Hoofdtekst
Achter Ljouwert moat in boer west ha, dy't net in sint mear hie. Syn pleats wie oanein, en as der in stoarm kom, koe alles wol ynstoarte. De man wie syn rie to'n ein.
Op in joune stied er op it hiem. Dêr kaem in mynhear oankuijerjen. Jo lykje wol mismoedich, sei dy.
Dat bin ik ek andere de boer en doe fortelde hy hoe slim as hy der oan ta wie en dat er sa'n forlet fan jild hie.
Ik wyt wol rie, sei dy mynhear. Jo krije in nije pleats fan my. Ik bin de duvel. Hy wurdt fannacht noch boud, moarn foardat de earste hoanne kraeit is er klear. Mar dan moat ik jou siele ha.
De boer sei: It moat mar wêze en hy sleat it kontrakt. Mar it bitingst wie, de pleats soe alhiel boud wêze foardat de oare moarns de earste hoanne kraeide. Dêr moast de duvel him oan hâlde, oars jildde it net.
Doe't de duvel fuort wie bigoun de boer nei to tinken. Hwat hied er dien? Syn siele soed er kwyt reitsje. Hy krige it krap en syn wiif fornom dat.
Mar earst woed er net sizze hwat der oan skeelde. Op it lêst, doe sei er it.
Mar it minske wie snoad. Hja sei: Lit alles mar oan my oer. Hja gongen op bêd, en dêr gong it al op in timmerjen en dwaen. Doe't dat in skoft sa oanhâlden hie, sei de boerinne: Sjoch ris hoe fier as se binne.
De muorren stean der al, sei de boer.
Even letter frege it minske wer: Hoe fier binne se nou?
Sy sille bigjinne to dekken, sei de boer.
Wer even letter frege se nochris: Hoe fier is it nou?
De boer sei: It is oan 'e ûlebuorden ta.
Moai sei se, en fuort dêr achteroan bigoun se lûd to kraeijen.
Dat hearde de hoanne en dy antwurde.
De pleats wie noch krekt net ôf, dat de duvel hie 't forlern. De frou wie him to snoad ôf west.
Dêr kom er al oan, hy wie pûr.
Noait, sei er sil der yn dizze pleats in ûleboerd sitten bliuwe.
En dêr hied er gelyk oan. Der woe net in ûleboerd yn dy pleats bliuwe. Tominsten net in houten. Mar doe ha se der in stiennen ûleboerd yn set en dat bleau der yn. Sa hat dy pleats de namme krigen fan 'De Stiennen Ulebuorden'.

Onderwerp
VDK 1191A* - Voor de haan kraait boerderij bouwen   
ATU 0810A* - The Priest and the Devil.   
Beschrijving
Boer verkoopt ziel aan de duivel die boerderij voor hem bouwt en oplevert voordat een haan kraait. De duivel verliest doordat de boerin gaat kraaien en antwoord krijgt van een haan voordat de uileborden worden bevestigd. De duivel zegt dat uileborden niet blijven zitten. Dat klopt, maar stenen uileborden blijven wel zitten.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 6, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
circa 1965
Voor de haan kraait boerderij bouwen
Naam Overig in Tekst
De Stenen Uilenborden   
De Stiennen Ulebuorden   
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Leeuwarden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21