Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE034 - De rjochtfeardige peetomke

Een sprookje (boek), maandag 21 juni 1976

Hoofdtekst

De rjochtfeardige peetomke
Op in doarp wie, sa't it ek heart, in smid. Dy smid wie sechtich jier âld, doe troude er mei de húshâldster. De húshâldster wie noch mar njoggenentritich. Doe't se in jier troud west hienen, krigen se in jonkje. Dêr hie de smid wol wat noed mei. Wa fiedt no sa'n jonkje op? frege er him ôf. As er skielk tweintich is, dan moat er in libbensdoel en in breawinning hawwe of teminsten in fak kenne. En wa sil him dêrby helpe? Ik wit ien rie - ik sil in peetomke foar him sjen te finen en dy moat echt rjochtfeardich wêze.
Der kaam in kreamwarster en de âld baas stiek ôf. Wêr sil 'k no hinne? frege er himsels ôf, doe't er in eintsje rûn hie en it al tsjuster wurden wie. Ja, dêr ha 'k him al: Simen winkelman, dat is myn man! Ik gean nei Simen, dat moat it jonkje syn peetomke wurde!
Hy wie hast oan Simen ta, doe kaam er in frommiske tsjin en dy spriek him oan: 'No, no, wat binne jo noch let op 'e lappen!'
'Ja', sei er, 'wy hawwe in jonkje krige'.
'Wel, wel!'
'Ja sjoch, in oar hat der wol neat mei nedich, mar ik kin it jo wol sizze. Sjoch, as it jonkje skielk safier is, dat er himsels rêde moat yn 'e wrâld, dan kin ik him dêr net mear yn foargean. Ik bin dan al tachtich, as ik it belibje mocht. Dat no wol ik in peetomke ha dy't rjochtfeardich is, want dat giet my boppe alles. Dêrom gean ik nei Simen winkelman ta'.
'Jo praten fan rjochtfeardich!' rôp it wyfke út. 'Krijt jo frou wol ris wat fan Simen? '
'Ja, alles'.
'No, jo moatte de sûker en de rys mar ris neiweage - fjouwer ûnzen is by him in pûn'.
De smid tocht, dan wurdt it neat mei Simen winkelman, en hy sjoude fierder. Wacht ris! Dêr kaam him ien yn 't sin: Jabik molktaper. Dat wie in ienfâldich mantsje. Hy hie in stik of seis kij, en de molke tape er út yn 'e buorren. De smid wie sawat oan 'e molktaper ta, doe moete er wer in frommis. Dy sei itselde tsjin him as de foarige: 'Wat binne jo noch let op in paad, baas!' Ja, sei de smid, sa en sa. En hy lei har de hiele kaart ek út.
'Woenen jo dy hawwe, seinen jo, as peetomke? Hoe komme jo der by! Jo koenen noait minder betinke! Krije jim ek molke fan him?'
'Ja'.
'En ha jim dy wol ris neimetten? Né, h'n. No, hy jout lang de mjitte net'.
De smid sjoude mismoedich fierder. Doe seach er in lange swarte man, barnhoutmeager. En dy frege him ek al, wat er sa let op 'e lappen moast. No, doe die er itselde ferhaal foar de tredde kear - hy socht in rjochtfeardige peetomke.
'Dat moat mar treffe', sei de lange swarte man, 'dan moatte jo my hawwe. Ik bin de rjochtfeardichheid yn eigen persoan. Ja wier'.
'Wel', sei de smid, 'it jonkje wurdt moarnier doopt. Jo komme yn tsjerke as peetomke en dan is dat foarmekoarren'.

