dronk in fixe slok. De stiltme makke nou plak for in great rumoer. Dat hie de preester krekt op it each; nou wier sîn doel birikt. –“Libje Wodan! Libje Fositus!” gûlden de gasten om krîch. Radboud, dy blîd wier, dat er sîn gewisse sa gau ta swyen bringe koe, naem ek de krûk beet mei de wirden:”Dat is in moaye skiednis; ik thankje de sionger dy ûs op it thinkbîld brocht om hjir sa ‘n formeits habbe to kinnen. Wy habbe niugen en tweintich man în de finsenis, dy Wodan en Fositus ûntrou wirden binne. Bring se ringen hjir foar ûs, den kinne wy heare hwet se sidze, en as se wegerje de god fen de kristenen ôf te swarren, den scil ‘t hiar net bêst ôfgean, den scil ik hiar mei de wolven fiuchtje litte.”
Op steande foet waerd oan de hôfmaster hietten om de niugen-en-tweintich finsenen foar de kening to bringen, en ringen waerd oan dat bifel foldien.
“Jimme Deenske hûnden!” sa spriek de kening hiar oan, jimme binne soannen fen dy ûnmensken, dy it folk în ûs Kennemerlând deiden en de litse bern oan hiar memmen ûntskûrre woeden. Dat allinne wier genôch om jimme allegearre fen kant to meitsen. Mar bûten dat wirde jimme ûntrou oan de goaden fen ûs en jimme foarfaers, en litte jimme throch kristenen dope. Ik scoe riuchtfeardich wêse, as ik jimme libben forbarne liet; mar dat grîst my oan, omdat jimme yet în de maitîd fen ‘t libben binne.
13.
Dêrom wol ik jimme op ien bithingst genade jaen, en dat is, dat jimme de God der kristenen forflokke en Wodan offerje scille. Dogge jimme dat, den binne jimme fry, mar oars lit ik jimme foar de wolven smite en de hûnden scille jimme flêsk ite.”
De hiele forgearringe seach mei bilangstelling nei disse jonge feinten, dy în ‘t libbensfoarjier mei it read der sûndheid op hiar troanje de kar in birie namen.
“Hwet is jimme andert?” frege Radboud.
Dêrop gîng ien fen hiarren in pear trêd neyer en sei ûnbiskromme, mei in kler lûd:”Ik wit net, hwet mîn maten fen sins binne en dwaen scille, mar ik winskje de libbene God to tsienjen nei it wird fen ûs greate Master!”
“Dat wol ik ek, - en ik ek!” rôppen forskate feinten.
“Jimme moate allegearre forklearje, hwet jimme fen sins binne,” rôp de preester mei in wrake-amjend lûd; “Hwa fen jimme de God der kristenen forflokke wol, dy moat de riuchterhând in ‘e hichte stekke!”
Acht feinten stieken linkende wei de riuchterhând omhegens, towile se de lofter foar it oansicht hâlden.
“Dy acht feinten binne fry en kinne gean hwer se wolle, mar bring de oare ien en tweintich dalik wer nei de finsenis,” sei de kening.
“Wy wolle libje ta eare fen ûs machtige Skepper en ûs greate Master. Wy prîsje de libbene God ta în îvichheid!” sa songen dy feinten do se ût de seale gongen.
“Hallelujah! Amen! De earekroane wachtet jimme!” sei de monts heal lûd.
“De earekroane!” sei Fostedina in hiar sels, towile hiu
14.
hir beide handen foar it antlit hâlde om har triennen to bistopjen.
De preester seach hir oan mei in pear eagen, dy fiûr skeaten, en fen grimmitigens rôlle er de fûsten op ûnder sîn mantel. De jonge faem stoe op, gong nei hir keamer, knibbele dêr en bea:”o God, mîn God! help en stîpje my, meitsje my trou en jow my ienkear de earekroane!”
“Dy earekroane scilstou ha!” sa klonk it efter hir mei in hûnjend lûd.
Fostedina stie tel oerein en seach skruten nei de forwinske preester, dy hir sa glean oanseach as woed er hir forskûrre. Hiu trille as in laem, dat in wolf op him takommen siocht.
“Dy kroane scil dîn eindom wirde,” sei de preester yet ris spîtnîskjende en leit hir allinne.
De oare moarns gîng in hiele keppel folk nei it wâld om wîlde djieren to fangen en kamen de jûnds mei toalf libbene wolven en thrye brommende bearen werom. Underwilen wier in greate lape grûnd throch sketten en stekken ôfsletten en hie min hege sitplakken for de kening, de keninginne en hiar hôfhâlding ôfsûndere, hwent it freeslike skouspil scoe de oare deis pleats ha.

