Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE058 - Tolve slaggen op it ambyld

Een sage (boek), woensdag 04 januari 1978

Hoofdtekst

Tolve slaggen op it ambyld
In foarnaam hear dy't op in slot wenne soe op in kear tige heech besyk krije. Hy liet alles yn oarder bringe. Doe beseach er syn homeie en dy stie him net oan. De smid yn 't doarp wie in keunstner yn syn fak en dy krige de opdracht om in prachtich moai izeren homeichek te smeien. Se makken in dúdlike ôfspraak, it moast foar de dei fan it besyk klear wêze. En o wee, as it net klear wie!
De smid rekke der mei te set, mar hy murk al ridlik gau, dat de tiid eigentliken te koart wie. En doe woe it hielendal net mear eine mei dat wurk. De jûns tefoaren, hy seach it wol: it kaam lang net klear, en der siet er ferskriklik oer yn. Ynienen stie der in frjemdling njonken him en dat wie de duvel. Dy bea him oan, hy soe dat hekwurk deselde nacht, foardat de klok tolve sloech, dien hawwe. Fansels, de duvel moast de smid syn siel ha. Wie it wurk om tolve oere net ôf, dan gou it hiele akkoart net. Mar it kaam wol ôf, sei de duvel, dêr hoegde de smid gjin noed mei te hawwen; hy koe him mar gerêst deljaan.
De smid gong op bêd. Mar hy siet wol yn noed, net om it smeiwurk, mar om syn siele. Sliepe koe er net. Tsien oere hearde er de klok slaan, healwei alven, alve oere . . . healwei tolven. It waard wat langer wat slimmer mei syn oerstjoerens. Mar ynienen, hy krige in idee. Hy der ôf en de klean oan. Súntsjes slûpte er ta de smidte yn. De duvel wie noch dwaande mei it hekwurk, mar der mankearde net folle mear oan. Foar tolven soe er it ôf hawwe, dat seach de smid wol.
Stil krige er in foarhammer, en fiif minuten foar tolven, dêr liet er him op it ambyld falle, tolve egale slaggen, stadich as in oerwurk.
De duvel hearde dy tolve slaggen. Hy seach op noch om, it wurk smiet er del en hy strGsde fuort. Hy rûn troch de buorren en der sloech de toersklok: tolve oere. Doe tocht de duvel: duvel noch ta! No hie 'k it doch folbringe kinnen, mar ik ha my ferrifelje litten troch dy smid! Mar it spul wie ferlern en hy makke dat er ta it doarp út kaam.
De smid teach wer oan 't wurk; it bytsje dat der noch oan it homeiestek mankearde koe er maklik ôf. De oare moarns siet it te plak.

Beschrijving

Een voornaam heer verwacht hoog bezoek en laat alles in orde maken. De smid krijgt de opdracht om een nieuw hek te smeden. Hij gaat aan het werk maar merkt al gauw dat hij het niet op tijd af krijgt. De avond voor de oplevering komt de duivel bij hem en biedt hem zijn hulp aan. Voor twaalf uur zal de duivel het hek af hebben, in ruil daarvoor moet de smid zijn ziel aan hem afstaan. De smid gaat naar bed maar kan niet in slaap komen. Hij sluipt naar de smederij en ziet dat de duivel haast klaar is met het werk. De smid pakt daarop de voorhamer en slaat twaalf keer op het aambeeld. De duivel denkt dat hij gefaald heeft en vlucht. Dan hoort hij de klok twaalf uur slaan en weet hij dat de smid hem te slim af is geweest. De smid maakt de rest van het hek zelf af.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p.79-81

Commentaar

4 en 11 januari 1978
Tweede verteller is zijn broer Piter van der Brug

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20