Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ000602

Een sprookje (mondeling), 1963 - 1966

Hoofdtekst

Der wienen in man en in frou. Dy wienen och sa earm. It minske siet soms to skriemen, sa krap hienen se it. Se hienen in jonkje, mar dêr hienen se hast gjin iten of drinken foar.
Op in kear kom der in mynhear by de frou. Dat wie de duvel. Hwerom skrieme jo? frege er.
Doe fortelde dy him, dat se it sa krap hienen, dat se hast net troch de tiid komme koenen.
Doe sei de duvel: Dat kin wol oars.
Hoe dan? frege se.
As ik dat jonkje fan jo krij, sille jo in hiel soad jild ha. Dat griisde de mem bot oan, mar op it lêst sei se: It mat mar wêze.
As it bern fan 't boarst ôf wie, soe de duvel it ophelje.
Sa kommen se oerien.
Nei forrin fan jierren, dêr kom de duvel om it jonkje. Och lit it my hâlde, sei it minske en sy skriemde hiel bot. De duvel sei: Ik sil de jonge trije fragen foarlizze. Kin er dy biantwurdzje, dan hâlde jo de jonge. Mar as der ek mar ien fraech by is dy't er net biantwurdzje kin, dan nim ik him mei. De duvel tochte: De fragen dy't ik bitink, wyt er fêst net it goeije antwurd op.
De duvel frege: Hoe djip is de sé?
Een steenworp, sei de jonge. Dat wie goed.
Doe frege de duvel: Wat is zoeter dan zoet?
Mijn moeders borst, sei de jonge. Hwant mei de molke út de boarsten wied er altyd fuorre woarn. Dat wie ek goed.
Doe kom de trêdde fraech fan 'e duvel. Wat is harder dan hard?
Het hart van mijn moeder, sei de jonge, hwant dy woe my oan 'e duvel forkeapje.
Alle trije antwurden wienen goed, dat de duvel hie 't forlern. Hy gong fuort, mar doe wie 't mei 't jild jaen ek dien.

Onderwerp

AT 0812 - The Devil's Riddle    AT 0812 - The Devil's Riddle   

ATU 0812 - The Devil’s Riddle.    ATU 0812 - The Devil’s Riddle.   

Beschrijving

Arme ouders zullen veel geld ontvangen van de duivel als hij hun zoon als hij geen moedermelk meer drinkt, komt ophalen. Op dat moment wil de moeder hem toch houden, waarmee de duivel akkoord gaat op voorwaarde dat de zoon drie vragen goed kan beantwoorden. De duivel verliest.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 6, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

circa 1965
The devil's riddle

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21