II.
De sinne bigûn al nei it westen to nîgjen en forsprate yet in flau liocht. De jonge Denen wisten biustere goed, dat it de lêste dei fen hiar libben wier; de hammerslag-
15.
gen werklonken în hiar finsenis, dat in rom en sierlik gebou wier. It liocht skînde throch acht smelle finsters, dy rom acht foet boppe de flier wieren. De rute wieren net fen glês, mar fen hoarn în leaden spilen. De jonge martelers sieten nêst elkoar op ‘e grûnd, hwent în de romme seale wier oars nin hûsrie as in âlter en in houten ôfgod. It waerd tsiuster om hiar hinne mar it wier liocht în hiar herten, towile se elkoar safolle as ‘t koe sochten to treasten.
“Witte jimme yet wol,” sei ien fen hiarren, “dat ûs heit (to sidzen Willebrord) ûs wol forhelle, ho Stefanus, de earste marteler, stearrende it hemelske paradîs miende to siean?”
“Ja, broerren!” sei in oar, “moarn om disse tîd scille wy it allegearre better ha. Den binne wy mei ûs lieaven Heare în it himelske paradîs.”
“Wy moatte net eangje for de wolven en bearen,” foege in thrêdde der by. “Dy kenne ûs lichem wol deye en toropje mar ûs siele kinne se nin hinder dwaen.”
Op disse wîse treasten hia elkoar en spriek de iene de oare moed în.
Op it selde amery fornamen se in sêft gerissel bûten oan ‘e mûrre; it kaem al neyer in neyer en liet him einlings heare oan in finster flak boppe hiar hollen. De leaden spilen foelen oer de flier en in frisse wîn waeide hiar tomiette. De feinten harken mei sann pear earen; it wier krekt as der in ding fen boppen foel. Hia fielden om hiar hinne en fûnden in touleadder hwermei immen delkommen wier.
“Feinten!” sa lûstere in sêfte stimme; ”kom, rêd jimme libben. Kliuw op disse leadder nei boppen, oan de oare
16.
kant fen de mûrre hinget yet ien. Fluchtje, sa gau jimme kinne, nei it lând fen de Franken.”
“Hwa binne jy?” frege ien fen de feinten.
“Freegje net,” wier ‘t andert. “meitsje foart! De Himel mei jimme biwarje!”
De Denen dieden sa as hiar hietten waerd. Stil en sûntsjes slûpten se by de leadders op in stieden ringen oan de oare kant op frye foetten. It wier thige stjerhelder, sa dat se it paed maklik fiine koeden en niunken lîtsen sûnder ûngemakken în it Frankelând oankamen.
Pas wier de oare moarns de sinne ût it nêst, ef de swiere îkenhouten doar waerd krassende iepen draeid throch de opperhôfmaster fen kening Radboud.
As in peal bleau er stean; hy koe him net bigripe hwet er seach. De cel wier leech, allinne in frouminske siet by it âlter. Hy thocht earst, dat it in goddinne wier en woe foar hir delknibbelje; mar it frouminske wonk him om neyer to kommen en sei:”Wês net bang, Hédo, ik bin ‘t!”
“Ho! hwette!” rôp de forwûndere opperhôfmaster ût, “Fostedina! de skiene dochter fen Helgolânds haedman?”
“Ja,” andere de faem mei in friûndlike loaits, towile se nei it iepene finster en de leadder wîsde, “de Denen ha de flecht nomd.”
Yet mear forwûndere seach de man nei boppen, nou hy alhiel bigriep, ho ‘t alles him tadragen hie.
Ungelokkich fanke! Hwet heste dien?”
“Hia binne foart!” rôp hia froalik ût, “ik prîsje de greate God, hia binne rêdden!”
Mei ‘n utering fen forwûndering en meilyen seach er hir oan.
17.
“Ungelokkich bern,” sei er yet rîs, “ho koeste sa ûnfoarsichtich wêse! Hest er nocht oan om throch de wîlde djieren forskûrd to wirden? It folk scil dy deadje!”
