Hoofdtekst
De ûnsichtbere mier
In mier stie yn 't lân te meanen. Hy koe omraak mei de seine omgean. Hy feegde der no ek yn, want hy tochte, as ik dit der hjoed ôf krij, dan bin 'k oars klear! Hy wie dêr allinnich yn 't fjild en hie oars gjin prakkesaasjes as by syn meanen. Mar hy hie al in pear kear tocht, hea, it is krekt as wurdt der njonken my ek meand. Hy loerde sa no en dan al ris fansiden, mar dan seach er neat. Hy tochte, no, dat is doch frjemd! Niis stie it gêrs dêr noch op stannen en no leit it oan 't swee. Hoe kin dat?
En hy mar meane. Want hy tochte, ik sil dy foar bliuwe! Asto dan mienste, datsto baas biste—do silst my net bemeane! En hy feegde noch hurder oan.
Mar salang as er meande, fernaam er dy oare ek njonken him, hoewol't er him net seach. Hy meande mar en hy meande mar. Lykwols, op 't lêst koe er net mear. Hy moast efkes opsje hâlde. En it nuvere wie doe wie dy oare ek fuort.
Dit is dan in duvekers raar spul, sei er. Hy hie wol yn 'e rekken, dat it de kweade wie. Hy tochte, witte jim wat! Ik gean oer de feart en dan mean ik dêr yn dat oare stik lan, dat moat der doch ek ôf. Dan kin er noait by my komme—oer 't wetter komt er net, want wetter binne se bang foar. Lit it dan mar komme, sa't it komt.
Hy meande yn it lân oer de feart. Hy meande, hy tocht: ferdeald, no is hjir doch wer ien tsjin my oan 'e gong! 'En do silst gjin baas wurde!' rIop er lûd. Hy meande wer mei foarsje, mar dy't njonken him yn 't mêd stie bleau him op 'e side. Op 't lêst hie er dat hiele miedstik der hast ôf. Doe koe er net mear. Hy foel del.
De ûnsichtbere njonken him meande noch in pear slaggen troch. Hy hie it wûn en de mier wie dea.

Beschrijving
Op het land staat een maaier het gras te maaien. Hij is alleen in het veld en denkt dat het gras dat hij met de zeis op een rij maait door een onzichtbare maaier gemaaid wordt. Hij probeert die maaier voor te blijven, maar dat lukt hem niet. Hij gaat als een bezetene tekeer tot hij niet meer kan. Hij stopt even, en zowaar: de onzichtbare maaier stopt ook. Hij is zo verbaasd dat hij denkt dat hij met de duivel te doen heeft. Hij besluit om het veld aan de andere kant van de vaart te gaan maaien want dat moet er per slot van rekening ook af. En de duivel komt daar toch niet want de die is bang voor water. Maar ook daar is de onzichtbare maaier aan het werk.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p.79
Commentaar
17 oktober 1977
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20