Hoofdtekst
It kin te pas komme
In grutte boer hie mar ien jonge en dy waard yn 'e grûn bedoarn. As syn mem him bygelyks was opdroech, dan die er dat hast noait, mar dat waard ek mar gewurde litten. Syn mem stie oars by alles wol klear mei in wize spreuk. Sa sei se faak, as er him net ynspanne woe: 'Myn jonge - wie moeite ontziet, krijgt groot verdriet'. Hie se in lyts prakje iten oer en de jonge loek dêrde noas foar op, dan wie it: 'Myn jonge - wie 't kleine niet eert, is 't grote niet weerd'. Rûnen se tegearre ris op in paad en dêr lei it iene of 't oare, dat de soan de muoite fan 't meinimmen net wurdich wie, dan sei se: 'Neat lizze litte, myn jonge - it kin te pas komme'. Wize spreukjes genôch, mar de soan sloech se gjin acht.
De jonge waard feint en doe stoaren syn âlden allebeide en hy erfde it hiele spul. Hy sei tsjin himsels, wat sil der my noch oerkomme - ik bin ommers ryk. Hy koe it ek skoan dwaan, mar miskien tocht er him doch noch riker as er wie. Yn alle gefallen, it koe wol op. Hy die gjin slach, altyd wie er oan 'e jui en de boel liet er fersleaukje.
Nei ferrin fan jierren kaam er dan noch al ta it ynsjoch, dat it oars moast, mar doe wie it te let. De skulden wienen folle grutter as de eigendommen; hy koe nearne gjin jild mear op krije. De pleats waard ferkocht mei reau en beslach en hysels stie neaken en bleat op 'e dyk.
Wat hinge him doe boppe de holle? Arbeidzjen hie er net leard. Hy teach de wrâld yn en skoaiendewei kaam er sa'n bytsje oan 'e kost.
Op ien fan syn swalkerstochten bedarre er yn in grut bosk. Hy rûn sa it boskpaad lâns en doe seach er dêr in lyts klompke figen lizzen. Hy soe se oan 'e kant skoppe, mar doe kaam him ien fan syn memme spreukjes yn 't sin: 'Wie 't kleine niet eert, is 't grote niet weerd. Mem hie wol gelyk, tocht er, it is net bêst mei my gongen. Hy krige de figen op en stiek se yn 'e bûse. Hy pandere fierder. Doe lei dêr in bile oan 'e kant fan it paad. Wat moat ik mei in bile? frege er himsels ôf - in hantwurk dêr't ik in bile by brûke kin haw ik ommers net leard. Hy soe foarby rinne, mar doe skeat him wer ien fan memme sechjes te binne: Neat lizze litte - it kin te pas komme. Dat hy naam de bile mar mei.
Hy sjoude wer fierder. Doe lei op syn paad in blok hout. Wol in fiks blok. Hy tocht al wer oan memme gesegde: Neat lizze litte, en hy hifke ris. Ja, it wie gâns in knoffel hout en it woech der yn. Om dat no mei te slepen..., sei er en hy sette it blok wer del. Mar doe tocht er doch oan dat oare spreukje fan mem: Wie moeite ontziet, krijgt groot verdriet. Dan mar op 't skouder, dat blok, sei er, en hy tôge it mei. Al mar fierder rûn dat paad, al mar fierder, en it waard jûnich en skrousk. Njonken wie it tsjuster wurden ûnder de beammen fan dat tichte bosk. En hy sjoude mar mei dat grutte blok op 't skouder. Mar dêr hie er al lang syn nocht fan. Hy tocht, as ik dat blok no ris stikken kapje en ik stek it yn 'e brân, dan kin 'k my dêr lekker by waarmje. It is aansen nacht en dan jou ik my del by it fjoer.
No kaam de bile te pas. Hy kleaude stikken fan dat blok ôf en doe stjitte de bile op 't lêst op wat hurds. Hy kappe der noch wat omhinne wei en doe die it bliken, dêr siet in kistke yn, in izeren kistke. Hy waard al in bytsje nijsgjirrich, mar it kistke siet op slot, hy koe it mei gjin mooglikheid iepenkrije. Och, der sil ek wol neat yn sitte, ornearre er; hy wie al yn 'e wille en soal it fuort, sa fier as er it krije koe, mar hy sette it doch by him del.
Hy makke syn fjuke en woe him nei sliepen jaan. Mar doe waard er wat raar. Hy fernaam, dat er hol yn 'e mage wie. Hy tocht, ik ha noch in pear figen, dan moat ik dy mar opite. Hy begûn te kôgjen en doe biet er op wat hurds, it die him suver sear an 'e kiezzen. Hy spuide it út en doe wie dat in kaike. Hy tocht, it soe al tûzen om trettjin wêze, mar as dat kaike no ris op dat kistke paste...! No, it paste teminsten yn it gat. Hy draaide it in slach om en it kistke sprong iepen. It siet fol goudstikken.
Doe wie er sûnt lange tiden foar it earst wer bliid. Hy naam de weromreis nei syn âld stee. De skuldeaskers betelle er earst en doe hie er noch safolle oer, dat hy koe de pleats wer keapje. En doe tocht er, goed de les fan ús mem ûnthâlde: iverich en kloek wêze. Hy kocht der noch mear lân by en mei gauwens wie er grutter boer as syn heit.

Beschrijving
Een boer heeft een zoon die lui is. Als hij zich niet wil inspannen, staat zijn moeder altijd klaar met een wijze spreuk. Dan zegt ze in dit geval: 'wie moeite ontziet, krijgt groot verdriet'. Wanneer beide ouders van de jongen overlijden, erft hij alles. De jongen denkt rijk genoeg te zijn en laat de boel versloffen. Na een tijd stapelen de schulden zich zo hoog op dat hij alles moet verkopen. Hij trekt de wereld in om toch aan de kost te komen. In een bos vindt hij een klein klompje waarin vijgen liggen die hij in zijn zak doet, als hij aan het gezegde 'wie het kleine niet eert, is het grote niet weerd' van zijn moeder denkt. Een eindje verderop vindt hij een bijl en een houtblok. Beide neemt hij mee. Hij loopt verder totdat het donker en koud begint te worden. Hij besluit een vuurtje te maken om zich op te warmen. Bij het hakken van het houtblok stuit hij op een gesloten ijzeren kist. Als hij bij het vuurtje zit, eet hij de gevonden vijgen om zijn honger te stillen. Maar dan bijt hij op wat hards: het blijkt een sleutel te zijn. Met deze sleutel krijgt hij de kist open, die gevuld is met allemaal goudstukken. Daarmee kan hij zijn schuldeisers betalen. Hij houdt genoeg goudstukken over en koopt daarmee zijn ouderlijk huis terug, met een groot stuk land.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 42
Commentaar
10 april 1973
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20