“Mîn libben is în Gods hând,” andere hiu sûnder frese, “as Hy my de earekroane tasein het, scil it my ta wille wêse.”
De hôfmaster koe nin wirden mear fine om sîn forwûndering to uterjen; hy koe him net bigripe, ho fen soks hwet by hir opkomme koe; hy biklage har thîge – hiu wier dôchs sa jong, sa skoan, sa înnimlik!
“Meitse dat jy hjir wei komme!” sei er, hir by de hând nei de doar liedende, “gean nei hûs en op bêd; ik scil swye, swye as it grêf; nimmen scil it to witten komme, dat jy it dien habbe.”
“Né, Hédo, mîn goede Hédo!” andere de faem, “ik wol hjir bliuwe. Lit de kening en mîn heit hjir fry komme; hia matte witte, dat nimmen as ik de skild er fen hab. Oars scille se licht de biskop en sîn maten de skild jaen en foar de wolven smite. Né, ik bliuw hjir!”
Al ho de hôfmaster hir ek socht to bipraten, it eale famke bleau hwer se wier. Dêr klonk de jachthoarn. Me hearde it wrinsgjen en trippeljen fen in keppel hînsers. “Der komme se oan! Foart nou, to gau!” rôp de hôfmaster. Mar it wier to let. In haedman kaem mei in keppel wapene feinten de doar însetten, mar hia bleawen stean as wieren se fen de thonger slein, do se fornamen hwet er bard wier. Hia pakten Fostedina rimpen oan en brochten hir în it paleis fen de kening.
Radboud siet krekt sîn brogge to biplusjen mei Adgillus sîn soan en de haedman fen Helgolând, de preester en inkelde edelliu fen sîn hôf. Hia petearren just oer it aekerlik en wrede skouspil dat se strak siean scoene, do de haed-
18.
man fen de wacht în de seale stoep. Keltme en bikommernisse wier op sîn antlit to lêsen; hy wier alhiel fen de wîse en koe hiar nawerneed oan ‘t forstând bringe, hwet er bard wier.
“Hwat seit dy tsierl! Greate goaden!” rôp Theudebald, de haedman fen Helgolând, ût, towile er rimpen fen sîn sit opsprong. Radboud joech in gûl en sloech sa geweldich op ‘e tafel, dat alles hwet er op stie in loftreis makke. De preester seach sa grimmitich nei de hôfmaster, krekt as er him mei de eagen throchboarje woe – en Adgillus sloech de beide handen foar de eagen. “Dat gemiene fanke moat dalik hjir komme!” bâlte de kening.
Fostedina waerd în ‘e seale laet. Hiu trape wolbiret en mei în fêste stap op de manliu ta. Frymoedich dorst hiu de kening în it oansicht siean, mar do se hir heit bimirk, sprongen hir de triennen în ‘e eagen en moast se hir oan ‘e tafel fêsthâlde.
“Ellindich bern!” rôp de kening, “hestou dy slaven ûntkomme litten?”
“Dat hab ik dien,” andere hiu bidaerd.
“Hest it allinne dien, en het nimmen dy holpen?”
“Nimmen!” wier it anderd, “ik hab gjin helpers hawn.”
“Mîn bern! mîn dochter!” rôp Theudebald oandien ût, “ho koeste dêr ta komme?”
“Ik hie meilyen mei dy jonge minsken,” sei Fostedina, “en it grîsde my oan, dat dy ien-en-tweintich ûnskildige feinten op sa ‘n wrede wîse formoarde wirde scoeden.”
“Unskildich?” rôp de haedman ût, “neamstou dy ôffalligen unskildich?”
“Ja, dat doch ik. Ik leau dat hia gelîk habbe, en dat
19.
ûs goaden deade goaden binne. Ik leau oan de ienige, wiere en libbene God.”
Der waerden rare gesichten set en in gûl fen skrik en fen haet mei iens klonk throch de seale by it hearren fen dy iepenlike, frymoedige bilidenis. Dêrop swîgen se allegearre. Mei ‘n utering fen inerlike freugde op it antlit stie Fostedina midden în dit toaniel fen forwûndering, woede en kjeltme. Einlings stie de preester oerein en sei:”Nou witte wy genoach; ik wist it jister wol, dat it famke yet de slimste fen allegearre is. It bigreate hir, dat de Denen sa oan hiar ein komme scoene en neamde it in earekroane, dy se for hir sels forlange. In gikke wean het hir sinnen în ‘e tîs brocht. Hiu wol stearre. Wy moatte rieplachtje, hwet wy mei hir dwaen scille.”
