Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ000406

Een sage (mondeling), woensdag 08 december 1965

Hoofdtekst

Der wie in fanke, dat soe trouwe mei in roomske man. Sels wie se net rooms. Har heit wie hiel bot op dy trouwerij tsjin. Op 'e dei dat se trouwe soenen hied er in ein peal meinom. Dêr soed er ien fan harren mei deaslaen.
Underweis trof de pryster him. Dy soe it jonge pear trouwe.
"Man, jo binne wapene. Hwat sille jo?" frege de pryster. De man sei sa en sa.
"Dan kinne jo hjir wol wachtsje. Bliuwe jo hjir salang mar stean." Doe koe dy heit mei gjin mooglikheit fan 't sté komme. De jouns stie hy der nòch. Doe kom de pryster der wer lâns. Hy sei: "Nou kinne jo wol wer fuort gean. Se binne troud."

Onderwerp

SINSAG 0666 - Zauberer bannt an den Ort.    SINSAG 0666 - Zauberer bannt an den Ort.   

Beschrijving

Vader die tegen huwelijk van dochter is en van plan is één van hen te doden, wordt door priester vastgezet totdat ze getrouwd zijn.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 4, verhaal 6 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

8 december 1965
Zauberer bannt an den Ort

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21