Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE022 - It ingeltsje

Een sprookje (boek), maandag 22 oktober 1973

Hoofdtekst

It ingeltsje
In reisber man wie fermoarde. Hy wie in iensume wei lâns kommen, dêr't twa bruorren oan wennen. Doe waard der sein: 'Ien fan beiden hat it grif dien'. De rjochter - dat wie de hear fan it doarp - woe de saak fan alle kanten besjen, ear't er it oardiel útspriek. Mar it folk wie balstjoerich en woe ha, hy soe fuort mar fonnis wize. Ien fan 'e bruorren hie net folle te keap, mar de oare wie in brutalen; dy sei fan syn broer: 'Hy sil it wol dien ha'. Hy besocht de skuld op him ôf te skouwen. De minsken mienden ek mar fêst, dat dy it dien hie. Hy sei wol: 'Nee, nee, ik bin ûnskuldich', mar dat joech him gjin grevel. De lju seinen: 'Hy is de skuldige, dat is dúdlik en klear. Hy moat ophinge wurde. Lit him noch mar ien kear bidde foar syn siel en dan moat er syn straf ynienen mar ha'.
De man wie hielendal oerstjoer en fan 'e wize, mar hy sei, dan woe er noch wol bidde. Der lei in stien en dêr soe er op delknibbelje, mar doe siet dêr in lyts ingeltsje - kofje-ingeltsje sizze se dan ek wol, sa'n lyts beestje. Dat die de man foarsichtich fansiden, ear't er op 'e knibbels foel om syn lêste gebed te dwaan. It ingeltsje fleach fuort en it gyng sitten op 'e hân fan 'e oare broer. En dy sloech it fuortynien dea.
De hear stie wat oan 'e kant en seach it allegear oan. Hy sei lûdop: 'Nee, dizze man, ik leau syn wurd: hy is ûnskuldich. Mar dy oare hat it dien, want sjoch, it bloed sit him noch oan 'e hannen!'
Doe seach de man kjel nei syn hannen, en ja, dêr hie er bloed oan. Doe bekende er, dat hy de moardner wie.

Beschrijving

Er wordt een man vermoord. Twee broers van hem worden verdacht. In het dorp waar de man gevonden is, gaat de rechter de zaak onderzoeken. De inwoners van het dorp vinden dat er snel vonnis moet worden gesproken. De brutaalste van de twee broers wijst de ander aan als de schuldige. De ander ontkent, maar het volk vindt dat hij moet worden opgehangen. Alvorens dat zal plaatsvinden mag hij eerst nog tien keer bidden voor zijn ziel. Terwijl hij daarmee bezig is, ziet hij een engeltje. Bij het laatste gebed gaat het engeltje op de hand van de andere broer zitten, en deze slaat het engeltje dood. De rechter heeft alles gezien en beschuldigt deze brutale broer van moord, want er kleeft bloed aan zijn handen. De man bekent dan dat hij zijn broer heeft vermoord.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 43

Commentaar

22 oktober 1973

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20