“Dêr bin ik mei iens,” sei de kening, “bring Fostedina în ‘e finsenis en pas op dat se ûs net ûntkomt.”
Do Fostedina mei de haedman en sîn feinten foartgien wier, sei de kening, de haedman fen Helgolând oansprekkende:”Theudebald! it is jou dochter, hwet straffe moat se ûndergean?”
Hy swîge en sloech beide handen foar de eagen.
“Hiu is mîn bern, mîn ienischst bern; hir mem is stoarn, en sûnt wier hiu mîn blîdskip, mîn libben, mîn alles; ik bin in ûngelokkich man en scoe wol forlangje to stearren. Mar as jimme mîn lieave dochter foar de wîlde bisten smite, spring ik by hir. Sûnder hir kin ik net libje. O mîn lieave Fostedina! mîn wille, mîn alles!”
Towile er dit aei, glinsteren der triennen in ‘e eagen fen disse rowe krîchsman. Hy die sîn bêst om sîn moei-
20.
likens biskûl to hâldenthroch în in hoeke faen 'e seale stean to gean mei de rêch nei it folk ta.
"Jy scille it dôchs wol nea tastean, dat disse eale faem throch de wolven deid wirth," lûstere Adgillus sîn heit în 't ear.
"Hiu is in ôffalige," sei de preester mei in fors lîud; "hiu het ûs goaden it offer, dat hiar takaem, ôfkaept."
"De wrake fen Wodan scil oer ûs komme, as wy hir gean litte; hiu moat stearre."
"Ik wit wrammels net, hwet ik dwaen moat," sei Radboud, dy mei de hând oer 'e foarholle wreau. "Hiu is in eale, tsjeppe faem; ik woe wol, dat wy ûs goaden în pleats fornoegje koeden mei in offer fen fîftich oxen," se er tsjin de preester.
"Mei nin tsien thûsen!" rôp de preester ût, ûs goaden easkje it bloed fen it fanke, en it folk ek; hia meitsje hiar der op klear, dat se in gefiucht fen wîlde bisten siean scille. It folk scil oproerich wirde as jy hiar dat skouspil binimme."
"Mar wy kinne hiar nin gefiucht fen wîlde bisten jaen, hwent hwer binne de kampfiuchters?"
"Dat is sa," sei de preester, "mar offerje den allinne it fanke. As jy dat net dogge, scille se sidze , dat wy de Denen ûntkomme litten ha. Hjirop folge in amery stiltme. Der laei wierheid în hwet er spritsen hie; dat moast de kening bikenne en sîn soan Adgillus ek.
"Der kin ik yet net goed ta bislute," sei de kening. "Ik moat dêroer mei mîn riedsliu en de âldsten fen it folk rieplachtje. Rop de opperhôfmaster."
Disse kaem en harke nei it jinge him hietten waerd.
Underwilens kaem it folk by hiele keppel oanstormjen,
21.
om it wrede skouspil to siean. Do se fornamen, hwet er geande wier en dat de Denen op 'e flecht gien wieren, bigûnen se fry hwet to protteljen. It folk rûn gear foar it paleis fen de kening en gûlde en bâlte. De opperhôfmaster kaem bûten doar en sei dat hia nei it wâld gean moasten, dat oan Wodan wyd wier; hwent dêr scoe de miene gearkomste hâlden wirde fen de riedsliu en de âldsten fen it folk.
Bynei de hiele dei gong dêrmei hinne. Under in greate thrye hûnderdjierige îkenbeam sieten de kening, de prins, de preester, Theudebald, de riedsliu en de âldsten fen it folk. Om hiar hinne rûn it folk gear, towile Fostedina în 't formidden brocht waerd op in rom plak twiske de rie en it folk. Dêr stie se foar it each fen allegearre as in bîld fen fêst gelove mei de handen gear en it each nei boppen slein. It wier sa stil, dat min in blêdsje risseljen heare kinnen hie. It wier krekt as der in ingelûnder harren delsayen komd wier, en somliken koeden it net litte om ût to roppen: "Ho tsjep, ho oanfallich is hiu. Einlings gong de kening opstean.
