Hoofdtekst
Gekke Hiske
By in bosk stie in pleats en dêr wenne in boer mei trije soannen. Mar it giet om de jongste, Hiske. Hiske wie wat apart. Hy hie net folle nocht oan 't wurk en sprong faak wat om 'e stûke. Hy die it wol ris in bytsje nuver en sadwaande krige er de namme fan Gekke Hiske. Se hienen wol ris wat mei him te stellen, mar hy waard ek efterútset en koe it noait in kear goed dwaan.
Yn 'e winter waard der terske by de boer. Dan makken se gruden strie en fan it moaiste strie waarden bosken tekstrie makke, prachtige grutte bosken mei in bân der omhinne. Dy kamen yn in hoeke te stean en waarden dan letter troch harsels brûkt foar tek of ek foar bedstrie en soms ek wol ferkocht.
Doe barde it in kearmannich, dat de boer tocht, hea, dêr mist in bosk tekstrie, hoe kin dat? En de doar stiet los - dit doocht net. It barde noch ris wer, en doe sette de boer mei sin in bosk in bytsje apart, en dat wie de oare moarnes ek fuort.
Hoe koe dat no? Der moast in dief west ha, mar hoe koe dy der yn komme? Want de doarren skoattele de boer jûns goed. Se ornearren, der moast mar by wachthâlden wurde. De âldste fan 'e bruorren soe earst in nacht oppasse en sjen, oft er de dief ek trappearje koe. Mar ja, hoe giet dat by de boer - altyd drok. Wylst er dêr siet, befoelen him al ridlik gau de lea en hy waard foar de oare moarnes net wekker. Doe miste der wer in grude strie. De oare nachts soe de twadde it besykje, mar it gong him al net better ôf. En ek dy nachts hie de dief der west.
De heit kibbe en fûtere op syn beide soannen. Doe seinen dy jonges: 'Lit Hiske it dan mar dwaan - dy set deis doch net safolle út 'e wei'. Sadwaande soe Hiske de tredde nachts wekje, mar hy foel ek yn 'e sliep. Se fûnen him de oare moarnes yn it hea en hy slepte noch as in baarch. En wer wie der in bosk strie fuort.
Doe sei de heit: 'Dat sille wy better besykje. Wy bine dy yn in bosk strie. Dan wurdst wol wekker, as der ien komt dy't dat bosk stelt'. Hy bebûn Hiske de jûnes yn in grude strie. Dat waard in hiel grou bosk. Hiske koe troch it strie hinne sjen, mar se koenen him net sjen.
Hy foel wer yn 'e sliep, mar midden yn 'e nacht waard er doch wekker. Hy hearde wat en doe seach er in mantsje yn it gat ûnder it hea. Hy koe it hast net sjen - it krûpte. It wie in ierdmantsje. It pakte it bosk strie beet dêr't Hiske yn siet, en Hiske wie sa benaud, dat hy doarst neat dwaan. Hy hâlde him deastil en sa kaam er mei it Dûnsjendewei gong it de bosk troch. Deabenaud fansels. Hy waard in hiel ein meinommen en doe kamen se by in grut hûs. Dêr wenne it ierdmantsje. It mantsje die de doar los, smiet it bosk strie dêr del yn 'e skuorre en ferdwûn yn it foarhûs.
Hiske wachte dat alles stil wie en doe kroep er út it strie. Hy seach om him hinne - de moanne skynde, hy koe de dingen wol ûnderskiede. Hy gong in doar troch - och hea, dêr stienen allegear weinen en oan 'e oare kant hongen moaie gereiden. wat moast dy man ryk wêze!
In oare doar iepen - dêr stie in beslach fee. No dan! Wer in oare doar, noch efkes fierder. Hy die it hiel foarsichtich fansels. En och hea, wat seach er dêr? Dêr siet in jongfaam oan in spinwiele. Hja wie sa bleek om 'e holle en de triennen rûnen har by de wangen del. Wat wie dat? De jongfaam die de finger op 'e lippen en flústere: 'Stil!' Hja wiisde nei it bedstee. Foarsichtich teantsjend rûn hiske nei de faam en dy flústere noch ris: 'Stil hear! As er wekker wurdt, dan is it net bêst!' No, wat wie der oan, woe Hiske witte. En doe kaam it ferhaal los. 'Och hea, ik bin sa ûngelokkich. Ik moat nachts altyd spinne foar dy grutte dogeneat dêr op bêd. Hy stelt alles bymekoar. Hy hat my ek stellen. Ik bin in prinses. Us heit wennet yn in moai paleis. Dat keardeltsje hat my op in nacht meinommen. No sit ik hjir en ik mei der noait út. Altyd moat ik nachts spinne'.
Doe tocht Hiske, wat is dat in grutte dogeniet! En Hiske waard sa lilk. hy seach nei it bedstee en dêr hearde er him wol snoarkjen. Doe seach er ek, dat dêr in grut swurd hinge, flak by it bêd. Hy krige it der foarsichtich wei, makke it bleat en doe die er út alle macht in slach nei dat ierdmantsje en sloech him mei ien feech de kop ôf. dat seach der raar út fansels. Mar de prinses dûnse fan wille. No wie se frij, de grutte dogeniet pleage har net mear.
