Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE065 - De snider en de ierdmantsjes

Een sage (boek), donderdag 17 november 1977

Hoofdtekst

De snider en de ierdmantsjes
'Jimme moatte net al te ticht by de hurddobbe komme', sei beppe dan wol, 'want dêr sitte ierdmantsjes yn'. Sjoch, fan âldsher hienen se it fjoer op 'e hurd. Dêr siet in grut gat en dêr kaam de jiske yn. Dat wie de hurddobbe. Nachts om tolve oere kamen de ierdmantsjes der út, oerdei seach men se net. Mar de hurddobbe waard wol ris leechskept en dan moasten dy mantsjes in útwei sykje. By de measte pleatsen hienen se foarhinne grouwe stiennen efterhûs lizzen—dat sjocht men no safolle net m ear. Dy stiennen h ienen de boeren dêr lizzen foar de ierdmantsjes— wannear't de hurddobbe leech moast, dan glûpten se der as de donder ûnder.
Mar nachts om tolve oere, dan dienen de ierd ma ntsj es goede en kweade dingen. Hie immen wat útheefd, dat net troch de bûgel koe, dan piperen se him dat yn; sa'nien woenen se straffe. De skea dy't immen fan in oar syn ûndogense streken hie ferholpen se safolle mooglik. Ek oars stienen se de goede minsken wol by.
No wie der ris in snider, dat wie in goed fakman, mar út syn aard de fluchste net. Wurk hie er by de rûs, mar hy koe der noait troch komme, ek mei in feint net. Mar wat er net ôf hie dat lei er jûns op 'e sniderstafel en de oare moarns wie it dien. Dat wienen dan de ierdmantsjes dy't út 'e hurddobbe kamen en dy goede man troch it wurk holpen. Sa hie er in fleurich bestean.
De snidersfeint wie net nijsgjirrich, mar hy woe wol graach alles witte. Hy hie de baas al wit hoe faak frege, wa't nachts doch it wurk dienen, mar dat sei de snider net. Op in jûntiid tocht dy feint, ik wol doch gewaar wurde, wa't hjir nachts yn 'e hûs omslane. Doe struide er yn 'e sniderswinkel griene earten oer de flier. De nachts kamen de ierdmantsjes wer om it wurk te dwaan, mar dy stroffelen oer dy earten en dat waard in hiel trelit—skreauwe en rarichheden.
Sa kaam de moard út. It waard bekend, dat baas it wurk net ôf koe en dat de ierdmantsjes it dienen. Doe rekke er de measte klandyzje kwyt, want de minsken woenen gjin klean oan ha dy't fan 'e ierdmantsjes makke wienen. Dêr siet duvelderij en sa mei ûnder. Doe moast de baas syn feint wol dien jaan, mar himsels gong it ek net langer foar de wyn, want as er alris wat tefolle wurk hie, dan holpen de ierdmantsjes him net mear.

Onderwerp

SINSAG 0063 - Die hilfsbereiten Zwerge arbeiten in der Nacht für die Menschen für Nahrungsmittel (Tabak, Geld)    SINSAG 0063 - Die hilfsbereiten Zwerge arbeiten in der Nacht für die Menschen für Nahrungsmittel (Tabak, Geld)   

Beschrijving

De aardmannetjes wonen in een groot gat in de haardkuil. Overdag ziet men ze niet, maar 's nachts om twaalf uur komen ze tevoorschijn om goede daden te doen, maar ook om ondeugende streken uit te halen. Zo was er eens een kleermaker die wel een goede vakman was, maar niet erg vlug. Het werk dat hij niet klaar kreeg legde hij op de snijderstafel en dat werd dan door de aardmannetjes gedaan. Zijn knecht is nieuwsgierig naar wie dat werk toch altijd doet. Hij strooit erwten over de vloer en de aardmannetjes struikelen. Nu weet iedereen dat de aardmannetjes het werk deden en raakt de kleermaker zijn klandizie kwijt.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 91-92

Commentaar

17 november 1977
Die hilfsbereiten Zwerge arbeiten in der Nacht für die Menschen für Nahrungsmittel (Tabak, Geld)

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20