"Jimme, frye mannen fen Frîslând," sei er, towile er nei Fostedina wîsde, "dit is de faem dy de Denen foartholpen het. Wy binne hjir byien om to rieplachtjen en to bisluten, hwet wy mei hir dwaen moatte."
Hy swîge. De measten fen it folk konkelfûsen mei elkoar en inkelden rôppen: "Foar de wolven, foar de wolven!"
In earwirdige âlde man mei grîs hier en bird, ien fen de âldsten fen it folk gong opstean en sei, towile er sîn spear în 'e hichte hâlde: "Hiu het ûs goaden hûnd, de goaden fen ûs âldfaers. Dy kladde moat se mei hir bloed ûtwiskje."
22.
"Us âlde heit het in wîs wird spritsen," foege de preester der by, "hiu het it bloed roave, dat ûs goaden takaem."
Forskate oare preesters seyen it selde en easken allegearre hir dead.
Einlings kaem Theudebald oerein; hy smiet sa forheftich sîn swird en skild tsjin de grûnd oan, dat it throch it hiele wâld klonk. "Dêr leit mîn rom en eare," sei er mei in triljend lûd; "ik bin in ûngelokkich man; hiu is mîn ienichst bern; hir earste amjen wier de lêste sike fen hir mem; jimmer wier hiu de lioechtstriel fen mîn hert, it blonke dat de winter fen miin libben yet hwet fleur bysette, mar ik jow hir oan jimme oer. Dwaen mei hir hwet jimme goed thinkt. Ik scil hir net lang oerlibje. Mîn britsen hert kin net wer genêsen wirde."
It wier klear to siean, dat elk meilyen hie, do de âld man, dy hir dead easke hie, wer oerein ging en mei in forse stimme sei:
"Skânde oer jimme! Binne jimme swakke frouliu en bern lîk en net de neiteam fen de âlde romrofte Friesen? Habbe jimme foarfears ea tsjinaxele om hiar bern oan de goaden op to offerjen? Ik bin in âld man, en hab nea de romrofte dagen bilibbe, - mar it mei my yet thinke, dat mîn heit, do ik yet in bern wier, my forhelle, ho in mem hir eigen bern în in koer lei en libben forbarnde ta eare fen ûs greate goddinne Frya, dy dat offer sa oanstie, dat hiu ûs hiele neiteam, ta în 't tsiende slachte in hege âlderdom ûnthiet. Dat ûnthiet is hiu goed neikomd, hwent forskate fen jimme scille 't wol witte, dat mîn heit hûnderd en sextsien jier âld wirden is, en dat ik omtrint niugentich bin. Jister deade ik
23.
likme allinne mei mîn spear yet in wîlde bear. De goaden segenje dy jinge, dy hiar earje en hearich binne. Doch wrake oer hiar, dy Alfader it bloed ûnthâlde, dat him takomt. Dy wrake komt wis oer ûs, as wy dy machtige hûnje en narje."
"Foar de wolven! foar de wolven!" rôppen in stikmannich en in algemien geprottel en gestûn liet him heare, ta biwîs, dat it jinge spritsen wier wol îngong fûnd en dat fierwei de measten it mei de âlde grîsert iens wieren.
Nou gîng Adgillus opstean. Hy wier in eal minske en om sîn forstând en noflike omgong by it folk thîge în oansien. "Ik bin yet in jongfeint," sei er, "en it foeget my net to sprekken în it bywêsen fen hiar, dy al grîs wirden binne în jierren en ûnderfinding. Lîkwol het elk in stimme în in gearkomste as disse. Us earwirdige âlde heit forhelle ûs krekt sa, ho alear ûs foarfaers hiar bern deaden en oan de goaden offeren. It skînt lîkwol, dat se er net sa botte folle mei op ha, om 't se în 'e lêste hûnderd jier sokke offers net easken. Ik kin my net bigripe hwet wille me smeitsje kin în it bloed fen onnoasele berntsjes. Binne de goaden fen ûs âldfaers den wolven en tigers? Scoe ien fen jimmen it bloed drinke ef it flêsk ite wolle fen in bern? Scoe ien fen jimmen dat wolle? Dat freegje ik?"
