Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE047 - Utstel fan 'e dea

Een sage (boek), dinsdag 31 augustus 1976

Hoofdtekst

Utstel fan 'e dea
Us pake wie tige siik en hy tocht, ik gean hinne. Mar doe begûn er te bidden en it is him krekt gongen as kening Hiskia. Hy krige útstel. Hoe't er dat wist, is slim te sizzen. Mar it is troch it geloof gongen, sa'n ynwindige stim of sa. De jonges moasten te meanen nei de Fryske Klaai, efter Snits. Dy doarsten har net ôfjaan, omdat har heit sa min lei. 'Gean mar gerêst fan hûs', sei er, 'want ik ha útstel krige. Dat ik bliuw noch tsien jier yn 't libben'. Doe binne se ôfset en pake is wer better wurden.
En doe tsjien jier letter soe er nei 't lân ta mei kofje en doe krige er in beroerte. Hy rekke op bêd en doe sei er tsjin 'e jonges: 'No moatte jimme allegear by it bêd komme, want de tsien jier binne om en de ein is der. Lit ús no meiïnoarren noch sjonge fan: Geloofd zij God met diepst ontzag'. En sy hienen de psalm útsongen en hy joech de geest.
Dat hat heit ús foarhinne faak ferteld.

Beschrijving

Een grootvader is stervende. Hij bidt en hoort een inwendige stem zegggen dat hij nog tien jaar te leven heeft. Wanneer de tien jaar voorbij zijn krijgt opa een beroerte. Hij laat zijn kinderen bij zijn bed komen en zingt met hen een psalm. Daarna overlijdt opa.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 72

Commentaar

31 augustus 1976

Naam Overig in Tekst

Hiskia    Hiskia   

Fryske Klaai    Fryske Klaai   

God    God   

Naam Locatie in Tekst

Snits    Snits   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20