Hoofdtekst
Ukje út 'e koal
Der wienen in pear ienfâldige minsken, dy gongen nei de merk en kochten in koal, in hiele grutten-ien, want se wienen thús machtich. Se snijden him dwerstroch, en sjoch, hy wie hol fan binnen. Mar wat siet der yn? In hiel, hiel lyts jonkje. Dêr fernuveren se har wakker oer, mar se krigen him der mar út en joegen him gau wat molke. En doe bleau er by har.
Fansels, hy moast ek in namme ha, en omdat er sa lyts wie, ornearren se, hy moast ek mar in lyts namke ha en doe neamden se him Ukje. Hy krige goed syn gerak, mar hy bleau like lyts as er wie.
Hy wie goed snoad en koe omraak prate. Dat doe't er de jierren hie, mocht er mei de oare bern nei skoalle ta. De bern namen him mei op 't skouder en oars yn 'e bûse, as 't min waar wie. Yn skoalle hie er op in skoalbank syn eigen lyts bankje en dêr in lyts taffeltsje foar. Hy learde tige, dat soms koe er syn eigen broerkes en suskes wol foarsizze.
Op in kear hienen se allegear meiïnoar te praten west. Doe't se thúskamen, soe heit de kaai yn 't gat stekke. Och hea, dat woe net. De oaren ek ris besykje, mar it woe net flotsje. En doe hearden se Ukje syn lyts stimke: 'Mei 'k it ek ris besykje?' 'O ja', sei heit en krige himút 'e bûse en sette him op 'e platte hân foar it kaaisgat. Ukje der yn loere. 'Ja', sei er, 'der sit in stientsje yn'. Mei syn lyts hantsje helle er it stientsje der út en doe koenen se de kaai omdraaie en sa kamen se yn 'e hûs. Heit sei: 'Dat al dy grutten net klearkrije koenen hat de lytse samar foarinoar brocht'.

Onderwerp
AT 0700 - Tom Thumb   
ATU 0700 - Thumbling   
Beschrijving
Een eenvoudig echtpaar koopt op de markt een grote kool. Als ze een kool doorsnijden, zit binnenin een jongetje. Ze noemen hem Ukje. Hij is slim en praat graag, daarom mag hij samen met zijn broertjes en zusjes naar school. Op school leert hij uitstekend. Op een keer als het gezin thuis komt, krijgt het de deur niet open omdat de sleutel niet past. Ukje kijkt door het sleutelgat en ziet een steentje zitten. Hij haalt het eruit en de sleutel past.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 20
Commentaar
14 april 1972
Tom Thumb
Naam Overig in Tekst
Ukje   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20