Hoofdtekst
De trije houtkappers dy't in winsk dwaan koenen
Der wienen ris trije houtkappers, dy wienen sa wurch. Miskien foel it wurk har te swier of moasten se der to fier om reizgje - yn alle gefallen, se hienen skjin har nocht en se wienen ûntefreden.
De iene tochte: as ik dêre no ris op dy huchte stie en alles, safier as ik it beëagje koe, wie minent, mei moaie gebouwen en prachtige bosken en fris grien - hè, wat soe 'k dat graach wolle! En mei dat er dat tochte, stie der ynienen in keardel njonken him.
'Ik wit watsto tinkste', sei dy man, 'en watst winskest'.
'Soa?'
'Ja. Do wolst graach op in huchte stean en dan wolst dyn eigendommen oersjen. Dat liket dy moai ta.'
'Ja wrychtsjes', sei de houtkapper, 'sa is 't'.
'Ik kin it dy jaan'.
De houtkapper tocht al, dit is in nuver spul!
'Ja, ik kin it dy jaan', ferfette de frjemdling, 'mar dan nim ik ek wat fan dy en do silst der wol âld om wurde kinne. Dus, it hindert dy neat'.
No, de houtkapper tochte: ferdikkemy noch ta - my wat ôfnimme - ik kin der wol âld om wurde, en 't sil my neat hinderje - ik bliu der sûn ûnder... Hy sei: 'Akkoart, it giet mar oan!'
Mei krige er dy grutte prachtige lânsdouwe. Hy hat it sjoen. Efkes hat er it allegear noch sjoen, doe sei de man: 'Dat is dinent - no ik minent!' En doe naam er de houtkapper syn beide eagen. Hy waard blyn en hy hat syn eigendommen noait wersjoen.
Efkes fierderop wie de twadde houtkapper dronk yn 'e skrep. Hy tochte: jonge-jonge, wat moat ik hjir switte. Mooglik hie hy it wurk in hontommen ein fan hûs en kaam er moarns al wurch op it wurk oan - yn alle gefallen, hy tocht: wat soe ik graach in hynder, in hiel moai fluch hynder ha wolle! Dan wie ik gau op 't wurk en gau wer thús, en ik wie net wurch. Mar no moat ik earst in hiele reis meitsje en ik moat hjir wer yn 't swit stean.
Mei stie der in man njonken him en dy sei: 'Ik wit, watsto tochtste en watst winskest. Mar do kinst it krije!'
'O ja?'
'Ja wol! Do kinst it krije, mar ik nim wat fan dy. Do kinst der wol âld om wurde en it sil dy neat hinderje. Do kinst it wol misse'.
Doe tocht dy houtkapper: tsjonge noch ta! Mar dit giet troch. 'Akkoart!' sei er.
Hy krige in hynder. In prachtich fluch hynder. En doe sei dy frjemde man: 'Hjir stiet er, hy is dinent, mar no ik minent!' En doe naam er de houtkapper syn beide hannen, dat hy koe noait dat hynder menne.
Noch wer fierderop stie de tredde houtkapper. Hy tochte: jonge-jonge-jonge, ik stean hjir altyd mar foar in pear sinten op in oarmans gerjochtichheid te bealigjen. Ik doch hjir oars net as de bosken ferniele; beammen kap ik om, dêr sitte de fûgels har nêsten noch yn, en alles is wei.
Doe stie der ynienen in man jnonken him.
'Ik wit watst tinkste', sei dy man: 'Hie 'k sels mar in bosk. Dan liet ik it stean en ik woe de fiugels en al de boskdieren der yn hâlde. En dan woe ik der troch kuierje. It wie myn eigen en ik hie it oan tiid om myn eagen der oan te ferklearjen. Dat tinkste. No, do kinst it krije, mar ik nim wat fan dy. Do kinst der wol âld om wurde en it hindert dy fierder neat'.
Ek dizze houtkapper giet akkoart. En hy sjocht de grutte bosken - prachtich moaie beammen en grutte leanen der yn. De frjemdling seit: 'Dit is dinent - no moat ik nimme wat my takomt'. 'Ja', seit de houtkapper, 'dêr ha jo rjocht op'. En dan nimt de man de beide fuotten en de houtkapper kin net mear troch de bosken rinne

Beschrijving
Drie houthakkers zijn ontevreden. Een mannetje vraagt aan de eerste houthakker wat hij wenst. De houthakker zou graag een groot landgoed bezitten dat hij zou kunnen overzien. Goed, zegt het mannetje, maar dan wil ik iets van jou. De houthakker gaat akkoord en krijgt dan een prachtig landgoed te zien. Het mannetje neemt evenwel zijn ogen af. Een tweede houthakker wil graag een paard hebben. Hij krijgt een mooi paard, maar hij raakt wel zijn handen kwijt aan het mannetje. De derde houthakker wil zo graag een bos hebben, met vogels en dieren erin, waar hij in kan wandelen. Ook hij gaat akkoord met het voorstel dat hij aan het mannetje iets moet afstaan. Het prachtige bos krijgt hij, maar zijn voeten worden door het mannetje afgepakt.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 49
Commentaar
16 februari 1977
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20