Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE045 - Yn desimber silstû stjerre

Een sage (boek), dinsdag 31 augustus 1976

Hoofdtekst

Yn desimber silstu stierre
Mynhear Koelstra, de evangelist fan Twizelerheide hat my al ris in ferhaal ferteld, dat hat him ôfspile dy kant nei Lúnbert ta. Dêr wie ris in frou, dy sei tsjin har famke: 'Dû moatst even nei de winkel — dát ophelje!' It fanke wie ûnderweis nei de winkel en doe kaam har ien temjitte, dy sei: 'Yn desimber silstû stjerre'.
It famke hie de boadskippen dien en doe sei se tsjin har mem: 'Ik ha mei in man praat en dy sei tsjin my, ik soe yn desimber stjerre — wit mem dêr ek wat fan?' 'Ei nee, ju', sei de mem, 'ei, dat kin net!' It famke sei it ek tsjin har heit en de heit sei: 'Leau dêr mar neat fan'.
Mar it wie dat famke net ôf te praten. Hyltyd begûn se der wer oer, dat dy man dat sein hie. Doe gongen se mei har nei dominy. 'Ah', sei dominy, 'daar is niets van waar, hoor! Daar moet je niet over nadenken. Dat zijn maar praatjes, dat verbeeld je je maar'. 'Nee', sei it famke, 'ik ferbeeld it my net'. Se wie der net ôf te bringen. Altyd dat geseur, tocht de heit, en op 't lêst sei er: 'No, gean dan mar ris nei dy skuonmakker. Dat is ien fan 'e oare tsjerke. Miskien wit dy der wat fan'.
En dat famke dêrhinne. Dy skuonmakker wie tige thús yn 'e bibel, en it famke wist neat fan 'e bibel ôf. En de skuonmakker har dêr fertelle oer de bibel, oer it ûntstean fan 'e skepping en allegearre. Hy liet dat famke hyltyd mar wer by him komme en dan fertelde er har fierder út 'e bibel. En altyd wie se sûn en goed.
Mar desimber kaam yn 't lân en dat famke waarde siik en it waarde al minder en minder. En it wie foar de hjeldagen. En dêr stoar dat famke. Dat it wie doch utkommen, sa't se sels sein hie. En dat hat yn dy tiid, fertelde Koelstra wol ris, oan dy kant in hiele feroaring brocht. Dêr binne in hiele bult minsken ta it geloof kommen.

Beschrijving

Een meisje wordt door haar moeder naar de winkel gestuurd. Ze komt onderweg iemand tegen, die tegen haar zegt dat ze in december zal sterven. Thuis vraagt ze aan haar moeder en vader of dat waar is. Haar ouders weten van niets; de dominee denkt dat het meisje zich wat verbeeld heeft. De vader van het meisje wordt het gezeur een beetje moe en stuurt haar naar de schoenmaker, omdat hij goed thuis is in de bijbel. De schoenmaker vertelt haar het scheppingsverhaal. Daarna komt ze regelmatig bij hem en hoort dan andere verhalen uit de bijbel. Als het december wordt, wordt het meisje ziek. Ze sterft. De schokkende gebeurtenis brengt veel mensen tot bekering.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 70

Commentaar

31 augustus 1976

Naam Overig in Tekst

Koelstra    Koelstra   

Lúnbert    Lúnbert   

Bijbel    Bijbel   

Naam Locatie in Tekst

Twizelerheide    Twizelerheide   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20