Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE036 - Tomkeman

Een sprookje (boek), vrijdag 21 oktober 1977

Hoofdtekst

Tomkeman
Tomkeman moast foar syn mem nei de winkel om moster te heljen. Hy krige in glêzen potsje mei en dat die de winkelman fol. Nei hûs ta gong er itselde paad lâns, oer it glêzen brechje. En dêr liet er, ta skrik fan himsels, it potsje mei moster falle en dat foel troch de brêge en kaam yn it wetter terjochte.
Tomkeman kaam skriemende by syn mem. Dy waard poerrazend en hjitte him: 'Helje my it hakblok en helje my it mes!' En Tomkeman skytskoarjend nei boppen en hy kaam mei it hakblok en it mes. Hy moast de holle op it blok lizze en — dea. It minske die Tomkeman yn in sek en bedobbe him earne efter yn 'e tún. En doe't de oaren thúskamen, doe wie it: 'Wêr is Tomkeman?' Mem wist it net. Gjinien wist it. De jûns kaam der ynienen in stim út 'e skoarstien, dy rôp sjongendewei:
'Vader, kom er eens onder de schoorsteen!'
En heit gong ûnder de skoarstien en der kaam in prachtige piip foar him út 'e skoarstien. Doe wie it de bern har bar - der wienen twa, in fanke en in jonge. De iene krige in pop en de oare in moai mes.
It wie efkes stil en doe song de stim:
'Moeke, kom er eens onder de schoorsteen!'
Mem doarst earst net. Se bleau stokstiif sitten, en dêr begriepen de oaren neat fan. Dy trúnden har wakker oan, en op 't lêst wie it doch safier: se hienen moeke ûnder de skoarstien.
No, en doe foel der in grouwe stien nei ûnderen, har krekt op 'e holle. En moeke wie dea.

Onderwerp

AT 0720 - My Mother Slew Me; My Father Ate Me. The Juniper Tree    AT 0720 - My Mother Slew Me; My Father Ate Me. The Juniper Tree   

ATU 0720 - The Juniper Tree    ATU 0720 - The Juniper Tree   

Beschrijving

Een jongetje gaat naar de winkel om voor zijn moeder mosterd te kopen. Als hij terugloopt naar huis, laat hij op een brug zijn pot met mosterd kapot vallen. Zijn moeder is razend, ze onthoofdt de jongen en begraaft hem in de tuin. Op de vraag van de anderen waar de jongen is gebleven, zegt de moeder het niet te weten. Plotseling hoort men een stem uit de schoorsteen komen. Vader moet onder de schoorsteen gaan staan. Hij doet dat en ontvangt een prachtige pijp. Het zusje en het broertje krijgen een pop en een mes. Ook aan moeder wordt gevraagd om onder de schoorsteen te komen staan. Wanneer ze het doet valt er een grote steen op haar hoofd en is ze dood.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 58

Motief

Commentaar

21 oktober 1977
My Mother Slew Me; My Father Ate Me. The Juniper Tree

Naam Overig in Tekst

Tomkeman    Tomkeman   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20