Hoofdtekst
De arbeidersjonge en de rike boeredochter
Der wienen ris in jonge en in fanke, dy wennen ticht byinoar. Tegearre gongen se nei skoalle en út skoalle wei boarten se ek hast altyd tegearre. It fanke wie iennichst dochter fan in grutte rike boer en de jonge syn heit wie in earme arbeider. Doe't de bern tolve jier wienen, sei it fanke har heit tsjin har: 'Do moatst eigentlik mar net mear nei dy jonge ta te boartsjen'. 'Wat hindert dat', sei it fanke, 'wy trouwe letter doch'. 'Dat is bernepraat', ornearre de heit.
Der feroare neat, mar doe't se fjirtjin wie, sei de heit: 'It is no safier hast hinne, dit moat ophâlde'. Hy woe net mear lije, dat se nei de jonge ta gong. As se der doch hinne woe, kearden se har. Mar dat wiisde net bêst - it fanke woe net mear ite en net mear drinke. It wie allegear like slim. Mar de heit sei: 'Do moatst sjesa mar tinke - it is de jonge om it jild te rêden. It kin noait wat wurde'.
'Ik wol doch mei him trouwe', sei it fanke, 'en wy hawwe it inoarren beloofd'.
'No, dan moatst tsien jier wachtsje'.
Hy tocht, yn dy tsien jier sil se wol ta har ferstân kommen wêze. Mar dy twa jonge bern hienen al safolle bestek opinoar, dat it wie in toer om se byinoar wei te hâlden. Dêrom ferkocht dy boer syn pleats en hy kocht om fierrens in nijenien wer en dêr gongen se hinnen te wenjen. By it ôfskie praten de jonge en it fanke ôf: 'Mei tsien jier trouwe wy'.
De jierren ferrûnen en op in dei sei de jonge tsjin syn âlden: 'Moarnier moat ik op reis. Ik wol nei it fanke ta, want wy sille trouwe'. It wie trije dagen rinnen, safier wenne se út 'e reek. De jongfeint krige iten mei en de moarns yntiids stiek er ôf.
Hy hie al in hiel ein rûn, doe fûn er ûnderweis in hûn. Dy siet yn 'e strûken fêst en jankte earmhertich. De feint gong der hinne en makke de hûn los. It biest wie fersutere en ferlit. Hy streake him en helle him wat oan. Hy joech him wat iten fan syn eigen en wat drinken.
De jongkeardel rûn wer fierder en de hûn bleau by him. Op 't lêst wie it jûn en doe joegen se har del, de hûn njonken de jonge, en sa foelen se yn 'e sliep. Doe't de jonge de oare moarns wekker waard, wie de hûn fuort.
Hy rûn wer in dei en doe op 'e jûn hearde er in frouljuslûd. Der waard om help roppen. Hy rûn der op ôf en dêr seach er yn in groppe mei wetter in hiel âld minske lizzen. Dat lei sawat yn ûnmacht. Hy holp har der út en himmele har wat ôf. Hy tichteby stie in âld hok mei wat strie of hea der yn. Hy sei tsjin har: 'Dan sliepe wy hjir fannacht'.
It âld minske skodde fan 'e kjeld. Doe die er syn jas út en dêr bestoppe er har yn. Sa foelen se yn 'e sliep.
Mar de oare moarns, doe't er wekker waard, lei njonken him net mear dat âld minske, mar in tige kreas jongfaam. Mar al hoe moai en leidich as se wie, de jongfeint taalde net nei har. Iten en drinken koe se krije, en opstappe. Dat die se, mar doe wie se ek sa ynienen fuort.
De tredde deis rûn er fierder, en foar it ynfallen fan 'e nacht kaam er op 'e pleats oan dêr't it fanke wenne. Dy wie dêr no boerinne, want har heit wie al ferstoarn. Se ferwachte him, want se wist alles fan syn kommen ôf. Doe't har heit wei wie, hie se tocht oan syn wurden en harsels ôffrege: Soe er my ek trouwe om 'e sinten? Want se wie goed ta har ferstân kommen. Se hie safolle toverkunst leard, dat se harsels yn dy ferlitte, úthongere hún feroarje kinnen hie, want se woe witte, oft er ek mâl mei fee wie.
Doe't it dan bliken die, dat wie wol yn oarder, doe frege se harsels ôf, as ik skielk âld bin, en wy binne troud en hy hat de sinten, hoe sil er my dan behannelje? Dêrom feroare se har yn in âld minske. doe't er har út 'e goate helle en syn jas útdie en har dêrmei bestoppe, doe wist se, dat is ek sa't it wêze moat.
Mar doe hie se noch witte wollen, oft er har ek trou bliuwe soe en dêrom hie se har yn dy kreaze faam feroare. Doe't er dêr nei omseach, wist se, dat er dêr ek net op út wie en dat it him inkel om har gong.
Doe binne se dan troud en hawwe lang en gelokkich as boer en boerinne op dy pleats wenne.

Beschrijving
Een rijke boer verbiedt zijn dochter om te gaan met de zoon van een arme arbeider. Het meisje lijdt daaronder. De boer besluit ergens anders te gaan wonen, maar zijn dochter en de jongen spreken af dat ze over tien jaar getrouwd zullen zijn. Op een dag gaat de jongen op reis. Onderweg ziet hij een hond in de struiken vastzitten. Hij maakt hem los en de hond blijft hem volgen. Samen brengen ze de nacht door, maar de volgende morgen is de hond verdwenen. Als hij zijn reis weer vervolgd heeft, redt hij onderweg een oud vrouwtje uit het water. Hij geeft haar wat eten en drinken. De nacht brengt hij met haar door, de volgende dag is zij veranderd in een mooie vrouw. Maar de jongen trekt zich niets van haar aan. Hij reist verder, totdat hij bij de plaats aankomt waar het meisje woont met wie hij zou gaan trouwen. Ze vertelt dat zij de hond, het oude vrouwtje en de mooie vrouw is geweest om te zien of hij wel behulpzaam en trouw zou zijn. Nu zij overtuigd is, trouwt ze met hem.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 53
Commentaar
23 februari 1977
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20