Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE011 - De jongfeint en de twa susters

Een sprookje (boek), vrijdag 16 december 1977

Hoofdtekst

De jongfeint en de twa susters
Der wie ris in jongkeardel, dy trof in wondermoai fanke. Hy waard op slach fereale en rûn har efternei, sûnder dat se it murk. Sa kaam er te witten, wêr't se wenne en doe woe er har opsykje. Doe't er him dêr oantsjinne, waard er ûntfongen troch har suster. Hy frege it oare fanke te sprekken, mar de suster hâlde him oan 'e praat. Doe liet se him al gau fernimme, dat se sels belang by him hie. Mar dizze faam wie lilk as de nacht; dêr hie er gjin smucht op en hy sei, dat it him om dy oare te rêden wie. Dat koe net, sei se, hjasels wie de âldste, sadwaande hie se de earste rjochten. Boppedat, har suster koe net safolle, dat hy soe folle better út wêze, as er har foar kar naam. Mar doe't er har noch ris goed oanseach, griisde er en hy waard suver bang fan har.
'Jamar, ik moat hár ha!' rôp er.
'Nee', sei se, 'ik bin hjir baas en do meist net oan har komme'.
Lykwols, doe't er gjin lichten die, sei se: 'No hawar, asto de bosk yn giest en do sjitst in goed stik wyld, dat wy in lekker miel krije, dan meist mei har komme te praten'.
De feint gong de bosk yn en doe seach er dêr in hert. Hy ornearre, lekkerder as in hert is der net, dat dan moat ik dat mar sjitte. Hy lei it gewear oan en hy soe sjitte, mar op itselde stuit sei it hert: 'Tink der om, jonge, asto my rekkest, dan wurdst ûngelokkich!' Doe liet er it gewear efkes sakje, hy waard ûnwis. Wat soe er dwaan? Mar hy tocht, ik moat doch mei wyld thúskomme, oars krij ik dy kreaze faam noait. Dat doe lei er wer oan en hy skeat, mar mei't er fan 'e wize wie, troch de wurden dy't it hert sein hie, rekke er it allinnich mar yn ien fan 'e efterste poaten. En doe rûn it op trije poaten fuort.
Ynienen hie er syn nocht fan it jeien ôf en hy gong werom nei it hûs fan 'e beide froulju. En doe't er dêr mei lege hannen oankaam, heukele dat ûnsjogge frommis dêr om mei de iene skonk yn 'e wynsels. Se kreupele. Heden, hoe kin dat? frege er himsels ôf. Mar it wie, oft se syn gedachten rette. 'Ei ju, ik bin fallen', sei se.
De feint frege: 'Mei ik der no efkes yn en mei har prate?'
'Nee', wie it antwurd, 'do moatst earst soargje, datst in goed stik wyld op 'e tafel bringst. Dan pas kinst mei har komme te praten'.
Dat doe gong er de bosk wer yn en dêr seach er in hazze. Hy sei by himsels, no ja, in hazze kin ek wol lekker wêze. Hy lei oan, mar doe sei dy hazze: 'Jonge, asto my sjitste, dan bist net gelokkich mear'. Hy doarst hast net sjitte, mar doe seach er dat frommis mei it wynsel om 'e skonk foar him en ek har suster, en hy skeat. Mar mei't er wer fan 'e wize wie, rekke er de hazze ek inkel yn ien fan 'e efterpoaten. En de hazze naaide út.
Hy hie syn nocht fan it jeien ôf en gong werom nei it hûs fan 'e beide susters. Dêr seach er, dat de lilkert beide skonken yn 'e wynsels hie en oan beide siden kreupele.
Hy frege: 'No, mei 'k by har komme?'
'Nee', antwurde se, 'do moatst earst mei wyld thúskomme!'
Doe tocht er, ferdoarje, hie 'k mar wat tûker sketten, dan hie dit frommis no dea west.
Hy gong de bosk wer yn, en dêr seach er in patriis. Ik sil dy fóár wêze, tocht er, wasto ek biste, en diskear wie er net fan 'e wize - hy skeat ta en de patriis wie kroandea. Mar hie er no in stim heard of net? En hie dy fan 'e patriis west of net? Dat frege er him ûnder it nei hûs gean ôf.
Mei frisse moed kaam er mei syn patriis by it hûs - en dêr seach er dat lilke frommis wer. Hawar, hy hie syn gebraden, hy soe de suster prate kinne.
Mar de ûnsjogge heinde him op.
'Do kinst net mear mei har prate'.
'En wêrom net?'
'Se is samar siik wurden en no is se dea'.
Alhiel ridderslein joech er him ôf en mei de holle foardel rûn er troch de bosk. Hy sloch gjin acht, wêr't er bedarre en op in stuit wie er it paad hielendal bjuster. Of in paad wie der amper mear, it wie ien wyldernis. Doe eage er doch ris om him hinne, en dêr kaam in lyts fûgeltsje, in readboarstje, oan fladderjen en tripkjen. En it wie krekt, as rôp dat readboarstje: 'folgje my mar, folgje my mar!' Dat hy rûn dat fûgeltsje efternei. Hyltyd fierder lokke him dat readboarstje, ûnbegeanbere paden lâns, in wie dy't er oars noait fûn hawwe soe. En it wei as rôp dat fûgeltsje mar oan en mar wei fan: 'Do moatst my folgje, dan komt it goed'.
Lang om let kamen se by in kastiel. It readboarstje wipte der yn, dat doe stoep hy ek mar oer de drompel. Hy seach om him hinne, mar it fûgeltje wie samar ynienen wei. En doe stie dêr dat wondermoaie fanke.
Sa krige er doch de faam dy't er ha woe, en net har kweade suster, dat in soarte fan tsjoenster, in hekse wie. En mei dizze fûn er it lok.

Beschrijving

Een jongen wordt verliefd op een beeldschone vrouw. Als hij haar wil zien, houdt haar lelijke zus hem tegen. Eerst moet hij een stuk wild schieten voor de maaltijd, dan pas mag hij met haar praten. De jongen gaat het bos in en schiet een hert en een haas in hun achterpoten. Alvorens hij had geschoten, hadden zij hem gewaarschuwd hen niet te raken, anders zou hij ongelukkig worden. De lelijke zus wordt steeds kreupeler. Als de jongen met een patrijs bij haar komt, hoort hij dat de mooie vrouw dood is. De jongen zet het op een lopen, diep het bos in. Midden in de wildernis komt hij een roodborstje tegen dat hem bij een kasteel brengt, waar hij de beelschone vrouw ziet. Haar zuster blijkt een toverheks te zijn, die hem had gelokt.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 23

Commentaar

16 december 1977

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20