"Né, né, dat net!" klonk it oan alle siden.
"Ja, dat hie 'k wol în 'e rekken," sei de prins, "ik wist wol, dat jimme net sa 'n nocht oan bloedforjitten hieden. De Friesen habbe nea skruten wêsen om hiar fyânden ûnder eagen to siean, en as hia thîge hûnd waerden, dat mei hiar bloed to biteljen, mar nea het in eale Fries
24.
langhalse nei it bloed fen frouliu ef bern. Né, krekt oars om; jimmer hied er sîn libben der foar oer!"
"Ja, ja dat is wier! thîge wier!" klonk it fen thûsen lippen.
It wier krekt as al it folk op iens throch in nuvere geastdrift bisield waerd. Spîsen en swirden waerde omheech stitsen, en it wâld werklonk fen hiar roppen en gûlen.
"Nou den," sei de prins wer, "as wy it bloed fen ûs frouliu en bern net forlangje, binne wy den better as de goaden ef binne wy hia minder as wy? Binne de Friesen nommel en fry en hiar goaden bloedthoarstige tîgers? Ik forlangje alhielendal net it bloed fen disse ûnskildige faem. Forlanget ien fen jimmen hir bloed to drinken?"
"Né, o né! dat forlangje wy net! Lang net! rôppen hia allegearre tagelîk.
"Nou den, wolle jimme den jimme goaden jaen, dêr jimme sels in ôfgrîs fen ha? Ik ha jimmer greatsk wêst op mîn namme fen Fries, omdat er throch nin bloed bismodse wier, mar as jimme nou it hert în 'e hûd ha om disse jongfaem to deyen, wol ik perforst net langer dy namme drage en forlit it lând sa ringen as ik kin. Ik scoe my skamje, as mîn tsjin my sidze koe: jy heare ta dat folk, dat warlease frouliu deit. As jimme har foar de wolven smite, gean ik mei hir en scil hir mei mîn swird fordîgenje."
Dêrop hâlde de prins sîn swird omheech en liet sîn eagen oer it folk weidje, dat throch sa 'n tael alhiel forbûke wier.
"Do mîn keninklike heit, dy nou oan mîn side stiet," sa sei er fierder, "my dit swird oerlange, hab ik sward,
25.
it mei eare en allinne brûke to scillen om swakke, ûnskildige en warlease skepsels to hoedjen en to fordîgenjen. Dy eed scil ik hâlde. Hjir bin ik. Us God mei my helpe!"
Sa ringen die lêste wirden utere wieren, gong de jonge prins as in biskermengel foar Fostedina stean, towile er sîn swird omhegens stiek.
It is net to biskriuwen hwet ûtwirking dit hie op de forgearringe. Hia stiene allegearre biteutere en seagen de prins mei biwûndering oan, towile him ta eare, it âlde îkenwâld fen hiar roppen bâlten werklonk. Einlings gîng de preester opstean en nei ris goed brimd en de riuchterhând mei 'n earnstige troanje nei it folk ûtspraet to habben, slagge hy der op 't lêst în, de forgearringe ta swyen to kryen. Hy sei do: "Us eale prins het in ridderlik wird spritsen. Lokkich it folk, dat him op sokke feinten biromje mei. Hy forlanget net it bloed fen disse faem, né, dat bijearret net ien fen ûs. Doch it jongfolk is faek ûnbithocht în hiar oardiel. Disse faem het ûs goaden hûnd, de nye godstsienst oannomd en dy fen ûs âldfaers forlitten. Dat is in greate misdied. De wet fen de Friesen easket de dead fen elk ......"
"Nin dead, nin dead!" rôppen thûsen tagelîk, towile se de preester net ûtprate lieten. "De faem scil net stearre!"