De oare moarns stie de lange swarte man al by it tsjerkehek te wachtsjen, doe't de heit en de kreamwarster der mei de poppe oan kamen. Hy gong der mei yn en hy naam waar wat er as peetomke te dwaan hie. Hy hoegde neat te sizzen, hy wie peetomke.
'Jo geane fansels mei om kofje?' frege de kreamwarster nei ôfrin. Ja, dat woe er wol. Doe't er de kofje op hie, soe er opstappe. 'Nee', sei de smid, 'alles is sa moai beslein, wy nimme earst noch in slokje'.
Dat gong oan, en doe sei de kreamwarster: 'No stiet it iten yn 'e keuken op 'e tafel, dat ik soe graach wolle dat jim kommen, oars wurdt alles kâld.' De smid stie him ek wakker oan om mei te iten, en meimekoarren rekken se oan 't miel.
De peetomke iet in ûnbidigen soad, hy koe hast net sêd. Hy wie ek sa lang en sa meager. Nei iten naam de smid him mei nei de smidte. Allerhanne fernimstich ark en lytse masyntsjes en sa liet er him sjen. En doe rôp de kreamwarster: 'De thee is brún, hear!' En doe't de thee op wie, hie se in stik iten klear.
Lang om let sei de peetomke doch: 'No moat ik doch wrachtich nei hûs ta'.
'Ik sil jo in eintsje bringe', sei de smid.
It wie ûndertusken al aardich tsjuster wurden, en se hienen al in hiel ein rûn, doe fernaam de smid oan 'e fuotten wol, dat se by in skeante delgongen, by de hichte del. Se rûnen oant se yn in tige grutte ferljochte seal kamen. Dêr hinge in seine oan 'e stile. De peetomke naam dy seine dêrwei en begûn te harjen.
Doe sei de smid: 'Wat in lampen hjirre!'
'Ja', antwurde de swarte man, 'elke lampe stelt in persoan foar. It binne allegear glêzen boltsjes, dêr't oalje yn sit. En as sa'n ding leech is, dat wol sizze as de oalje opbrând is, dan stjert de besitter fan sa'n lampe'.
'Wat sines is dat?' frege de smid benijd, 'dy is noch hast fol oalje'.
De swarte man seach der efkes nei: 'Dat is de boargemaster sines. En dat is dominy sines - dêr sit ek noch genôch yn'.
'Dêr giet ek ien út', sei de smid.
De swarte man seach efkes: 'O, dat is Antsje bôlekoer harres - dan is dy no dea. It âld minske wie ek te'nein, hear'.
'Sjoch', rôp de smid, 'dêr giet aansen wer ien út!'
'Ja', sei de lange swarte man, 'dat binne jo'.
'Binne jo no krankjoarum! Krekt ha 'k in lyts jonke krige, en dan no al dea!'
'Der sit neat oars op'.
'Mar jit dan oalje fan 'e boargemaster oer yn minen!'
'Dat is net rjochtfeardich!'
Dy lange swarte man wie de Dea.

Onderwerp

AT 0332 - Godfather Death    AT 0332 - Godfather Death   

ATU 0332 - Godfather Death.    ATU 0332 - Godfather Death.   

Beschrijving

Een smid trouwt met zijn huishoudster. Ze krijgen een kind. De oude smid vindt dat het kind een rechtvaardige peetoom moet krijgen, die het kind kan bijstaan als hij daarvoor te oud is. De smid gaat op weg naar de kruidenier. Onderweg komt hij een vrouwtje tegen die hem ervan weerhoudt de kruidenier als peetoom te nemen, want hij schijnt zijn klanten te beduvelen bij het afwegen van de suiker en het meel. De smid ziet af van de kruidenier, maar denkt in de melkman wel een peetoom te vinden. Onderweg naar hem komt de smid een vrouwtje tegen: ook de melkman blijkt niet te deugen. Dan komt de smid een lange zwart geklede man tegen. Deze vindt zichzelf rechtvaardig en wil wel peetoom van het kind worden. Als het kind in de kerk gedoopt wordt, is de man ook aanwezig. Na de plechtigheid gaan ze naar het huis van de smid toe. Na gegeten en gedronken te hebben gaat de man weg. De smid brengt de man naar huis. Ze komen dan in een zaal terecht waar allemaal olielampjes branden. Zodra een lampje dooft, is er iemand gestorven. Plotseling dooft een lampje: het teken dat de smid is overleden. De smid zegt dan tegen de man: kun je niet wat olie uit het volle lampje van de burgemeester overgieten in die van mij? Nee, zegt de man, die niemand minder dan de Dood is, want dat zou onrechtvaardig zijn.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 55

Motief

Commentaar

21 juni 1976
Godfather Death

Naam Overig in Tekst

Jabik    Jabik   

Naam Locatie in Tekst

Simen    Simen   

de Dood    de Dood   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20