Hoofdtekst
It lyk yn 'e iisberch
Ik ha ris in ferhaal heard fan in skipper, dy foer op 'e noardlik seeën, dêr't iisbergen driuwe. It wie al in âld man. No foer er mei in stjurman, dy hie oars gjin prakkesaasjes as dat er kaptein op dat skip wurde woe. De âlde libbe him yn 'e wei. Hy soe him grif opfolgje, dat hy longere op syn dea.
Op in kear dat se mar tegearre oan dek wienen krige er syn kâns. Hy stiek him ûnderhoeds dea en wipte him oer board. Gjin hoanne dy't der nei kraaide. Hy waard kaptein op datselde skip.
Jierren en jierren letter foeren se wer op dy hichte. Dêr dage ûnferwachts in iisberch foar har op. Se koenen him noch skoan ûntwike, mar foeren der doch moai ticht by lâns. Ynienen seach de nije kaptein wat ûngewoans: dêr stie de âlde kaptein en seach him lyk oan. Hy krige sa'n skrik, dat hy bestoar it op slach.
Wat hie it gefal west? It lyk hie dêr omdobbere en wie doe yn in iisberch befrezen. Dêr wie er bleaun, sa't er wie. Mei't der in stik fan dy iisberch ôfbrutsen wie, wie ien fan 'e kanten omheech en it lyk boppe witter kommen.

Beschrijving
Een stuurman vindt dat de kapitein met wie hij vaart hem in de weg staat. Hij wil zelf graag kapitein worden. Op een keer grijpt hij zijn kans. De kapitein wordt neergestoken en overboord gegooid. Nu is de stuurman kapitein. Jaren later vaart het schip op dezelfde plaats waar de kapitein in het water terecht kwam. Plotseling doemt er een ijsberg op. Als het schip er langs vaart ziet de voormalige stuurman het lijk van de de oude kapitein in het ijs zitten. Hij schrikt zo dat hij ter plaatse dood neervalt.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 48
Commentaar
16 december 1977
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20