De preester biet him fen grimmitigens op de lippen en waerd sa wît as in deade do er ta sîn ergewaesje fornaem, ho it folk er oer thochte.
"Thige bêst," sei er, mei in skînhillige troanje, towile er sîn lilkens net blike liet, "lit hir libje! Mar it scoe dôchs net goed wêse, hir ûnforhindere gean to litten. De goaden easkje foldwaning en de wet riuchtfirdigens. Disse faem sei my, dat hiu in earekroane forlange en
26.
dêrom het hiu de Denen ût de finsenis holpen. Wol nou, jow hir den sa 'n kroane. Ik wit wol ien; 't is krekt allik ien as de hear fen hiar tsjerke ienkear droech, nei 't hia sidze."
"Akkoarte!" rôppen forskate manliu, "kroanje hir, kroanje hir!"
Hjirop gong de preester it bosk în en kaem mei 'n amery werom mei hwet ûnder sîn mantel, dat er biskûl hâlde. Hy gong op de kening ta en mei de wirden,"hjir is er!" helle er de krânse foar 't liocht, dy fen stikels en doarnen frisle wier.
De greatste part fen it folk gong nou oerein stean en hia stieden der heftich op oan, dat hiu dy straffe ûndergean scoe.
De kening karde it ek goed en min kaem oerien, dat de folgjende deis, fen sinne-opgong ôf ont se ûnder gong, Fostedina mei de doarnenkroane op 'e holle, midden în it folk to pronk stean scoe, en dêrop forballe wirde.
De oare moarns, as ringen as de dage oan 'e loft wier, stie de wrake amjende preester al mei de doarnenkrânse ré, en threau dy de faem mei alle geweld op 'e skiene holle. De skerpe stikels en doarnen stieken throch it thinne fel en al skielik rûn bloed hir mei strielen by de wangen del. Dôchs hiu joech nin kik en ûndergong blymoedich hir straffe. De oare deis forliet hiu it lând. Willebrord en sîn friûnden reisgen mei hir nei it hôf fen Pepîn.
Nei dy dei waerd Adgillus net mear în Frîslând sioen. Hy naem tsienst by de Franken om de grinsen to biweitsjen en sîn moed en diapperens klonk skielik throch it hiele lând, sadat Pepîn him ta opperhaedman fen sîn leger în it suden oanstelde.
27.
Radboud libbe net lang mear nei dat sîn soan it lând forlitten hie. Hy stoar în it jier 719. Sîn soan folge him op ûnder de namme Adgillus II, howol de heidenske preesters hiar mei geweld der jin forsetten.
It folk woe him ta hiar kening ha, hwent hia hieden dy eale helt lieaf; ek wegere it net om Fostedina as hiar keninginne oan to nimmen. Willebrord segene hiar houlik în. Forskate groeden wieren yet klear op hir foarholle to siean fen dy skerpe stikels en doarnen, do hiu oan de side fen hir man Adgillus II, hir intochte die în Starom, dat în dy tîd de wenpleats wier fen de Frîske forsten.
It folk prottele en stûnde do it de groeden op Fostedina's foarholle seach, en hiar dêrby to binnen kaem ho wreed en hird ienkear dy eale faem mishândle wier. De moarns fen de iepenlike kroaning stoepen toalf jonge fammen by hir de keamer în en beaën hir in glêd wreaune stielene kroane oan, dy sa makke wier, datkrekt de groeden fen 'e doarnen derûnder biskûle sieten. In lichte smelle plaet bistoppe it boppeste diel fen de foarholle en waerd mei twa krolders efter de earen fêsthâlden. dat wier it earste earîser, en mîn moat sidze, dat it do wol de riuchte namme hie. Al ringen waerd it dragen er fen throch de foarnaemsten neifolge, wîlst it mei de tîd fry hwet în foarm foroare, en to lange lêste in kape waerd fen silver ef goud.

