Hoofdtekst
Is dat in minske?
Yn de tiid do't de bisten noch prate koenen, wennen mei mear oare dieren, yn it Kûkhernster bosk, in wolf en in foks. Hja wieren tige by tige bêste frjeonen, en alle nijtsjes, dy de iene hearde fortelde hy de oare.
Op in kear wiernen se wer tige drok oan 't riddenearjen. De wolf foaral stie de bek gjin amerij stil.
Hy fortelde greate dingen en sei op it lêst: "Ik bin fen niks yn de wrâld bang."
Nou sei de foks: "Ik bin wol net sa bang as in skiep: mar dochs fen in minske bin ik âl bang."
"In minske, hwet ding is dat?" wier de frage.
"Kenst dou dy net? Nou dan scil ik it dy sizze," sei de foks. "In minske is in beest, dat op twa poaten rint, de foarste poaten komme by him net op 'e groun. Mar hwet noch frjemder liket is, dat er hast gjin hier op 'e hûd hat. Allinne de kop is rûch, by de mantsjes mear as by de wyfkes, mar dy habbe it meast altyd ek langer. Hjar fel hat lang net altyd de selde kleur, en hja binne fensels tige bang om hjar fel wiet to meitsen, hwent as se yn it wetter geane, lûke se hjar sels it fel ôf."
"Sa'n beest woe ik dochs wol ris sjen," sei de wolf, "en leau my: ik scoe it deije."
"Nou witste hwet?" sei de foks. "Kom moarn tomiddei by my, den moat ik dochs nei ús moaike ta, den komme wy by de minskewrâld lâns en den scil ik dy wol ien sjen litte."
De oare deis krekt toalve iure stieken ús maten der op óf. Do't se tichte by Hirdegeryp wiernen, kaem hjar in jongkje tomjitte.
"Is dat in minske?" sei de wolf.
"Ne," sei de foks, "dat scil noch ien wirde."
Efkes fjirder metten se in âld mantsje dy 't mei in stôk foartkroaske.
"Is dat din in minske?" sei de wolf.
"Né," sei de foks, "dy rint ommers op trije poaten; dat het in minske wêst."
Noch mar krekt wierne se oer de Rynlânske brêge yn de Swartewei, do't se in soldaet metten, dy 't mei it gewear op 't skouder krûdich foartstapte.
"Is dat in minske?" sei de wolf.
"Ja," sei de foks, "dat is ien. Wiste hwet? Pak dou him nou mar; dan scil ik ris op Toutenboarch kypje. Hwa wit oft dêr net hwet for my is."
De wolf fljucht nou op de soldaet yn, dy lûkt syn sabel en jout de wolf mar goed hwet op syn baeitsje, en do 't de wolf op 't lêst bilies joech skeat er him nog ris efternei.
Do't de frjeonen wer by elkoar wieren, sei de foks: "Ho is it dy ôfgien, heite, hast him al bipluze?"
"Praet er my net oer," sei de wolf, "sokke bisten binne net to fordylgjen. Tink ris oan! Earts skoerde er him in ribbe út de side en joech my dêr in wântsje mei, en do 't ik op it lêst op 'e flecht gong, spuide hy my nog fjûrige rachels nei, sa dat myn earen tûten en it my grien en blau foar de eagen woarde. De hûd prikelt my noch krekt as hienen se him mei peper ynwreaun. Dou hiest wol gelyk: tsjin sokke bisten kinne wy net opkomme."
(Friesland, Hardegarijp; in 1901 opgetekend; vgl. D. Wijma in Sjlucht en Rjucht V, blz.142-143)

Onderwerp
AT 0157 - Learning to fear men   
ATU 0157 - Animals Learn to Fear Men   
Beschrijving
De vos zegt dat niets hem bang kan maken, alleen de mens. De wolf weet niet hoe een mens er uit ziet. De vos neemt de wolf mee naar de mensenwereld. Ze komen een kind tegen. Dat is geen mens, zegt de vos, dat moet nog een mens worden. Vervolgens komen ze een oude man tegen. Die is al een mens geweest, zegt de vos. Ten slotte zien ze een mens. De wolf geeft de vos gelijk: tegen zulke beesten is niets te beginnen.
Bron
J.R.W. Sinninghe:Vijftig Nederlandse Sprookjes, Amsterdam 1942, p. 75-76
Commentaar
1901
Learning to Fear Men
Naam Overig in Tekst
Kûkhernster   
Toutenboarch   
Rynlânske Brêge   
Hirdegeryp   
Naam Locatie in Tekst
Swartewei   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20