De oare moarnes sa gau mooglik moast der tynge nei de kening ta, dat de prinses yn libben wie en thúskaam. En Hiske mei fansels. Sa kamen se tegearre yn it paleis en doe waard der feest hâlden. Undertusken wie it ierdmantsje al begroeven en der wienen guon dy't op it fee pasten. Doe ornearre de kening, Hiske hie safolle goeds dien, hy moast de hiele saak fan it ierdmantsje mar ha.
En doe is er mei de prinses troud. Dat wie wer in grut feest, diskear yn 't hiele lân. Se kamen yn it grutte hûs fan it ierdmantsje te wenjen. Hy tocht noch wol ris oan syn heit en syn bruorren. Net dat er no sa'n langst hie om nei hûs - hy koe net rjocht ferjitte, dat er altyd sa ferhûddûke wie.
Op in kear sei er tsjin syn frou: 'Ik wol ris nei hûs ta en sjen, hoe't it dêr is. Witste wat ik doch? Ik lûk myn âlde klean oan. Dan gean ik troch de bosk en ik fertel neat. En dan moatsto letter mar komme'. Se makken in foech plan klear en dat fierden se ek út.
Hiske pandere troch de bosk en gong by de hikke tusken de kij stean. Tafallich die syn heit krekt de efterdoar iepen en dêr seach er Hiske. Dat stie der by. 'Bisto dêr jonge! Gau yn 'e hûs!' Mem kaam der by en syn bruorren ek. Allegear wienen se like bliid, dat Hiske der wer wie. Mar hiske fertelde net, wat der bard wie. Hy makke har wys, dat er mar wat yn 'e bosk omswalke hie. Earst wie er stellen, mar doe wie er de dief ûntkommen. Hy stâlde der in hiel ferhaaltsje omhinne. Hy woe earst ris ôfwachtsje, hoe't it rûn, ear't er mei de wierheid op 'e lappen kaam.
En doe't Hiske in pear dagen thús west hie, wie it al wer itselde liet. 'Hiske, doch dit ris! Smoarge jonge - dochst it wer ferkeard!' Hij krige neat as protteljen en fûterjen. It wie wer it âlde ferhaal fan Gekke Hiske, dy't yn 'e hoeke siet.
Doe op in dei, wylst se meiïnoar yn 'e hûs sieten, kaam der in moaie barusjette oan. In pear hynders der foar, in koetsier op 'e bok. se seinen yn 'e hûs: 'Wat sille wy no ha! Sjoch, dêr giet de doar fan it rydtúch iepen. Oh, wat in foarname dame komt dêrút - en dy komt nei ús ta!'
Doe seinen se tsjin Hiske: 'Do der gau út! Wy kinne dy hjir net ha!' Mar Hiske bleau moai yn 't hoekje sitten. Doe kaam dy dame der yn en sei, dat se in prinses wie en dat se har ris opsykje woe.
Se prate wat mei har en doe op 't lêst soe se dan mar wer fuort. Se naam ôfskie, en allegear joegen se har in hân, mar do't it Hiske syn bar wie, joech dy har in tútsje. 'Smoarge jonge!' sei syn mem, 'skammest dy net!'
Hiske lake wat en de prinses rûn ta de hús út. Se gong yn 'e wein sitten, mar de doar liet se iepen stean. En ynienen seagen se, dat Hiske ta de doar út fleach en by de prinses sitten gong. En doe ried it spul fuort. Hiske wie tenei in grut man en mei de tiid gong er mei de prinses yn in prachtich moai slot te wenjen.

Onderwerp
AT 0328 - The Boy Steals the Giant's Treasure   
ATU 0328 - The Boy Steals the Ogre’s Treasure.   
Beschrijving
Een boer heeft drie zonen, waarvan de jongste Hiske heet die nooit wat uitvoert maar het ook nooit goed doet. Op een winterdag mist de boer een strobaal. Hij laat zijn oudste zoon de volgende nacht op wacht staan, maar deze valt in slaap. Weer wordt er stro gemist. De boer besluit Hiske in een strobaal te verbergen, zodat hij de dief op heterdaad kan betrappen. 's Nachts wordt Hiske wakker, want een klein mannetje neemt de strobaal mee waar hij in zit. Ze komen bij een groot huis, waar een jonge vrouw achter een spinnewiel zit. Als het mannetje ligt te slapen, vertelt ze aan Hiske dat zij een prinses is en op een nacht uit haar paleis is meegenomen door het mannetje die haar elke nacht laat spinnen. Hiske wordt zo kwaad, dat hij een zwaard pakt en de kop van het slapende mannetje afhakt. Nu is de prinses vrij; ze neemt Hiske mee naar haar vader de koning. Er wordt een groot feest gegeven als ze gaan trouwen. Op een keer gaat Hiske terug naar zijn ouders en broers, omdat zij niets afweten van wat er allemaal gebeurd is. Ze zijn blij als hij thuiskomt, maar al na een paar dagen wordt Hiske net als vroeger onaardig behandeld. Op een dag komt de prinses langs en neemt tot grote verbazing van iedereen Hiske mee. Beiden gaan in een prachtig paleis wonen.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 21
Commentaar
september 1971
The Boy Steals the Giant's Treasure; AT 0930 The Prophecy
Naam Overig in Tekst
Hiske   
Gekke Hiske   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20