K. Aartsma Azn.

Onderwerp

TM 2608 - Herkomst van het Friese oorijzer    TM 2608 - Herkomst van het Friese oorijzer   

Beschrijving

De gouden kap die koningsdochter Fostedina bij haar inhuldiging tot koningin krijgt om de littekens van de doornenkroon te bedekken zou de herkomst zijn van het Friese oorijzer. Willebrord belandt met tot het christendom bekeerde Denen in Helgoland, en wordt daar wegens ontheiliging van het woud gevangen genomen. Fostedina, dochter van het opperhoofd, spreekt bij het zien van de marteldood van één van de gevangenen de wens uit ook eens de doornenkroon te dragen. Een priester hoort dit, en als Fostedina aangeeft de gevangenen heeft geholpen te ontsnappen, geeft de priester aan dat het een dag dragen van de doornenkroon en verbanning de juiste straf is. Na de dood van koning Radboud keren Fostedina en Adgilles, zoon van Radboud, terug, trouwen en wordt Fostedina koningin. Bij haar inhuldiging krijgt zij een gouden kap om de littekens van de doornenkroon te bedekken.

Bron

K. Aartsma Azn. Fostedina ef Ho it dragen fen earîsers în de moade kommen is. Historisk romantisk forhael. Forjit my net! Tidskrift útjow fen Selskip for Frîske Tael en Skriftenkennisse. Fifte boek. Earste jefte. It Hearrenfean, N.A. Hingst, 1875

Commentaar

Grotendeels gebaseerd op J. de Liefde, Fostedina: de Friesche Koningsdochter. of: De oorsprong der Friesche kap. Amsterdam,[1850]

Naam Overig in Tekst

Frîslând    Frîslând   

Friesland    Friesland   

Noard-Jurope    Noard-Jurope   

Noord-Europa    Noord-Europa   

Midden-Jurope    Midden-Jurope   

Midden-Europa    Midden-Europa   

Noard-Hollând    Noard-Hollând   

Noard-Holland    Noard-Holland   

Grinslând    Grinslând   

Groningen    Groningen   

Drinthe    Drinthe   

Drenthe    Drenthe   

Oerisel    Oerisel   

Overijsel    Overijsel   

Noard-sé    Noard-sé   

Noordzee    Noordzee   

Rîn    Rîn   

Rijn    Rijn   

Galliën    Galliën   

Gallië    Gallië   

Frankrîk    Frankrîk   

Frankrijk    Frankrijk   

Denemarken    Denemarken   

Fositeland    Fositeland   

Helgoland    Helgoland   

Medemblik    Medemblik   

Antiochië    Antiochië   

Rome    Rome   

Walhalla    Walhalla   

Kennemerland    Kennemerland   

Frankenland    Frankenland   

Starom    Starom   

Stavoren    Stavoren   

Friesen    Friesen   

Germanische

Germaanse    Germaanse   

Friezen    Friezen   

Tsiutske    Tsiutske   

Duitse    Duitse   

Skandinavisk    Skandinavisk   

Scandinavisch    Scandinavisch   

Ingelsken    Ingelsken   

Engelsen    Engelsen   

Ieren    Ieren   

Frankische Rijk    Frankische Rijk   

Christendom    Christendom   

Hemelheer    Hemelheer   

God    God   

Skepper    Skepper   

Schepper    Schepper   

Deense    Deense   

Denen    Denen   

Spaanse    Spaanse   

Franken    Franken   

Wodan    Wodan   

Thor    Thor   

Fositus    Fositus   

Adgillus I    Adgillus I   

Radboud    Radboud   

Wigbert    Wigbert   

Pepijn van Herstal    Pepijn van Herstal   

Wolfram    Wolfram   

Willebrord    Willebrord   

Fostedina    Fostedina   

Theudebold    Theudebold   

Theudebald    Theudebald   

Odo    Odo   

Androclus    Androclus   

Ignatius    Ignatius   

Nero    Nero   

Trajanus    Trajanus   

Stefanus    Stefanus   

Hédo    Hédo   

Frya    Frya   

Alfader    Alfader   

Wodan    Wodan   

Thor    Thor   

Fositus    Fositus   

Adgillus I    Adgillus I   

Radboud    Radboud   

Wigbert    Wigbert   

Pepijn van Herstal    Pepijn van Herstal   

Wolfram    Wolfram   

Willebrord    Willebrord   

Fostedina    Fostedina   

Theudebold    Theudebold   

Theudebald    Theudebald   

Odo    Odo   

Androclus    Androclus   

Ignatius    Ignatius   

Nero    Nero   

Trajanus    Trajanus   

Stefanus    Stefanus   

Hédo    Hédo   

Frya    Frya   

Alfader    Alfader   

Naam Locatie in Tekst

Frîslând    Frîslând   

Friesland    Friesland   

Noord-Europa    Noord-Europa   

Midden-Europa    Midden-Europa   

Noord-Holland    Noord-Holland   

Groningen    Groningen   

Drenthe    Drenthe   

Overijssel    Overijssel   

Noordzee    Noordzee   

Gallië    Gallië   

Frankrijk    Frankrijk   

Denemarken    Denemarken   

Fositeland    Fositeland   

Helgoland    Helgoland   

Medemblik    Medemblik   

Antiochië    Antiochië   

Rome    Rome   

Walhalla    Walhalla   

Kennemerland    Kennemerland   

Frankenland    Frankenland   

Starom    Starom   

Stavoren    Stavoren   

Plaats van Handelen

Medemblik    Medemblik   

Stavoren    Stavoren