Hoofdtekst
In deade einepike
Der wie ris in skipper, dy hie in hiele bêste frou. Doch woe er wol fan har ôf, want hy hie sin oan in oarenien. Hja foeren mei in feint. En op in moarntiid ier, noch foardat de feint wekker wie, wie de frou al fan 't bêd. Wat dy skipper hie te dwaan, hy beslûpte har fan efteren en joech har in triuw, dat se oer board foel. Doe die er wol safolle war, dat se net wer boppe kaam.
De skipper lei de puts sa del, dat it like, oft hja wetter opskeppe sillen hie. En alles stie klear by de kachel, dat se it theewetter oan 'e soad bringe soe. Dêrnei gong er wer op bêd en hy kaam net earder út 'e koai as doe't de feint al fan 't bêd wie. Doe miste de frou en de skipper sei: 'Hja is fêst ferdronken'. De skipper die kwânswiis noch syn bêst om har te finen, mar dat waard neat. De feint wie ek net ien fan 'e snoadsten.
Doe foeren se mar nei it doarp dat dêr it tichtste by lei, want se hienen yn it wide fjild lein. Dêr fertelde de skipper, hoe't it neffens him om en ta gien wie. En nei lang sykjen fûnen se it lyk.
Doe barde it in jier of wat letter, dat de skipper in polderdyk lâns rûn en dêr seach er in deade einepike lizzen. Hy koe it âlde sprekwurd wol: 'In moard komt altyd út, al sil in deade ein it ek oan 't ljocht bringe'. Hy skopte tsjin dy pike oan en sei: 'Wa soe no sizzen, datsto, deade einepike, útbringe soest, dat ik myn wiif fersûpt ha!'
Mar der sieten op dat plak krekt twa plysjes beskûl yn it reid, want dy tochten om streupers. Se kamen foar 't ljocht en seinen: 'Hark ris, no maotte jo mar mei'. en doe't er yn 't ferhoar nommen waard, bekende er, dat er syn frou ferdronken hie.

Onderwerp
AT 0960 - The Sun Brings All to Light   
ATU 0960 - The Sun Brings All to Light.   
Beschrijving
Een schipper wil af van zijn vrouw, omdat zij een minnaar geeft. Op een morgen duwt de schipper haar van boord. Tegen de minnaar doet hij alsof hij van niets weet. Na een tijdje zoeken vinden zij het lijk. Een jaar later gebeurt het dat de schipper langs de polderdijk rent en een dode eendekuiken ziet liggen. Hij schopt er tegen aan en zegt: dode eendekuiken, jij kan niet zeggen dat ik mijn vrouw verzopen heb. Maar de schipper weet niet dat er twee politieagenten in het riet verstopt zitten, om stropers te vangen. Als ze horen wat de schipper zegt, komen ze tevoorschijn en nemen hem gevangen.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 50
Commentaar
3 oktober 1973
The Sun Brings All to Light
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20