Hoofdtekst
Haw ik it dien?
By in boer tsjinne ris in faam, dêr hienen de manlju wol wat niget oan. De feint sloech der in pear kear mei om, mar doe, nee, hy woe der gjin ferkearing mei ha. De faam wie leidich en de boer koe har net ôfbliuwe. Doe moast se yn 'e kream, mar it bern wie dea, it hiet dat it stoarn wie. Miskien wienen der guon, dy't der wat fan tochten, miskien ek net. Der stoaren safolle bern by de berte. It iene earmke hong der wat slop by, doe't it bern, in famke, it deahimdsje oan krige en yn it kistke kaam. Miskien tochten guon der wat fan, miskien ek net. Soks hie men foarhinne mei befallings wol mear. Us iene jonge hie de earm, it skouder ek stikken.
It berntsje komt te hôf. En altyd-ivich, jûns, dan wurdt der in stim út dat grêfke heard en dy ropt: 'Oh myn earmke, myn earmke!'
Earst heart dat de deagraver. Hy giet by it grêfke stean en hy freget: 'Och leave stumper, docht dy it earmke noch sear?' 'Ja!' 'No, hoe komt dat sa? Haw ik it dien?' 'Nee, nee, nee, nee!'
Mar altyd-ivich, jûns, komt dy stim út it grêfke: 'Oh myn earmke, myn earmke!' Dêr wurdt oer praat. Dan tinkt de boerinne, ik moat der mar ris hinne. Sy hat dat bern op 't lêst ek yn 'e hannen hân. De boerinne komt by it grêfke en freget: 'Haw ik it dien?' 'Nee, nee, nee,' seit it stimke, 'jo binne net skuldich'. De boerinne giet nei hûs, mar altyd-ivich hearre se dat berntsje kleien: 'Oh myn earmke, myn earmke ! '
Dan tinkt de feint, ik mei der wol ris hinne, ik ha op 't lêst met de faam omslein. Hy komt op it tsjerkhôf en freget: 'Haw ik it dien?' 'Nee', seit se, 'hiesto it mar dien!' De feint giet nei hûs en altyd-ivich, jûns, klaget dêr dy stim út it grêfke.
Dat hâldt mar oan, en dan giet de boer nei it grêfke en freget: 'No leave, haw ik it dan dien?' 'Mei!' seit se, mear net: 'mei!' De boer giet nei hûs en altyd-ivich, jûns, hearre se dy stim út dat grêfke.
Lang om let tinkt de faam, no wol ik ek ris hinne—dy stim praat noait ien hielendal skjin, behalve poerfrjemdem, mar se jout ek noait ien de skuld. Dat past my wol. De faam hie eangst. Dan giet se hinne en freget: 'Haw ik it dien?' 'En dan komt de stim: 'Ja bliksem, do hast it dien!' De faam gong nei hûs en de stim út it grêfke kaam net wer.
Mar der wienen guon, dy hienen dat heard en doe waard de faam ferfolge en yn 'e finzenis set. Mar de boer lieten se gewurde.

Onderwerp
AT 0366 - The man from the gallows   
ATU 0366 - The Man from the Gallows.   
Beschrijving
Een meisje wordt zwanger van een boer. Nadat het kind geboren is, is het dood. De jonge moeder trekt het kindje haar doodshemdje aan en verdraait daarbij het armpje. Wanneer het kind begraven is klinkt uit het graf een stem: "Mijn armpje, mijn armpje." Achtereenvolgens komen de doodgraver, de boerin, een vroegere vriend van het meisje en de boer naar het graf met de vraag of zij schuldig zijn. Het antwoord is steeds ontkennend. Maar als de jonge moeder naar het graf gaat, zegt de stem: "Jij hebt het gedaan." Sindsdien komt er geen stem meer uit het graf. Het meisje is gestraft.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 58
Commentaar
9 december 1978
The Man from the Gallows
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20