Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE028 - It reuzefanke en har boartersguod

Een sprookje (boek), vrijdag 02 december 1977

Hoofdtekst

It reuzefanke en har boartersguod
Op in berch wenne in reus mei syn dochter. Dy berch wie tige heech, mar de reus hoegde mar trije stappen te dwaan, dan wie er ûnder yn 'e delling. Syn dochter wie sa grut noch net, mar dy hoegde dock ek mar in stapmennich te dwaan om ûnder te kommen.
Yn dy delling wennen minsken, gewoane boerkes. Op in kear dat dêr in boer oan 't ploeien wie mei twa oksen foar de ploege, kaam it reuzefanke wer del, en doe't se dy boer dêr efter de ploege seach, fûn se dat sok apart en sok prachtich boartersguod, dat se krige de hiele boel op, de boer, de ploege en de beide oksen. Dy die se yn 'e skelk en se rûn der mei by de berch op.
Sa kaam se by har heit en liet him har nij boartersguod sjen. Doe sei de heit, dy grutte reus: 'Ho ris fanke, dit kin samar net!'
'Hoesa net?'
'Dat is in boer - dy ploeget en sieddet en dan waakst der sie of in oare frucht. Mar as de boer net mear ploeget en sieddet, dan kin net ien mear ite! Bring it gau werom!'
'Och hea', sei it fanke, 'dat wist ik net' en se brocht it hiele spul gau werom.
En de boer ploege wer troch.

Onderwerp

AT 0701 - The Giant's Toy    AT 0701 - The Giant's Toy   

ATU 0701 - The Giant’s Toy    ATU 0701 - The Giant’s Toy   

Beschrijving

Hoog in de bergen woont een reus met zijn dochter. Beneden aan de voet van de berg wonen mensen. Op een keer is een boer aan het ploegen, als de dochter van de reus hem ziet. Ze denkt: leuk speelgoed. Ze pakt de boer, zijn ploeg en de ossen op en neemt alles mee naar haar vader. Maar haar vader zegt dat ze de boer met rust moet laten en hem weer terug moet brengen. De dochter gehoorzaamt.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 50

Motief

F531.5.3 - Giant‘s toy.    F531.5.3 - Giant‘s toy.   

Commentaar

2 december 1977
The Giant's Toy

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20